De ferhâlding tusken de Europeeske minderheden en de EU soe wol in goeie relaasjeterapy brûke kinne. Dy konklúzje is te lûken út de trijelûk FryslânDok dokumintêres dy’t Omrop Fryslân makke mei it each op de Europeeske parlemintsferkiezings fan 23 maaie. Yn de searje ‘De grinzen fan Europa’ wurdt pynlik dúdlik dat minderheden teloarsteld binne yn de Europeeske Uny. De dokumintêres wurde op 5, 12 en 19 maaie útstjoerd troch Omrop Fryslân op NPO2 en op it eigen tv-kanaal.
Yn de jierren ’90 waard noch folop praat oer ‘it Europa fan de regio’s’, mar hjoeddedei lykje de steaten wer foar master op te slaan yn de Europeeske Uny. Nettsjinsteande de offisjele slogan ‘Unity in diversity’ blykt it belang fan de lidsteat foar de EU hieltyd wer sterker te wêzen as dat fan de minsken yn de regio. Dat alteast is it gefoel dat libbet by de trije minderheden dy’t FryslânDok opsocht: de Roma yn Bulgarije, de Sámi yn Sweden en de Aranezen yn Spanje.
Yn it trijelûk ‘De grinzen fan Europa’ siket FryslânDok it antwurd op de fraach wat de minderheidsgebieten oan de EU te freegjen, mar foaral ek te bieden hawwe. By de oprjochting fan de EU wie de ferwachting dat Europa der ek foar de minderheden en de regio’s wêze soe. Dêrby moat de EU faak lavearje tusken it belang fan de minsken yn de regio’s en dat fan de naasjesteaten. It docht bliken dat de Brusselske bestjoerders faak kieze foar it lêste.
De Fryske sjoernalist Onno Falkena gie dwerstroch Europa op syk nei de leafde dy’t minderheden hawwe foar de Europeeske Uny. Fanút Ljouwert wie syn earste logyske halte: de Bulgaarske stêd Plovdiv, Kulturele Haadstêd fan 2019.
Plovdiv is ien fan de âldste stêden fan Europa, in stêd dy’t optilt fan kulturele rykdom, mei tank oan Turkse, Grykske en Russyske ynfloeden. Mar ek de stêd mei it grutste Roma-getto fan Europa. Yn de wyk Stolipinovo wenje 50.000 sigeuners yn earbarmlike omstannichheden. It Europeeske belied fan de lêste 9 jier hat dêr amper wat yn feroare, wylst ûnder ynfloed fan Bulgaarsk nasjonalisme de diskriminaasje earder ta as ôf liket te nimmen. Op it iepeningsfeest fan de Kulturele Haadstêd trof Onno net ien Roma. En yn it getto hearde hy tragyske ferhalen. It biedwurd fan Plovdiv 2019 is ‘zajedno’, Bulgaarsk foar mei-ïnoar. Mar in soad Roma yn it earmoedige getto kinne dat ‘together’-gefoel net diele.
Ek yn it uterste noarden fan it kontinent is de sitewaasje ek net florissant. De Sámi binne it iennichste natuerfolk fan Europa en hawwe as sadanich rjocht op beskerming, mar yn de praktyk hat it Sweedske regear amper each foar de Sámi-belangen. Mynbou en oare ekonomyske aktiviteit foarmje in streekrjochte bedriging foar de Sámi en der is gjin Europeeske ynstânsje dy’t it oandoart om Sweden op de fingers te tikken. Lykwols, no’t ek de klimaatferoarings it bestean fan de Sámi oanfrette, lykje de bewenners ree te wêzen om yn opstân te kommen. Onno is der tsjûge fan dat se de help ynroppe fan in heechlearaar boargerlike ûngehoarsemens, Stellan Vinthagen. Op de iuwenâlde Sámi wintermerk wurdt by -19 fûleindich demonstrearre tsjin de klimaatferoaring en dat is foar it earst.
Yn de autonome Val d’Aran, it meast noardwestlike gebiet fan Kataloanië, liket it better te gean. De Val d’Aran leit heech yn de Pyreneeën op de grins fan Spanje en Frankryk en foarmet it skarnier tusken ferskate kultueren en talen. De bern leare hjir fiif talen op skoalle, mei it eigen, lytse Aranees as earste. De Aranezen hearre kultureel by Oksitanië yn Frankryk, mar binne ôfhinklik fan Kataloanië én fan Spanje. De 10.000 ynwenners fan de Pyreneeëndelling wolle it leafste mei alle grutte buorlju yn harmony en binne dêrom wiis mei it Europa fan iepen grinzen en ien munt. Mar oprinnende spanningen tusken Kataloanië en Spanje bedriigje it bysûndere lykwicht yn de Val d’Aran, ta spyt fan de Aranezen.
De trije tv-dokumintêres kinne ek sjoen wurde op NPO Start en by Omrop Fryslân sels.