De kulturele produksje ‘Als bomen kunnen wandelen’ by Obe, poadium foar Fryske kultuer, fertelt dizze simmer tusken 7 maaie en 14 augustus it ferhaal achter Bosk: de mear as tûzen seis, sân meter hege beammen dy’t troch de binnenstêd fan Ljouwert ‘kuierje’ en fia alve lokaasjes úteinlik op it Aldehoustertsjerkhôf einigje.
De kuierjende bosk is basearre op it essay Planet Paradise fan Bruno Doedens, artistyk lieder fan Bosk. Yn dit essay ropt er op it ferhaal fan de ierde op ’e nij te skriuwen. Net allinne de natuer hat dêr baat by, de minske ek. We hawwe nije ferhalen nedich dêr’t we yn leauwe kinne, want it ferhaal fan no is te belêstend foar de ierde. De kulturele produksje ‘Als bomen kunnen wandelen’ draacht dat boadskip út mei in multydissiplinêr programma wêryn it Boskpoadium in sintrale rol spilet. It fertelt en ûndersiket de sintrale fraach fan Bosk: wat kinne we leare fan beammen?
Fan rûp nei flinter
Yn Obe makket de besiker de transysje fan ego-tinken nei eko-tinken, de transysje fan rûp nei flinter. De minske: warber, ûndernimmend en by steat ta bysûndere prestaasjes. Fan komplekse organisaasjestruktueren oant ûnfoarstelbere technyk en ymminse bouwurken: de minske kin én docht it allegearre. De oare kant? De minske tinkt foaral oan de minske, en net sa bot oan de ierde. Hoe transformearje we ús ego-tinken yn eko-tinken?
Plantsje in beam-belofte
By in besite oan Obe falle in seis meter grutte stielen rûp en flinter fuort op. By de start binne se noch keal, mar besikers wurde útnûge lapkes stof oan de rûp of flinter te knoopjen. Mei dat ritueel ferbine se har oan de belofte in beam te plantsjen, en dêrnei it leafst nóch in beam op elke kommende jierdei. As betankje oan de ierde. Alle lapkes stof soargje derfoar dat de rûp en flinter oan de ein fan de produksje in eksploazje fan beloften binne.
Boskpoadium
It Boskpoadium is it multydissiplinêre programma fan ‘Als bomen kunnen wandelen’ dat net foar neat yn de eko-romte is: dêr wêr’t we ús in foarstelling meitsje fan de wrâld fan moarn. Keunstners, artysten, makkers, partners en publyk wurde útnûge om mei te tinken, te meitsjen, te ûndersykjen en te presintearjen by de sintrale fraach ‘wat kinne we leare fan beammen?’ Dêrmei wurdt Obe in libben publyksplak.
Yn Boskpoadium siket Tresoar bewust de gearwurking mei ferskate kulturele organisaasjes, artysten of kollektiven dy’t as kurator fan it programma fungearje. Dat liedt ta in breed ferskaat wykeinprogramma, lykas in jûn mei livemuzyk, workshops op it mêd fan duorsumens, in performance of in jûn mei spoken word, dichtkeunst en rap.
Bosklab
Yn it Bosklab wurkje sa’n fiifentweintich makkers oan ferskate artistike projekten dy’t op allerhanne Bosklokaasjes binne. Elke trije wiken is in oare makker oan it wurk yn it Bosklab, ynspirearre troch de sintrale fraach wat we fan beammen leare kinne om ússels op ‘e nij út fine te kinnen. Dy makkers jouwe by it Boskpoadium in koart optreden dêr’t se mear oer har projekt fertelle.
Oprop en mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer ‘Bosk by Obe – Als bomen kunnen wandelen’, it Boskpoadiumprogramma en de oprop fan Tresoar oan it publyk om in kollektestik te dielen oer de skiednis fan bosk en natuer yn Fryslân, is te finen op de webside fan Tresoar.
‘Bosk by Obe – Als bomen kunnen wandelen’ is in gearwurking fan Tresoar en Arcadia.