“Canadian experience on bi-lingualism and multiculturalism”

Ut namme fan de direksje fan de Fryske Akademy/it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen noegje wy jo fan herten út foar it bywenjen fan de lêzing, dy’t James Lambert (Ambassadeur fan Kanada) nije wike – by syn wurkbesite oan Fryslân – op tiisdei 5 novimber hâlde sil by de Fryske Akademy:

“Canadian experience on bi-lingualism and multiculturalism”

Datum: tiisdei 5 novimber 2013
Tiid: 11.00-12.00 oere
Plak: Kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy, Doelestrjitte 4-6, 8911 DX Ljouwert
Tagong: fergees

Graach binne wy op de hichte fan jo komst. Wolle jo dêrta in berjocht stjoere oan baly@fryske-akademy.nl?

Wy tidigje op jo kommen!

As jo minsken witte dy’t dit tema nei alle gedachten ek nijsgjirrich fine, stjoer dizze útnoeging gerêst troch.

Mei hertlike groetnisse en graach oant sjen!

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *