In aksje fan it Literêr Sirkwy mei as tema: sport en iten tidens de âlvestêderintocht.
In rinner – of kuierder – moat goed sportyf wêze, want der sille tidens de âlvestêderintocht hiel wat kilometers fretten wurde moatte. Underweis is it saak om op ‘e tiid wat te iten en foaral te drinken, en jûns hawwe de kuierders ferlet fan in streksum miel en in goed bêd. Mar hoe sit it mei de geastlike stipe?
It Literêr Sirkwy (ûnderdiel fan It Skriuwersboun) heakket tsjinwurdich ek oan by gruttere eveneminten. Fansels is dan de âlvestêderintocht fan 2013 dêr in prachtige gelegenheid foar. Dy kuiertocht begjint tiisdei 7 maaie mei it trajekt Ljouwert-Sleat (49,84 km.). Woansdei 8 maaie wurdt der rûn fan Sleat nei Warkum (44,91 ), Himelfeartsdei fan Warkum nei Frentsjer (42,37 km.), freed 10 maaie fan Frentsjer nei Dokkum (43,33 km.), en de tocht einicht op sneon 11 maaie mei it lêste stikje fan Dokkum nei Ljouwert (28,57 km.)
Tryntsje van der Veer, dichteres en mei-organisator fan it Literêr Sirkwy , sil besykje alle fiif dei-ôfstannen te rinnen. Leden fan It Skriuwersboun, mar ek dichters en skriuwers dy’t dêr net by oansluten binne, wurde útnoege om mei te rinnen, al is it ek mar foar ien dei. Eltsenien dy’t wol, kin Tryntsje efkes skoftsje litte om har te stypjen mei in fers of ferhaal om de geastlike motor op te laden.
Eltse dei skoot sy op in stuit oan tafel by in Frysk dichter of skriuwer om de ynwindige minsk te fersterkjen mei in goed miel en in noflik petear oer de skriuwerij dêr’t de gasthear of –frou him of har mei dwaande hâldt. At it meisit fynt se dêr ek in plakje foar de nacht, sadat sy moarns ier wer fris oan de start ferskine kin.
Der wurdt alle dagen ferslach dien fan Tryntsje har wjerfarren.
Dat ferslach wurdt troch in oare organisator fan it Frysk Sirkwy; Ruurdtsje de Haan, jûns op har weblog Kidelkollum ( http://kidelkollum.blogspot.nl/ ) set en op de site fan It Skriuwersboun; ( http://skriuwersboun.nl/ ).
Sjoch fierder ( http://elfstedenwandeltocht.nl/ ).