Pjutteboartersplak ‘De Troetelbeertjes’ yn Hijum sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling

Foto: SFBO
Op tiisdei 6 oktober 2015 wie it feest op pjutteboartersplak ‘De Troetelbeertjes’ fan Sisa yn Hijum. Riemkje Pitstra hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oan liedster Antsje Francis oerlange. It boartersplak wurket sûnt july 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en yn dat ramt fiere sy feest. Foar âlden en bern hat Riemkje Pitstra in foarstelling spile. Oan ‘e ein fan it feest wie der foar elk wat lekkers.

Provinsjaal ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal lokaasjes dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 185 en is noch altyd groeiende.

Pjutteboartersplak ‘De Troetelbeertjes’
Pjutteboartersplak ‘De Troetelbeertjes’ is ûnderdiel fan Sisa Kinderopvang. Sisa is in organisaasje dy’t ûnder oaren pjuttewurk en berne-opfang biedt yn in grut part fan Fryslân. Wylst wurkje der 29 pjutteboartersplakken en 7 bernedeiferbliuwen fan Sisa mei in twatalich belied. Yn Hijum sjocht dat der as folget út: Antsje praat konsekwint Frysk mei alle bern, alden en frijwillichsters. Frijwillichster Trientsje praat ek Frysk. It Nederlânsk kriget in plak yn aktiviteiten as sjongen, foarlêzen en opsisferskes. De fisitaasjekommisje skriuwt yn harren rapport it folgjende: ‘Antsje en Trientsje soargje foar in taalrike omjouwing dy’t oanslút by de belibbingswrâld fan de bern.’ En: ‘De liedster, tegearre mei de frijwillichster, soarget foar in rike taalûntjouwing. … Sawol mei ynformele as formele aktiviteiten daagje se de bern út ta it brûken fan safolle mooglik taal. It is in feest foar my dizze moarn om dat te folgjen. Se witte hiel goed wat se dogge en wat de bedoeling dêrfan is.’

Sertifisearring
Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.
It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.

Boarne: Sintrum Frysktalige Berne-opfang

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *