Libbene besite Committee of Experts Ried fan Europa oan Nederlân

SPLIKA-foarsitter Ruben Severina mei de Committee of Experts
SPLIKA-foarsitter Ruben Severina mei de Committee of Experts

De Committee of Experts fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen fan de Ried fan Europa brocht dizze wike in bysûnder libbene besite oan lidsteat Nederlân. De kommisje besteande út Vera Klopčič út Slovenië, Päivi Majaniemi út Finlân en âld-Europarlemintariër Marieke Sanders-Ten Holte wie yn Nederlân om te hifkjen yn hoefiere lidsteat Nederlân him hâldt oan it Europeesk Hânfêst. Dat barde ûnder mear yn de foarm fan harksittings yn Grins (oer it Nedersaksysk), Ljouwert (oer it Frysk en Biltsk) en Den Haach (oer it Papiamentu en Romanes). Fansels wie der yn Den Haach ek oerlis mei fertsjintwurdigers fan de Ryksoerheid.

Opmerklik wie it wiidweidich omtinken fan de kommisje foar twa talen dy’t oant no ta noch net beskerme wurde troch it Hânfêst. Yn Ljouwert waard de statusoanfraach foar it Bilts taljochte troch de gemeente It Bilt en ek troch foarsitter Froukje de Jong-Krap fan it EBLT. De kommisje toande hjirby in soad begrip foar de oanlieding om in offisjele status foar it Bilts oan te freegjen. Neffens it Hânfêst mei de posysje fan in taal noait ferswakt wurde troch weryndieling of de feroaring fan administrative grinzen. En dochs is krekt dit ien fan de grutste problemen yn lidsteat Nederlân. Fanwege de fúzje mei oare rjochtbanken kin it Frysk geregeld net brûkt wurde op de Ljouwerter rjochtbank, op Bonêre stiet it Papiamentu ûnder druk sûnt it eilân streekrjocht troch Den Haach wurdt bestjoerd en op it Bilt meitsje ynwenners har soargen oer de posysje fan it Bilts yn de grutte nije gemeente Waadhoeke.

Nederlânsk kommisjelid Marieke Sanders warskôge Papiamentu-organisaasje SPLIKA en ek Biltkerts wol foar te hege ferwachtings. De Committee kin net ôftwinge dat it Bilts en it Papiamentu erkend wurde. De kommisje kin – fia de Ried fan Ministers fan de Ried fan Europa – lidsteat Nederlân heechút freegje om hjir nochris soarchfâldich nei te sjen. De Ried fan Europa is wol wiis mei eltse nije statusoanfraach. It Europeesk Hânfêst is nammentlik folle mear as in statyske tekst. It giet der krekt om om minderheden en nasjonale oerheid mei-inoar oparbeidzje te litten oan it hoedzjen, noedzjen én befoarderjen fan de minderheidstalen. It is dêrby seker mooglik om mear talen oan it Hânfêst ta te heakjen – as dy oan de kriteria foldogge – of om yn it gefal fan erkende talen ekstra artikels te ratifisearjen.

It lêste is al in skoft de ambysje fan Nedersaksyske organisaasjes as SONT en de Stellingwarver Schrieversronte. Sy wolle de status fan it Nedersaksysk graach ferheegje fan haadstik twa nei in steviger nivo fan erkenning yn haadstik trije. By de harksit yn Grins die bliken dat der yn it Nedersaksysk taalgebiet op kultureel mêd in soad bart. It giet lykwols benammen om aktiviteiten fan ûnderen op, dy’t, as se al stipe wurde, stipe wurde troch gemeenten en provinsjes. It Ryk hat oant no ta gjin belied foar it Nedersaksysk. It Ryk lit dat oan legere oerheden oer, sels sûnder dat hjir neiere ôfspraken oer makke binne. De harksit yn Grins makke wol it nedige los yn benammen de provinsje Grinslân. Frijwat Grinslanners freegje harren ôf oft der net mear dien wurde kin om it Grunnegs te befoarderjen. Fiertaal Grunnegs yn polityk of op skoalle giet in soad minsken te fier, mar in oerke Grunnegs op skoalle moat dochs kinne? En lit dat no krekt de wichtichste oanbefelling wêze fan de Ried fan Europa oer it Nedersaksysk yn 2012: soargje foar in goed ûnderwiisoanbod foar it Nedersaksysk. Mar hawar, feroaringen op it mêd fan minderheidstalen hawwe faak tiid nedich, sei kommisjelid Marieke Sanders, dy’t sels ôfkomstich is út de provinsje Drinte.

It byld foar Fryslân is wikseljend; der binne positive en minder positive ûntwikkelings. Der wurdt troch de ferskate rieplachte organisaasjes posityf sjoen nei ûntjouwings as it Frysk op Google Translate en sosjale media. Dit wurdt ûnderstreke troch resint ûndersyk fan de Fryske Akademy, dat útwiist dat jongere generaasjes mear Frysk begjinne te skriuwen en te lêzen. Ien en oar is grif ek te tankjen oan it súkses fan de mear as 70 trijetalige basisskoallen. Dochs foldocht Nederlân op ûnderwiismêd (noch) net oan it Hânfêst, fertelde ynsprekker Alex Riemersma. Neffens it Hânfêst moat it ûnderwiis foar in wichtich part yn de minderheidstaal jûn wurde; de trijetalige skoallen sille dêr grif oan foldwaan, mar in soad oare skoallen dogge dat net. Ek de posysje fan it Frysk op it fuortset ûnderwiis is (noch) te meager. Ferskate organisaasjes fregen omtinken foar it lot fan Omrop Fryslân. De Fryske omrop is al sûnt 1988 folslein selsstannich en hat yn dy tiid in moaie ûntwikkeling trochmakke. Nei 28 jier driget oan de autonomy in ein te kommen troch de nije mediawet fan steatssiktaris Dekker. Hjirtroch wurdt ek it programma-oanbod fan de omrop bedrige, want tagelikertiid moat der stevich besunige wurde.

De meast nijsgjirrige ‘casus’ is foar de kommisje sûnder mis de posysje fan it Papiamentu op Bonêre. Dit eilân is sûnt 10 oktober 2010 in ‘iepenbier lichem’ fan Nederlân en sadwaande is it Papiamentu no ek in Nederlânske minderheidstaal. Erkenning yn it Hânfêst liket sadwaande foar de hân te lizzen, mar it ministearje fan ynlânske saken is dêr oant no ta gjin foarstanner fan. Bonêre mei dan yn geografyske sin gjin Europa wêze, it is wol yntegraal ûnderdiel fan Nederlân en it Hânfêst jildt útsoarte foar it folsleine grûngebiet en stiet gjin útsûnderingen ta. It is sadwaande foer foar spesjalisten yn ynternasjonaal en minderhederjocht. Frou Sanders kaam op de harksit mei in praktyske suggestje: freegje ien of in pear leden fan de Ried fan Steate om hjir nochris soarchfâldich nei te sjen. As sy gjin behinderings sjogge foar it erkennen fan it Papiamentu neffens it Hânfêst sil dat in statusoanfraach troch it eilânbestjoer by it Ryk in stik kânsriker meitsje, tinkt sy. SPLIKA-foarsitter Ruben Severina wie wiis mei de oandacht fan de kommisje foar it Papiamentu. Hy wiisde op it histoaryske karakter fan de byienkomst; it wie nammentlik foar it earst dat in orgaan fan de Ried fan Europa gearkaam oer de taal. De taal stiet no op de aginda en allinnich dat al is in stap foarút.

Wa’t it rapport fan de Committee of Experts lêze wol moat noch even geduld hawwe, want dat wurdt – sa’t it no stiet – net earder as yn de hjerst fan 2016 iepenbier makke.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *