Biltse taal presintearre yn Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint

Yntergroup_2016It Bilts, Frysk en it Nedersaksysk stiene op 10 maart 2016 op de wurklist fan de Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint yn Straatsburch. EBLT-foarsitter en ‘native speaker’ Froukje de Jong hie de eare om foar de alderearste kear it ferhaal fan it Bilts te fertellen oan in ynteressearre groep fan mear as tritich Europarlemintariërs, fraksjemeiwurkers en lobbyïsten. De Ingelsktalige presintaasje fan De Jong waard simultaan oerset yn it Spaansk, Poals en Hongaarsk. It Bilts is foar de Intergroup nijsgjirrich, omdat de gemeente It Bildt yn febrewaris by it Ryk it fersyk yntsjinne om it Bilts op te nimmen yn it Europeesk Hânfêst fan Regionale en Minderheidstalen. Ut namme fan de Intergroup wie Europarlemintariër Nils Torvalds, in Sweedsktalige Fin, dêrby oanwêzich.

It Bilts waard presintearre as ‘in minderheid yn in minderheid’, mar dêrby ek de aktuele oanlieding: Troch de gemeentlike weryndieling wurdt it Bilts yn 2018 in minderheidstaal yn eigen gemeente. Foar in lykwichtich taalbelied yn de nije trijetalige gemeente Waadhoeke is it fan belang dat ek it Bilts erkend wurdt, sa lei Froukje de Jong út. Yn it publyk sieten ek in pear Friezen: Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea komplimintearre de Fryske delegaasje mei harren presintaasje. Ek FUEN-lobbyïst Frank de Boer wie by de gearkomste oanwêzich.

De yntergroup woe graach wite hoe’t it giet mei de minderheidstalen yn Nederlân, omdat Nederlân dit heal jier foarsitter is fan de Europeeske Uny. Boppedat wurdt it neilibjen fan it Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen troch Nederlân op dit stuit ûndersocht troch de Committee of Experts fan de Ried fan Europa. Ald-EBLT-foarsitter Onno Falkena joech ynformaasje oer it Frysk en it Nedersaksysk. Hy fertelde dat it Frysk gauris oan krapperein komt, sadree’t der sprake is fan skaalfergrutting by oerheidsorganisaasjes, lykas de rjochtbank, de plysje of de belestingtsjinst. Nederlân is goed yn it op papier setten fan moaie yntinsjes, lykas yn de Wet gebruik Friese taal, mar is dúdlik minder goed yn de ymplementaasje, sa sei hy.

Yn it ûnderwiis besteane grutte ferskillen tusken de skoallen yn Fryslân; de trijetalige skoallen dogge it sûnder mis goed, ek op it mêd fan it Frysk, mar der binne ek in soad skoallen dy’t mar in bytsje oan it Frysk dogge. De einkonklúzje op it mêd fan it ûnderwiis is sadwaande dat Nederlân (noch) net foldocht oan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Mar Falkena wiisde ek op positive ûntwikkelings lykas it beskikber kommen fan it Frysk yn Google Translate en de konklúzje fan Fryske Akademy-ûndersyk dat jongere generaasjes mear Frysk skriuwe – ûnder oare op social media – as âldere generaasjes.

De situaasje fan it Nedersaksysk is lestiger. Foar dizze taalgroep is yn Nederlân op lanlik nivo noch noait belied makke, ek al hat Nederlân him dêr neffens it Hânfêst wol ta ferplichte. It is sadwaande goed te begripen dat Nedersaksyske organisaasjes as SONT stribje nei in heger nivo fan erkenning, ek al omdat Dútslân mear yn de taal ynvestearret as Nederlân. De Ried fan Europa advisearret Nederlân en ek Nedersaksyske organisaasjes om útein te setten mei in goed ûnderwiisoanbod yn de taal. It draachflak dêrfoar liket gelokkich ta te nimmen. It komt der no op oan dat it net by moaie wurden bliuwt.

Dat in beheint oantal sprekkers neat seit oer de mooglikheden om in taal wol of net te erkennen die bliken út de twadde presintaasje by de Intergroup fan ôfrûne wike, want dy gie oer it Cornish, de tige lytse Keltyske taal fan Cornwall yn it uterste súdwesten fan Ingelân. De taal wie offisjeel al útstoarn yn de 19de ieu, mar wurdt no dochs wer sprutsen troch in groep fan sa’n 600 minsken. By de fragen nei ôfrin fan de presintaasje troch Katie Cavell, de lobbyïste foar Cornwall yn Brussel, bleau it hiel skoft stil doe’t foarsitter Jordi Sebastia fan de Intergroup har frege om it Cornish klinke te litten. Cavell heart, safolle waard wol dúdlik, net by de groep fan 600 aktive sprekkers. It seit himsels dat de EBLT-delegaasje yn Brussel dit probleem net hie. Froukje de Jong is graach ree om Bilts te praten, seker as de minsken der om freegje…

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *