Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO)

Webside: www.sfbo.nl/frl
Tel. (058) 234 85 25
E-mail ynfo@sfbo.nl 
Postbus 298
8901 BB Ljouwert


Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) is it ynformaasje-, kennis- en stipepunt op it mêd fan meartaligens en taalstimulearring yn de foarskoalske perioade.

Meartaligens befoarderet de talige, de sosjale en de yntellektuele ûntwikkeling fan bern. Ut ûndersiken op universiteiten oer de hiele wrâld docht bliken dat bern der baat by hawwe om har op jonge leeftyd mear as ien taal eigen te meitsjen. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) wurket oan ‘e hân fan dit útgongspunt. It SFBO helpt liedsters yn it pjuttewurk en de berne-opfang by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk. Persoanlik en saakkundich.

Bewust taalbelied
Yn in meartalige omjouwing is it wichtich om mei in bewust taalbelied te wurkjen. Sa komme de foardielen fan meartaligens goed ta harren rjocht. It is fan belang om derfoar te soargjen dat de talen inoar net bekonkurrearje, mar oanfolje. Dat jildt benammen yn situaasjes dêr’t sprake is fan in mearderheids- en in minderheidstaal. De fûstregel is dan: konsekwint taalgebrûk en goed omtinken foar de minderheidstaal.

Wurkwize
It SFBO giet by de lokaasjes foar pjutte-opfang en berne-opfang del om te helpen by it kreëarjen fan in taalrike omjouwing foar de bern. Der wurdt konsekwint mei de talen omgien: ien-persoan-ien-taal. Alden wurde dêr fansels by belutsen. It SFBO jout ynformaasje en hâldt âlderjûnen oer meartaligens en it belang fan taalbelied en taaloanbod. De ûnderfining is dat goed ynformearre âlden har prima fine kinne yn it Frysk- of twatalich belied.

Fierder hat it SFBO in ûnôfhinklike fisitaasjekommisje dy’t de plakken beoardielet op it útfieren fan it belied. As dat ynoarder is, komme de organisaasjes yn oanmerking foar in sertifikaat en in subsydzje fan €2250 fan de Provinsje Fryslân.