It rapport fan de Korsikaanske Europarlemintariër François Alfsoni freget om mear stipe foar ûnderwiis en oare projekten yn lytse talen. Ek media en digitale inisjativen yn bedrige talen ha mear stipe nedich. Alfonsi fynt dêrom dat lytse talen de mooglikheid krije moatte om yn de nije beliedsperioade 2014-2020 mei te dwaan en te profitearjen fan alle programma’s en fûnsen fan de Europeeske Uny. Lytse talen en lytse taalprojekten falle no noch faak bûten de boat om ferskate redenen.
De Europeeske Uny hie yn it ferline in skoft in apart budzjet foar stipe oan minderheidstalen, mar hold dêr mei op, omdat dêr doe gjin ‘juridyske basis’ foar wêze soe. Neffens in grutte mearderheid fan it Europeesk Parlemint is dat probleem no oplost; it ferdrach fan Lissabon oer kultureel en taalkundich erfguod en it Hânfêst fan grûnrjochten fan de Europeeske Uny biede mear as genôch basis foar Europeeske stipe oan ‘bedrige talen’. Yn it rapport wurdt sprutsen oer ‘endangered languages’ (bedrige talen). Dat begrip is ûntliend oan de Unesco, dy’t in atlas fan bedrige talen makke hat. It Frysk stiet hjir yn as in taal dy’t ‘kwetsber’ is; der binne nammentlik in hiel soad gradaasjes fan bedrige wêzen, fariearjend fan ‘kwetsber’ oant ‘hast útstoarn’.
Grutte mearderheid Europeesk Parlemint wol mear stipe foar ‘bedrige talen’
It Europeesk Parlemint yn Straatsburch hat op woansdei 11 septimber mei in bysûnder grutte mearderheid foar it rapport Alfonsi oer ‘bedrige talen’ stimd. 645 Europarlemintariërs stimden foar mear maatregels om lytsere talen as it Frysk, it Baskysk, it Bretonsk, it Sámi en it Korsikaansk te stypjen. Mar 26 fan de 700 Europarlemintariërs stimden tsjin it rapport. Yn de Europeeske Uny wurde neffens it rapport mei-inoar tsientallen bedrige talen sprutsen.
De resolúsje is yn it foarste plak in inisjatyf fan de minderheden yn Frankryk en net by tafal skreaun troch in Korsikaan. Sy wolle yn it foarste plak dat alle EU-lidsteaten dy’t dat noch net dien hawwe sa gau mooglik it ‘Hânfêst foar minderheidstalen’ ûndertekenje en ratifisearje. Dat jildt net foar Nederlân, want Nederlân die dat al yn 1998, mar lannen as Frankryk en Grikelân moatte dat noch dwaan. As tarieding op it rapport hat Alfonsi in searje harksittings oer ‘bedrige talen’ út hiel Europa hâlden. Fryslân waard op dy harksittings fertsjintwurdige troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT). François Alfonsi is Europarlemintariër fan de politike formaasje EFA (Europeeske Frije Alliânsje), de klup dêr’t ek de FNP by oansletten is.
It Frysk “in bytsje” bedrige? Unesco Atlas seit oer (West) Frisian: “vulnerable” better oer te setten as “kwetsber”….