Akademy-ûndersiker Han Nijdam hat by syn ûndersyk yn it ramt fan it tarieden fan in nije edysje fan ‘e Aldfryske ynkunabel Freeska Landriucht (sa. 1485) in tekst fûn fan it ferlerne Aldfryske hânskrift Kodeks Unia. Dit foar it Aldfrysk wichtige hânskrift wie yn de sântjinde ieu yn it besit fan ‘e lânshistoarjeskriuwer fan Fryslân, Simon Abbes Gabbema (1628–1688), mar is nei syn dea ferdwûn. De ynhâld fan it hânskrift is bekend tanksy ôfskriften dy’t makke binne troch de gelearde Franciscus Junius (1589–1677). Mar Gabbema hat sels ek parten fan Unia oerskreaun.
Nijdam fûn in ferzy fan ‘e tekst ‘Oer de keningen Karel en Redbad’ út it Unia-hânskrift yn it eksimplaar fan ‘e ynkunabel Freeska Landriucht dat yn it besit west hie fan Gabbema sels. Yn dat eksimplaar hat Gabbema op ferskate plakken stikken tekst yn de marzje skreaun út oare Aldfryske hânskriften dy’t er yn syn besit hie, om de teksten sa mei elkoar te ferlykjen. De tekst oer Karel en Redbad yn Gabbema’s eksemplaar smyt in folsleinere Unia-ferzy op as oant no ta fia it ôfskrift fan Junius bekend wie.
It Frysk fan sirka 1300-1350
“Kodeks Unia is sa wichtich foar de stúdzje fan it Aldfrysk om’t de âldste teksten út dat hânskrift it Westerlauwersk Frysk, dus it Frysk út ‘e provinsje Fryslân, fan sirka 1300-1350 werspegelje”, seit Han Nijdam. “De oare rjochtshânskriften út Westerlauwersk Fryslân binne fan folle letter, nammentlik it ein fan ‘e fyftjinde ieu.”
De ôfskriften fan Franciscus Junius fan Kodeks Unia waarden yn 2012 troch ûndersiker Johanneke Sytsema yn opdracht fan ‘e Fryske Akademy dyplomatysk útjûn yn ‘e online Taaldatabank Frysk. De ynformaasje dy’t út de ôfskriften fan Simon Gabbema te heljen falt, stelt ûndersikers no by steat om it oarspronklike hânskrift noch better te rekonstruearjen.
Earder dit jier hat Han Nijdam de tekst oer Karel en Redbad ynsprutsen as ien fan ‘e Aldfryske teksten dy’t te beharkjen binne op de Vogala-App fan mediëvist Frits van Oostrom. It hiele eksimplaar fan Freeska Landriucht dat yn it besit wie fan Simon Abbes Gabbema is sûnt koarten te besjen op ‘e webside Annotated Books Online.
Boarne: Fryske Akademy