Nije roman Paulo Coelho oer Mata Hari ferskynt yn it Frysk

 

 

De nije roman fan Paulo Coelho, De spion, ferskynt yn in Fryske edysje. Dit boek oer it turbulinte libben fan de Fryske Mata Hari, yn de Earste Wrâldoarloch op beskuldiging fan spionaazje foar de Dútsers ta de dea Coelho Spionferoardiele en eksekutearre yn Parys, ferskynt de kommende moannen oer de hiele wrâld yn oersetting. De Nederlânske edysje ferskynde ôfrûne tiisdei as ien fan de earste oersettingen. Nije wike komt de Fryske edysje út ûnder deselde titel, mar mei in fan de Nederlânske edysje ôfwikend omslach en mei it opskrift ‘Fryske Edysje’. It boek kriget op 7 oktober in offisjele presintaasje yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

It is foar it earst dat in boek fan Paulo Coelho, fan waans wurk oer de hiele wrâld mear as 200 miljoen eksimplaren yn 170 lannen ferkocht binne, yn it Frysk útkomt. Paulo Coelho sels is fereare mei de Fryske oersetting: ‘It docht my in soad plezier dat krekt dit boek fan my, dat hannelet oer it tragyske libben fan dizze bysûndere Fryske frou, yn it Frysk ferskynt.’ Mei dizze Fryske oersetting komt it totaal oantal talen dêr’t Coelho’s boeken yn oerset binne op ienentachtich.

It nijs om de ferskining hinne fan Coelho’s De spion falt kurieus genôch gear mei de dizze wike bekend makke fynst fan 48 ûnbekende brieven en 14 orizjinele foto’s fan de hân fan de yn Ljouwert berne Margaretha Zelle, sa’t Mata Hari yn wurklikheid hjitte. Oar jier wurdt betocht dat Mata Hari eksakt hûndert jier lyn (oktober 1917) ombrocht is.

Presintaasje

De boekpresintaasje fynt plak op freedtemiddei 7 oktober om 16.30 oere yn HSL (Histoarysk Sintrum Ljouwert) oan de Groeneweg 1. De earste eksimplaren wurde troch de hear Feitsma, wethâlder fan kultuer yn Ljouwert, útrikt oan de suksesfolle Fryske sjongster Tet Rozendal. Dêrnei sil Tet Rozendal in priuwke hearre litte út har Mata Hari Mystery Tour.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *