Expert Seminar on “Social Media and Lesser Used Languages”

Eksperts op it mêd fan sosjale media en minderheidstalen diele kennis by Fryske Akademy

Ljouwert, 28 novimber 2012 – Ferline jier simmer waard it kontrakt tusken de Baskyske oerheid en it Mercator Kennissintrum fan de Fryske Akademy ferlingd. Dêrom sil op 29 en 30 novimber yn kongres- en stúdzjesintrum ‘It Aljemint’ fan de Fryske Akademy it seisde Europeeske ekspert seminar plakfine yn it ramt fan dizze gearwurking. It ûnderwerp dit jier: “Social Media and lesser used languages”, sil útdjippe wurde troch wittenskippers en minsken út de praktyk. Neist lêzingen binne der ditkear ek workshops dêr’t aktive dielname ferwachte wurdt.

Hoe ‘t (minderheids)talen oanleard, sprutsen en ferspraat wurde, is mei ûnder ynfloed fan sosjale media hurd oan it feroarjen. It Baskysk wreidet út nei mêden dêr’t it yn gjin ieuwen sprutsen waard. Sosjale media fergrutsje de oerlibbingskânsen fan it Aragoneesk, ien fan de meast kwetsbere Europeeske talen. Mar tagelyk foarmje se ek in bedriging foar dizze taal. Staverings- en grammatikakontrôles yn de foarm fan app’s foarmje in kâns foar korrekt gebrûk fan bygelyks Finoegryske minderheidstalen. Dizze en ferskate relatearre ûnderwerpen komme foarby yn twa dagen.

Op tongersdei is der in workshop oer de netwurkwebsite MySchoolsNetwork, op tongersdei en freed nimme twa represintanten fan ‘Co-Piloten’ de dielnimmers by de hân troch ûnderwiislân 3.0 en op freed sil Mirjam Vellinga fan de Afûk dielnimmers ynspirearje mei goede foarbylden út de ‘Praat mar Frysk’-kampanje.

Mear ynformaasje kinne jo fine op www.mercator-research.eu. Hielendal yn styl is dêr ek in mobile app beskikber mei ûnder oaren biografyen fan alle sprekkers, de lêste tweets mei de kongres hashtag #ESLWD12 en fansels it pogramma.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *