Finale op freed 25 maaie 2012 yn De Lawei yn Drachten.
Op freed 25 maaie wurdt foar de achtste kear de grutte finale fan it twa-jierlikse Sjongfestival foar Bern hâlden yn Schouwburg De Lawei yn Drachten. It Sjongfestival foar Bern is in inisjatyf fan Cedin Taalsintrum Frysk en Omrop Fryslân.
25 skoallen dienen mei oan de trije foarrondes fan it Sjongfestival, dy’t op 23, 24 en 26 april hâlden binne yn Wommels, op De Jouwer en yn Burgum. De sjuery, dy’t bestie út Frederik Kampstra, Marrit de Schiffart en Carin Seegers, lit ûndersteande njoggen skoallen trochgean nei de finale.
By de Boarne – Boarnburgum, mei ‘Mobyl’
Ds. Hasperskoalle – Akkrum, mei ‘Planet Earth’
’t Grovestinshof – Koudum, mei ‘In eigen húske’
De Mienskip – Bûtenpost, mei ‘Seemansliet’
Eben Haëzer – Dokkum, mei ‘Boargemaster Ikke’
De Twine – Drylts, mei ‘Pake’
It Klimmerblêd – St. Nyk, mei ‘Dûnsjen bliuwe’
De Barte – Froubuorren, mei ‘Planet Earth’
’t Finster – Warkum, mei ‘Pake’
De presintaasje fan de finale is yn hannen fan Raynaud Ritsma en Alyt Damstra. Raynaud en Alyt binne de presintatoaren fan ‘Tsjek’, skoaltelevyzje fan Omrop Fryslân. Raynaud is dêrneist ek de leadsinger fan de band ‘Vangrail’.
Wilens de finale bestiet de saakkundige sjuery út Anne Oosterhaven, Theo Brouwer en Janna Eijer. Anne Oosterhaven is op ferskate fronten muzikaal aktyf, sa is hy muzykdosint en muzyklieder fan de Bogerman Bigband. Theo Brouwer is ôfstudearre oan it konservatoarium en is al fan 1988 ôf belutsen by it Frysk Jeugd Orkest. Janna Eijer is al fan jongs ôf oan aktyf op it mêd fan dûns, teater en sang. In 2011 wie sy de grutte winner fan Liet International.
Oan it Sjongfestival foar Bern kinne de groepen 6, 7 en 8 fan basisskoallen yn Fryslân meidwaan. It projekt wurdt mei finansjeel stipe troch de Douwe Kalma Stifting. De winnende skoalle giet nei hûs mei de sulveren wikselbokaal; de ‘Karin de Jong-priis’. Derneist mei de winnende skoalle optrede yn it programma ‘Tsjek’.
Finale Sjongfestival foar Bern
Schouwburg De Lawei yn Drachten, freed 25 maaie om 19:30 oere.