Nederlân taalt net nei taal

Yn ’e perioade fan tanimmende taalfariaasje leit de Nederlânske oerheid de klam op it Nederlânsk; benammen foar ymmigrantetalen is mar in bytsje romte. Dat is ien fan ’e befiningen út it Language Rich Europe-ûndersyk nei meartaligens, dêr’t hjoed de resultaten fan presintearre wurde.

As ûnderdiel fan in grut ynternasjonaal projekt, Language Rich Europe, dat it taalbelied en de praktyk yn 20 Europeeske lannen ûndersocht, binne Nederlân en dêryn de provinsje Fryslân ûnder de loep nommen. Hoefolle foarsjenningen binne der foar it Nederlânsk en foar oare talen? Hokker rol spilet taal yn it bedriuwslibben? Hoe is it taalûnderwiis regele? Yn Nederlân wurdt in protte omtinken jûn oan it Nederlânsk en dêrneist oan it Ingelsk; oare frjemde talen komme minder oan bar en foar ymmigrantetalen is mar in bytsje romte. It Frysk dêrfoaroer makket yn Fryslân as offisjele taal ûnderdiel út fan it ûnderwiis en ek yn oare domeinen is belied spesifyk op ’e Fryske taal rjochte.

Dizze en mear resultaten sille oan bar komme by de presintaasje hjoed, fan ’e ûndersyksresultaten foar Nederlân en Fryslân yn it Geldmuseum yn Utert. In panel fan saakkundigen út ferskate sektoaren fan ’e maatskippij sil mei it publyk diskusjearje oer de betsjutting fan ’e útkomsten.

De gearkomste wurdt organisearre troch de British Council en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen fan ’e Fryske Akademy en foarsitten troch prof. dr. Arie de Ruijter, dekaan fan ’e Faculteit Geesteswetenschappen, Universiteit Tilburg.
Der sille ûnder oaren bydragen wêze fan prof. dr. Guus Extra, emearitus heechlearaar Taal en Minderheden oan ’e Faculteit der Geesteswetenschappen, Universiteit Tilburg, en dr. Jacomine Nortier, universitêr haaddosint by de ôfdieling Taalkunde fan ’e oplieding Nederlânsk, Universiteit Utert. Beiden hawwe ferskate publikaasjes skreaun oer meartaligens yn Nederlân en Europa, sa as De omgang met taaldiversiteit in de multiculturele samenleving: Nederland in internationaal vergelijkend perspectief troch prof. dr. Guus Extra en Nederland meertalenland troch prof. dr. Jacomine Nortier.

Lokaasje: It Geldmuseum, Leidseweg 90, 3531 BG Utert
Tiid: 14:00-17:45

Mear ynformaasje oer Language Rich Europe op harren thússide.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *