Op it slotwykein fan Kulturele Haadstêd Donostia/San Sebastián yn Baskelân waard it Protocol to ensure linguistic rights presintearre en ûndertekene troch fertsjintwurdigers fan taalminderheden út hiel Europa wei. It ‘Protokol’ is in ynvintariaasje fan mei-inoar sa’n 185 maatregels dy’t oerheden en sprekkers fan minderheden nimme kinne om in minderheidstaal gelikense kânsen en ûntwikkelingsmooglikheden te jaan as de grutte steatstalen. It protocol is in inisjatyf fan Kontseilua, de Baskyske koepel fan taalorganisaasjes en fan Kulturele Haadstêd Donostia/San Sebastián. Fryslân wie by de ûndertekening fertsjintwurdige troch EBLT-foarsitter Froukje de Jong-Krap en troch Durk Gorter, lid fan de wittenskiplike advysried fan it protokol.
Yn in útferkochte Kursaal yn Donostia/San Sebastián waard it dokumint presintearre oan sa’n 600 belangstellenden út hiel Europa wei. It evenemint waard live útstjoerd op televyzje en ynternet troch de Baskyske omrop Euskal Telebista. Njonken sprekkers en hantekens wie der ek dûns en muzyk fan de ferneamde Baskyske txalaparta-band Oreka Tx.
Donostia/San Sebastián, de Kulturele Haadstêd fan Europa 2016, en de Baskyske organisaasje Kontseilua hawwe tegearre mei seis oare Europeeske taalorganisaasjes en in grut ferskaat oan eksperts, wer ûnder de yn Donostia wurkjende Fryske akademikus Durk Gorter, mear as in jier wurke oan it stik. Utgangspunten wine al besteande deklaraasjes as fan de United Nations, Council of Europe, Unesco en oaren.
Ek makke Kontseilua in rûnreis troch ferskate Europeeske lannen mei in minderheidstaal en ûnderfrege minsken dêr nei wat sy wichtich fûnen en op dizze wize ek har stim hearre te litten yn it op te stellen protokol. Yn Fryslân is de ôfrûne maaitiid mei in grut tal lidorganisaasjes fan it EBLT praat yn twa sesjes. Derneist koene taalorganisaasjes harren ‘best practices’ ynstjoere, wêrtroch ek lytse talen har ynbring krigen. Yn de rin fan it jier sammele de Kontseilua sa mear as 600 útienrinnende foarstellen en maatregels. Dêrfan binne de 185 wichtichste opnommen yn it protokol. It EBLT wurdt, neist de Afûk, Tresoar en Mercator ek yn it stik neamd as ‘earste ûndertekeners’ (“First Signatory Entities”). Froukje de Jong wie as EBLT-foarsitter oanwêzich yn Donostia en hat út namme it EBLT it stik offisjeel tekene.
Neist Baskyske muzyk en dûns kamen ferskate sprekkers oan it wurd, werûnder twa fan de opstellers fan ‘the 1996 Universal Declaration of Linguistic Rights’, ek wol bekend as de ‘Barcelona declaration’, dat brûkt waard as basis waard dit nije protokol. Doel is om in soarte fan “kiste mei ark” te meitsjen, dêr’t organisaasjes yn eigen lân oan de slach kinne. Yn seis ferskillende haadstikken mei elts in eigen ûnderwerp wurde de meast úteinrinnende tema’s oanpakt. Fansels moat it net in stik wurde dat yn de boekekast ferdwynt. Derom is in ‘follow up’-kommisje oansteld, dy’t as taak kriget mei alle organisaasjes ynfolling te jaan. Ein desimber wurdt de digitale ferzje fan it stik Protokol publisearre op de webstee fan it EBLT.
Mei it Protokol to Ensure Linguistic Rights wolle Kontseilua en Kulturele Haadstêd Donostia/San Sebastián sjen litte wat je dwaan kinne om minderheidstalen wer groeie en bloeie te litten, yn plak fan achterút te buorkjen. Yn Baskelân sels, mar ek yn Kataloanië liket dat foar in grut part te slagjen. Tanksij goed ûnderwiis yn de minderheidstaal op meartalige skoallen, sterke media yn de minderheidstaal en oerheden dy’t fan meiwurkers freegje om de taal te learen binne in pear fan de maatregels dy’t yn Baskelân fertuten dogge. Ek de sichtberheid fan de taal is wichtich, op strjitte likegoed as yn it bedriuwslibben. Yn Baskelân brûke ek supermerken, banken en de belestingtsjinst it Baskysk njonken it Spaansk. De twatalichheid en it brûken fan it Baskysk is hjir fanselssprekkend wurden. Organisaasjes dy’t dat net dogge wurde der earder of letter grif oer oansprutsen troch ien fan de Baskyske organisaasjes.
De offisjele ûndertekening wie de ein fan it meardaagse kongres European Language Diversity Forum mei in breed ferskaat oan sprekkers. Hjir waard ek de nije edysje fan de UNESCO Atlas fan Wrâldtalen presintearre. Dizze nije atlas ferfangt de eardere atlas mei bedrige talen. Yn dizze nije ferzje wurdt fan eltse taal yn de wrâld sjen litten oft, en hoe bot dizze bedrige wurdt. Op de webstee fan UNESCO is de atlas werom te finen. Ek wie der de premjêre fan de film oer it meartalige reizgjende festival Tosta, dêr’t ek de Afûk oan meidien hat. Der wie in útwikseling fan in oantal keunstners, in meartalige Tostaband en in festival yn ferskate lannen dy’t oan see lizze. Derby waard yn septimber ek Dokkum oandien. Ek dit projekt sil, sa’t it no liket, in ferfolch krije. It liket lochysk dat der yn it ramt fan it projekt Lân fan Taal en Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 omtinken jûn wurdt oan it protokol sawol as oan it Tostaprojekt.