Meartaligens yn Fryslân

In enkête oer meartaligens yn Fryslân dy’t troch Partoer ôfnommen is by it Frysk boargerpanel hat útwiisd dat meartaligens in wichtich ûnderwerp is dat in soad minsken oangiet. De wichtichste útkomsten binne:
– De helte fan de panelleden praat alle dagen twa, trije of mear talen. It giet meastentiids om Frysk en Nederlânsk.
– Ien op de fjouwer panelleden behearsket it Frysk hiel goed of goed op papier.
– Trijekwart fan de panelleden kin hiel goed of goed Ingelsk ferstean.
– Panelleden jonger as 35 jier fine Ingelsk praten wichtiger dan panelleden âlder as 35 jier.
– Gemeenten: panelleden dy’t yn plakken mei mear as 10.000 ynwenners wenje, wolle faak allinnich yn it Nederlânsk benadere wurde troch harren gemeente, ferlike mei panelleden dy’t yn plakken wenje mei minder as 10.000 ynwenners.
– Spoedeaskjende help: panelleden fine it wichtich dat meiwurkers fan 112 safolle mooglik ferskillende talen ferstean kinne; Frysk prate kinne wurdt minder belangryk fûn as Ingelsk prate kinne.
– Meartalich ûnderwiis: panelleden fine twatalich ûnderwiis (Nederlânsk en Frysk) wichtiger as trijetalich ûnderwiis (Nederlânsk, Frysk en Ingelsk).
– Ekonomy en arbeidsmerke: yn de soarch en agraryske sektor wurdt benammen Frysk praten belangryk fûn, yn de yndustriële en toeristyske sektor wurdt benammen Ingelsk en Dútsk praten belangryk fûn.

De hiele publikaasje kinne jo fine troch hjir te klikken.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *