Op freed 21 febrewaris, de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes, presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film mei elkoar de priiswinnende Fryske film Bûtendyk. Dizze film fertelt it bysûndere ferhaal fan Tsjerk Visser út Wierum, de 91-jierrige heit fan makkers Geertrui en Sjoukje Visser, dy’t noch eltse wike op it fiskersskip fan syn soan de see op giet. De film hat de priis foar bêste amateurfilm wûn fan de Noorderkroonkompetysje fan it Noordelijk Film Festival. Njonken Bûtendyk presintearje EBLT, Mercator en Slieker Film noch twa oare koarte films út Baskelân en Puglia yn Súd-Italië.
De koarte Baskyske spylfilm Anti fan regisseur Josu Martinez spilet in pear jier nei de Earste Wrâldkriich (yn 1921) yn Frânsk-Baskelân. It giet oer de skoalbern yn it plakje Bizkarsoro, dy’t, at se Baskysk prate, in balkje mei de tekst ‘Anti'(-Baskysk) om de nekke krije. Wa’t oan de ein fan de dei it balkje om de nekke hat krijt straf. Ek oare regionale talen, lykas it Oksitaansk en Welsk, binne bekend mei dizze praktyk. In yndrukwekkende film, foar dizze gelegenheid Frysk ûndertitele, dy’t goed past yn it ramt fan dizze Memmetaaldei. Dizze film hat awards wûn op it Independent Film Festival Claypol (Argentinië) en ek yn desimber ferline jier op it Babel Film Festival op Sardinië.
De tredde koarte film is de dokumintêre Evó ce Esú (Do en ik). Dit is it ferhaal fan de Griko-minderheid yn Puglia, yn de hakke fan Itaalje, troch harren sels ferteld. De Griko stamme ôf fan de âld-Grykse kolonisten. It is harren troch de iuwen hinne slagge om in soad fan harren identiteit, tradysjes, kultuer en taal te bewarjen, mar de taal soarge ek foar ôfstân ta de Italiaansktalige buordoarpen. Tsjintwurdich wurde de Grykse wurden sjoen as lûden om te bewarjen en mei grutskens oer te dragen. Dizze dokumintêre dûkt yn it libben fan de Griko, tusken leafde, emigraasje, nostalgy, famylje en muzyk en jout ynsjoch yn de wiffe balâns tusken de hope om it Griko te behâlden en de berêsting yn it ferdwinen fan dizze âlde taal en kultuer. Dizze bysûndere dokumintêre wûn in jiermannich lyn al in priis op it Babel Film Festival op Sardinië.
Elk jier op ynternasjonale memmetaaldei organisearje EBLT en Slieker Film tegearre in bysûndere filmfoarstelling. EBLT en Slieker Film dogge dat yn oparbeidzjen mei Mercator, it Europeesk kennissintrum foar meartaligens en taallearen fan de Fryske Akademy. De ôfrûne jierren waarden de folgjende produksjes nei Ljouwert helle: Son Bojos, aquests Catalans (Kataloanië, 2014), Syrcas (Wales, 2015), Amama (Baskelân, 2016), Sumé (Grienlân, 2017), Cigán! (Slowakije, 2018) en Daor Klept de Klokke Weer (Stellingwarf, 2019). De Stellingwarver film wie ferline jier in wrâldpremiêre. De film Amama makke yn Fryslân ek in soad los. De film wie ek te sjen op Omrop Fryslân TV en krige letter ek in ferzje mei ûndertitels yn it Stellingwerfsk.
It EBLT besiket, foarsafier tiid en middels it talitte, om films oan te bieden mei ûndertitels yn it Frysk. Dat is dit jier ek wer slagge: de koarte film Anti wurdt spesjaal foar dizze fertoaning foarsjoen fan ûndertitels yn it Frysk. De Italiaanske dokumintêre wurdt fertoand mei Ingelske ûndertitels. De film Bûtendyk is yn it Frysk en wurdt fertoand mei ûndertitels yn it Nederlânsk.
In kaartsje foar alle trije films kostet €5,-. Dizze unike fertoaning is allinnich te sjen op ynternasjonale memmetaaldei: Op freed 21 febrewaris om 16.00 oere (ynrin fan 15.45 oere ôf).
Lokaasje: Blauwe seal Slieker Film, Wilhelminaplein 92, Ljouwert.
Slieker Film is húsfeste yn it gebou fan it Frysk Museum.