W: www.rug.nl
W: http://minorities.nl/
Ofdieling Fryske Taal en Kultuer
Oude Kijk in ‘t Jatstraat 26
9712 EK Groningen
Oer de stúdzjeprogramma’s
De measte akademyske opliedingen yn taal en kultuer kieze it nasjonale nivo as har útgongspunt, mar dy fan ús draaie om de marzjes fan Europa en de net-dominante talen fan lokale minderheden en migranten. Us programma rjochtet him, om sa te sizzen, op de rânen fan it kontinent yn plak fan op de nasjonale sintra. Dat dogge wy om’t wy tinke dat kennis en begryp fan kultureel en taalkundich ferskaat, belicheme yn dy subnasjonale en migranteminderheden, fan grut belang belang binne foar de maatskippij as gehiel.
By de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer binne der ferskate stúdzjeprogramma’s:
- Bachelor Minorities & Multilingualism,
- Fryske track
- Pre-master
- Master Multilingualism
Bachelor Minorities & Multilingualism
Yn ús bachelorprogramma Minorities and Multilingualism leare studinten om etnolinguïstyske minderheden te ferlykjen en te kontrastearjen, benammen út it perspektyf wei fan meartalichheid, polityk en kultuer. It programma biedt in alsidige kombinaasje fan fakken, lykas taalkunde, politike en kulturele skiednis en sosjolinguïstyk. Sa krije studinten de hânfetten oanrikt om allerhanne aspekten fan minderheden, minderheidskultuer en meartalichheid akademysk te bestudearjen.
Fryske Track
In bachelorprogramma bestiet út trije jier akademyske oplieding fan 180 stúdzjepunten. Sechtich punten dêrfan binne beskikber foar opsjonele fakken. Foar studinten dy’t ynteresse ha foar Fryske taal en kultuer biede wy dan seis spesjalisaasjekursussen oan, mei oandacht foar Fryske taalfeardichheid en kennis en begryp fan Fryske histoarje, literatuer, linguïstyk en taalskiednis.
Pre-master
Studinten dy’t ús MA-oplieding Multilingualism dwaan wolle (diel fan de oplieding Linguistics), mar dy’t net foldogge oan de entreebetingsten dêrfoar, kinne har foar ús pre-master ynskriuwe. It folsleine programma is online beskikber.
Master Multilingualism
Us masterprogramma is unyk yn it kombinearjen fan it teoretysk oanlearen fan allerhanne aspekten omtrint meartalichheid en in op ûndersyk rjochte, praktyske oanpak. It programma wurdt oanbean yn Ljouwert. As haadstêd fan de iennichste offisjeel twatalige provinsje fan Nederlân is dat it ideale plak foar studinten om fuortdaalk tagong te haawen ta in meartalich laboratoarium. Studinten leare hoe’t sy profesjoneel omgean kinne mei deistige útdagingen fan meartalichheid, lykas it helpen fan bedriuwen mei it oerkommen fan taalproblemen, it foarmjaan fan in taalbelied, of it advisearjen fan skoallen hoe’t sy it bêste lesjaan kinne oan bern mei ferskillende talige eftergrûnen. Studinten ûntfange oan ’e ein in mastertitel yn taalkunde fan de Ryksuniversiteit Grins.
De master Multilingualism is opset troch de ôfdieling Fryske Taal en Kultuer en it programma fan Tapaste Taalwittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins yn gearwurking mei de University Campus Fryslân (UCF) en de NHL University of Applied Sciences