In Memoriam Dónall Ó Riagáin (Dublin, 1941 – Naas, 2026)

As der ien west hat dy’t him o sa ward hat om op Europeesk nivo de lytse talen fan Europa sa te stypjen dat der in Europeesk Hânfêst foar kaam dan is dat grif Dónall Ó Riagáin.

Berne en opgroeid yn Dublin, sette er him yn de jierren santich al hiel bot yn foar de Ierske taal. Mei de Noard-Ierske Europarlemintariër John Hume wurke er begjin jierren tachtich gear om stipe te krijen foar de resolúsjes fan de Italjaanske sosjalistyske Europarlemintariër Gaetano Arfé. Doe’t dy resolúsjes fan 1981 en 1983 troch it Europeesk Parlemint oannommen wiene, kaam der Europeesk jild frij foar lytse talen en koe úteinset wurde mei it Europeesk Buro foar Lytse Talen dêr’t hy earst de earste foarsitter en letter de earste siktaris-generaal fan waard. As sadanich sette er him yn foar it tastânbringen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen dat yn juny 1992 troch in grutte mearderheid fan de Rie fan Europa oannommen waard, mar dêrnei noch wol troch de ûnderskate lidsteaten ratifisearre wurde moast.

Yn Dublin 1996. Ut Contact Bulletin (mei tastimming fan Diarmaid Breathnach)

Fan 1992-1998 makke ik him mei doe’t ik beneamd waard ta deistich bestjoerslid fan dat Europeesk Buro. Om de lannen sa fier te krijen dat akkoard gean soene mei alteast dielen fan dat hânfêst wie net in lytse opjefte. Dêrfoar fersette Ó Riagáin in soad lobbywurk. Wat wie it in feest dat yn 1996 de Nederlânske oerheid lang om let it Frysk opjoech foar it grut tal konkrete stappen oangeande it beskermjen dêrfan dy’t neamd wurde yn Diel III fan it hânfêst. Likegoed duorre it noch oant 2001 ear’t de Nederlânske oerheid datoangeande in konvenant sleat mei de provinsje Fryslân, dy’t letter bekendheid krige as de Bestjoersôfspraken Fryske Taal en Kultuer.

Dónall Ó Riagáin liet him kenne as in freonlike en tagonklike man. Tagelyk wie er ien fan trochsetten en fêsthâlden; hy liet syn ein net gau slûpe. Sels makke ik dat mei yn in gearkomste yn 1996 yn in gearkomste mei Michael D. Higgins, de lettere Ierske presidint, dy’t doe minister fan kultuer en de Gaeltacht wie en mei wa’t Dónall Ó Riagáin dúdlike ôfspraken meitsje woe oer in wetlike basis foar it takennen fan Europeesk jild oan regionale of minderheidstalen.

Ek nei syn offisjele pensjonearring bleau  Ó Riagáin aktyf. Hy wurke oan projekten oangeande frede en taalrjochten yn Noard-Ierlân en stipe taalmienskippen yn ferskate parten fan de eardere Sovjet-Uny. Oan de ein fan 2025 ta bleau er aktyf belutsen by Cill Dara le Gaeilge, in organisaasje dy’t him ynset foar de fersterking fan de Ierske taal yn Kildare. In pear kear haw ik it foarrjocht hân om by him en syn frou Treasa yn Naas te iten. Yn de Iersktalige mienskip dêr spile er in wichtige rol. As pionier foar wetjouwing oangeande lytse talen yn Europa kin syn belang net gau oerskat wurde.

Dónall Ó Riagáin yn 2013. Fan Foras na Gaeilge, fotograaf: Máire Uí Mhaicín

Mei tank oan Diarmaid Breathnach, in neiste meiwurker fan Dónall Ó Riagáin,

Jelle Krol

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *