Digitale stipe foar rymjende Fryskskriuwers

De tiid fan dichtsjen en rymjen komt der wer oan as Sinteklaas ynkoarten foet oan wâl set. Yn it ferlet fan alle helpsinteklazen, hobbyrappers en aspirant-dichters wurdt no foarsjoen.

Op sneintemiddei 12 novimber 2023, hat de Fryske Akademy, yn ‘e mande mei rapper/kollumnist Pieter Zijlstra en syn maten, Sweder Oosterkamp en Teun de Vries, it ‘rymwurdboek’ pesintearre.

rymwurdboek op Frysker

It rymwurdboek is in útwreiding fan Frysker.nl, it digitale skriuwark dat stipe jout by it opstellen, staverjen en oersetten fan Fryske teksten. It rymwurdboek is streekrjocht te benaderjen fia Frysker.nl/rymje en fia rymwurdboek.nl.

Al langer hie de Fryske Akademy de winsk om wat mei rym te dwaan, mar dan wol op wittenskiplike basis. Der lei ek in ferlet yn de mienskip. Dat waard earder dit jier ferwurde yn in kollum fan Pieter Zijlstra yn de Leeuwarder Courant. Yn ‘e mande mei him en twa fan syn maten, Teun de Vries en Sweder Oosterkamp, is wurke oan in earste ferzje dy’t fan 12 novimber ôf troch elk brûkt wurde kin.

Hoe’t it wurket
It rymwurdboek is basearre op wurdlisten en fonetysk skrift, de wize wêrop’t klanken yn in taal fêstlein wurde. Nei it ynfieren fan in rymwurd, siket it wurdboek yn trije stappen nei wurden dy’t rymje.  As earste wurdt bepaald mei welk part fan it rymwurd socht wurde sil. Dat bart op basis fan it tal wurdlidden (lettergrepen), dêrby wurdt der ek rekken mei holden dat guon bylûden fuortfalle yn it fonetyske alfabet en mei stomme lûden. Dêrnei wurdt sjoen hokker wurden gelyk einigje kwa klank. As lêste wurde alle resultaten filtere en sortearre. It rymwurdboek sjocht dan nei hoe faak oft de wurden foarkomme, oft se ferâldere binne, en oft it foarkarsfoarmen binne of farianten. By it sortearjen wurdt earst groepearre op tal wurdlidden en dan oardere op suver rym of healrym, ynterne oerienkomsten, en op Frysk alfabet.

Healrym en takomstwinsken
It rymwurdboek wurket op basis fan standert-Frysk. Ek is it mooglik om nei ‘healrym’ te sykjen. Dan wurdt sjoen nei klanken dy’t ticht byinoar lizze, lykas ‘ii’ en ‘ie’ yn ‘priis’ en ‘Fries’. Mei de tiid hopet de Fryske Akademy it rymwurdboek better te meitsjen troch noch mear foarmen fan healrym te identifisearjen en dêrneist ek mear omtinken te jaan oan it ferskaat oan regionale útspraken.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *