‘Fryslân Connected. Music, People and Multilingualism’.
In ynternasjonaal Walk in Event op freedtemoarn 28 septimber by it Saailân.
Op freed 28 septimber fan 10.00 oant 13.00 oere fynt it ynternasjonaal evenemint ‘Fryslân Connected’ oer meartaligens en kultueroerdracht plak op it fernijde Saailân yn Ljouwert. Dit is fergees tagonklik en is opset nei oanlieding fan it 10-jierrich bestean fan Liet International en it 25-jierich bestean fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy). It programma wurdt yn gearwurking mei it Europeesk Buro foar de Lytse Talen (EBLT) gearstald en is drinze fan ynterviews en muzyk. Dit evenemint is in ûnderdiel fan festiviteiten dy’t yn itselde wykein plak fine, yn ferbân mei de feestlike iepening fan it Saailân.
De tematyk fan it event giet oer meartaligens en de ynfloed hjirfan op kultueruterings, benammen yn muzyk. Foaral ek it perspektyf op de globalisearring en de lokale kultuer komt oan bar. Wethâlder Kultuer Isabelle Diks fan gemeente Ljouwert sil de konferinsje iepenje, dêrnei ynterviews mei gasten út Fryslân likegoed as út oare dielen fan Europa, mei harren eigen ynfalshoeken. Under oare direktrise fan Taalbelied fan Asturias Ana María Fueyo LLaneza en ynternasjonaal kultureel adviseur fan de Kulturele Haadstêd 2018 Rudi Wester sille prate. Sake Hylkema hat it oer Frysktalich muzykteäter dat hy bringt op ferskate skoallen. Elts dy’t hjiroer meiprate wol, of gewoan harkje, is wolkom!
By dit evenemint wurdt ek muzyk brocht en it slút oan by de festiviteiten dy’t letter op ‘e dei plak fine mei âld-winners fan Liet International.
25 jier Mercator, ûnderdiel fan de Fryske Akademy
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (foarhinne Mercator Education) is yn 1987 oprjochte op inisjatyf fan de Europeeske Kommisje, om temjitte te kommen oan it groeiend omtinken foar (autochtoane) minderheidstalen en regionale talen yn Europa en de needsaak foar minderheidstaalgebieten om ûnderfinings út te wikseljen en gear te wurkjen yn in Europeeske kontekst. It is oan de systematyske oanpak fan it Mercator Kennissintrum te tankjen dat de beskikberens fan ynformaasje oer minderheidstalen en de útwiksel fan dyselde ynformaasje sterk ferbettere is.
De thúsbasis fan Mercator is yn Ljouwert en is ûnderdiel fan de Fryske Akademy, ien fan de ynstituten fan de Keninklike Nederlandske Akademy fan Wittenskippen (KNAW). It ûndersyk dat de Fryske Akademy docht, dekt hiel Fryslân, har minsken, taal, histoarje en kultuer yn de breedste sin fan it wurd. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is rjochte op kennis ferwerven, kennis sirkulaasje en kennis tapassing. It sintrum is yn Europa in wichtich ynstitút op it mêd fan meartaligens en taallearen. Startpunt is it Frysk as eigen taal fan Fryslân en minderheidstaal yn Nederlân. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa.
Sjoch foar mear ynformaasje fan Mercator www.mercator-research.eu
10 jier Liet International
Liet International is ûntstien nei it 10-jierige jubileum fan it Fryske Songfestival Liet, dat yn 1991 begûn. Liet is útgroeid oant in ynstitút, dêr’t in protte Fryske bands en artysten fan namme oan meidiene. Je kinne hjirby tinke oan nammen as Nynke Laverman, publykspriis winner Twarres, Three-ality en Meindert Talma en de Negroes. Yn de tiid fan it 10-jierrich jubileum fan Liet ûntstie it idee om itselde te besykjen op Europeesk nivo; In sjongfestival foar it moaiste nije ferske yn in Europeeske minderheidstaal. Tagelikertiid makke it grutte Eurovisie Songfestival in tsjinoerstelde beweging troch de regel dat alle dielnimmers yn harren lânstaal sjonge falle te litten. It wie it bestjoer fan Liet ’91 yn dy tiid dúdlik; as we soks wolle is dit it momint. Fryske bestjoerders dy’t it inisjatyf fan herte stipen wiene ûnder oare Arno Brok, doe wethâlder fan kultuer fan Ljouwert, en Bertus Mulder, deputearre fan kultuer fan de Provinsje Fryslân. It Liet-bestjoer frege oan doetiidske produsint Ivan Pel om, mei in lyts groepke oare minsken, de nedige kontakten te lizzen en nije ferskes yn Europeeske minderheidstalen op te spoaren. Liet International hat yntusken yn ferskate lannen plakfûn, ûnder oare Laplân (Sweden), Bretagne (Frankryk) en Friuli (Itaalje). Dit jier mei Asturias yn Spanje it festival organisearje. Sjoch foar mear ynformaasje oer Liet International op www.liet.nl.
Foarriedich Programma*
9:30-10:00 Ynrin en wolkom troch deifoarsitter Alex Riemersma fan Mercator/Fryske Akademy
10:00-10:30 Iepening troch Wethâlder fan kultuer Isabelle Diks, dêrnei praat Ana María Fueyo LLaneza (direktrise Taalbelied Asturias)
10:30-12:00 Ferskate sprekkers oer meartaligens en kultueruiterings (û.a. Rudi Wester; ynternasjonaal kultureel adviseur Kulturele Haadstêd 2018, Sake Hylkema; oer Frysktalige Muzykteater op skoallen)
Oant 13:00 oere Muzyk en taljochtings fan bands op it poadium van het Nij Saailân Festival
* ûnder foarbehâld
Meikoarten is it folsleine programma hjir te finen.