EBLT “bot yn noed” oer Nederlânske minderheidstalen

De keamerleden Lutz Jacobi en Magda Berndsen mei Onno Falkena en Tryntsje van der Veer fan it EBLT (Foto: Fryske Akademy, Richard de Boer)

It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) sit bot yn noed oer de hâlding fan it Nederlânske regear oangeande de ymplemintaasje fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen (ECRML) en it Ramtferdrach fan ’e Rie fan Europa foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden (FCNM) yn Nederlân.

Nederlân hat sa goed as neat dien mei de oanbefellingen dy’t de Rie fan Europa op it mêd fan minderheidstalen opsteld hat yn oktober 2012. Sa is der noch hieltyd gjin sprake fan in strukturele dialooch tusken Den Haach en organisaasjes fan sprekkers fan minderheidstalen. Dêrneist hat it regear gjin dúdlik belied ûntwikkele oangeande it beskermjen en befoarderjen fan ’e Nedersaksyske taal. De takomst fan ’e regionale stjoerder Omrop Fryslân stiet ûndertusken faai, wylst de posysje fan radio en telefyzje yn it Frysk as twadde rykstaal nearne fêstlein is yn ’e aktuele Mediawet.

Dêr komt by dat Nederlân ôfrûne snein, 1 maart 2015, ien jier te let wie mei it ynstjoeren fan syn rapportaazje oer de posysje fan minderheidstalen by de Rie fan Europa. It EBLT hat dêrom no in eigen position paper skreaun foar de Rie fan Europa oer de sitewaasje fan minderheidstalen yn Nederlân.

Dy position paper is op freed 6 maart presintearre op in parsekonferinsje yn Ljouwert. Op dyselde byienkomst is it brief oanbean oan ferskate politisy, ûnder oaren oan Marieke Sanders (Rie fan Europa), Twadde Keamerlid Magda Berndsen (foarsitter fan ’e fêste kommisje fan ynlânske saken), Twadde Keamerlid Lutgz Jacobi (ûnderfoarsitter fan de keamerkommisje foar ynlânske saken) en Annigje Toering (foarsitter fan it Steatekomitee Frysk).

It position paper is hjirûnder te lêzen:
position paper Frysk
position paper English

2 Replies to “EBLT “bot yn noed” oer Nederlânske minderheidstalen”

  1. Allinnich by it Frysk kin der sprake wêze fan in minderheidstaal. De Nedersaksers hawwe nea in folk west. Miskien kin de skriuwer fan dit stik it ferskil tusken minderheidstaal en regionale taal tenei wat dúdliker nei foarren bringe?

  2. It EBLT wurket foar alle erkende minderheidstalen yn Nederlân dy’t har by ús oanslute. De situaasje fan eltse taal is unyk en dêrtroch lestich te fergelykjen mei oaren. It Nedersaksysk is benammen in sammelnamme foar Drintsk, Grinslânsk, Achterhoeksk, Stellingwerfsk ensfh. As sadanich is it faaks net ien folk, mar getalsmjittich binne de Nedersaksyskpraters seker in minderheid yn Nederlân en dat jildt al hielendal as je sjogge nei de posysje fan harren taal.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *