Professor Goffe Jensma komt om te praten oer de opset fan it grutte taalûndersyk, dat nei ferwachting liede moat ta positive wurdearring fan it Frysk en de streektalen by safolle mooglik ynwenners fan Fryslân.
Dit ûndersyk sil plakhawwe yn it ramt fan ‘Ljouwert, Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018’.
It bestjoer fan de stichting ‘Fierder mei Frysk’ wol jo der op 12 novimber hiel graach by hawwe. Dêrom binne jo hjirby útnoege, mar it wurdt op priis steld wannear’t jo oare minsken mei ynteresse foar it tema meinimme.
De seal yn Tresoar giet iepen om 19.45 oere.
SONY DSCNei’t Jensma de taljochting jûn hat op de plannen sa‘t se der no lizze, hâlde wy om kertier foar njoggenen skoft en dêrnei petearje wy oer wat in sa doelmjittich mooglike oanpak wêze soe. Jensma is tige benijd nei suggestjes om te kommen ta in optimale oanpak fan it ûndersyk.
De gearkomst wurdt om goed tsien oere ôfsletten.
De troch prof. Jensma makke beskriuwing fan it projekt ‘Landscape of languages/The language lab’, dêr’t it taalûndersyk diel fan útmakket :
Landscape of Languages/The Language Lab
Yn it Kulturele Haadstêd-projekt Landscape of Languages/The Language Lab binne alle KH-projekten ûnderbrocht dy’t wat mei taal te krijen ha. It flagship-projekt hat yn prinsipe trije doelen dy’t nau op inoar oanslute:
• Crowd sourced taalsurvey.
In ‘crowd sourced taalsurvey’, liedt ta ‘language awareness’. It is de bedoeling om in taalsurvey útfiere te litten troch safolle mooglik ynwenners fan Fryslân, dit mei it doel om belangstelling foar en positive wurdearring fan taal en meartaligens oan te trunen. It nij te bouwen Museum fan Taal, mar ek keunstners spylje in rol by it op gong helpen en yn gong hâlden fan dy belangstelling en by it sichtber en te beharkjen meitsjen fan resultaten.
• Kennis.
De resultaten fan it survey wurde ferwurke troch wittenskippers. Dit liedt ta kennis oer it taallânskip yn meartalich Fryslân yn it bysûnder en mear algemien ta kennis oer taalferoaring yn in maatskippij dêr’t in mearheid- en in minderheidstaal (minderheidstalen) algeduerich en yntinsyf mei elkoar yn kontakt steane. Dizze kennis wurdt útdroegen op kongressen, yn wittenskiplike publikaasjes en yn 2018 op in grut ynternasjonaal kongres oer de tastân fan minderheidstalen yn Europa.
• Heechweardige digitale technology.
Om beide boppesteande projekten mooglik te meitsjen moat nije technology ûntwikkele wurde, alderearst om de minsken data sammelje litte te kinnen en twads om de garre ‘big data’ filterje en ferwurkje te kinnen. Wy sykje hjir benammen om heechweardige digitale technology, bygelyks de ynset fan kognitive sensoaren dy’t taal masinaal analysearje kinne.
De belangrykste kennisfraach dy’t wy beäntwurdzje wolle is hoe’t it der foarstiet mei it Frysk en mei taal yn Fryslân yn it algemien. Dy fraach nei de tastân fan it Frysk wurdt faak beäntwurde, troch op grûn fan ynterviews en enkêtes de oantallen en persintaazjes te neamen fan minsken dy’t it Frysk prate, ferstean, lêze en skriuwe kinne. Der sit troch de tiid hinne fansels wol wat fariaasje yn dy persintaazjes (it praten nimt ôf en it skriuwen nimt ta), mar wat folle nijsgjirriger oan taal en oan de ûntwikkeling fan it Frysk is, en foar de takomst ek folle belangriker, is dat de taalnoarm (lit ús sizze: it taalgeweten) fan Friezen hieltyd mear it Nederlânsk liket te wurden; dat de Fryskprater – om ditselde konkreter te sizzen – as hy/sy twivelet oan de kwaliteit fan syn/har Frysk hieltyd faker Nederlânske foarmen, wurden en sinsbou foar kar nimt. By in selde oantal Fryskpraters, -fersteanders, -skriuwers en –lêzers feroaret der sa doch fan binnen út fan alles yn it Frysk.
Je kinne twa reaksjes ha op dat proses. De klassike reaksje is dat je dan krekt de taalnoarm beklamje moatte. Wy tinke dat soks maklik kontraproduktyf útwurkje kin. De kleau tusken it heech noarmearre Frysk en it Frysk fan alledei is faak amper te oerbrêgjen en it ûntmoediget dêrom de minsken at je op dizze wize de taalpolysje úthingje. Ynstee dêrfan kinne je taal ek gewoan nimme foar wat it is en de taalbrûker ûnderwilens posityf bewust meitsje fan syn/har talen en meartalichheid – fan de foardielen dy’t dat hat en ek fan de ferhâlding tusken de talen dy’t hy/sy brûkt. Wy tinke dat wy troch ús survey dy positiviteit ta stân bringe kinne.
Om dat omtinken foar taal los te meitsjen ha wy de help tasein krigen fan alle grutte kulturele en kennisynstellings yn Fryslân (Fryske Akademy, Tresoar, Afûk, Frysk Museum ensafh.), ha wy kontakten lein mei saakkundige wittenskippers yn binnen- en bûtenlân, ha wy al in grut oantal dielprojekten opnommen (dy’t wy út de basisgedachte fan it projekt wei) yn de kommende jierren noch fierder útwreidzje sille, ha wy kontakt socht mei keunstners dy’t de belangstelling fan de minsken prikelje kinne. De sintrale as fan it projekt wurdt ûnder regy fan de Kulturele Haadstêd foarme troch it Museum fan Taal en de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer fan de Ryksuniversiteit Grins.
Goffe Jensma – Oktober 2013
It bestjoer fan de stichting ‘Fierder mei Frysk’, dy’t him ta doel stelt om ta in profesjoneel organisearre Brede Maatskiplike Diskusje te kommen oer de takomst fan it Frysk, hjit jo graach wolkom op 12 novimber yn Tresoar.
Wolle jo jo oanmelde foar dizze jûn, dan graach efkes in reaksje fia fierdermeifrysk@gmail.com beäntwurdzjen.
Boarne: It Nijs