CEDIN, Ekspertizesintrum Meartaligens

W www.cedincentrummeertaligheid.nl/fy/
E info @ taalsintrum.nl

Lavendelheide 21
9202 PD Drachten
T 088 0200300


Ekspertizesintrum Meartaligens is in ôfdieling fan CEDIN, de spesjalist foar edukative tsjinstferliening yn Noard Nederlân. De adviseurs wolle learkrêften of teams fan skoallen foar primêr en fuortset ûnderwiis begeliede by it ûntwikkeljen, ymplemintearjen en útfieren fan meartalich taalbelied mei in lykweardige posysje fan de Fryske taal.

De meiwurkers propagearje trijetalich primêr- en fuortset ûnderwiis, dêrfoar begeliede se de stadichwei útwreidzjende netwurken Trijetalige Skoalle (primêr) en Meartalich Fuortset Underwiis. Tagelyk wol de ôfdieling de didaktyske materialen ûntwikkelje, produsearje en oanrikke dy’t ûnmisber binne om boppesteande te realisearjen. Dêrneist is it wichtich om aktiviteiten te inisearjen dy’t de Fryske ynfrastruktuer fersterkje, sa as de foardrachtswedstriid FeRstival en it Sjongfestival foar Bern.