Der binne yn Fryslân te min ûnderwizers mei in foech foar it fak Frysk. De Nederlânske oerheid moat no echt maatregels nimme om dat probleem oan te pakken. Dat skriuwt in advyskommisje fan de Ried fan Europa yn Straatsburch yn har twadde rapport oer it neilibjen fan it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden. In advyskommisje fan de Ried fan Europa die it ôfrûne jier ûndersyk nei de situaasje fan it Frysk. De kommisje brocht doe ek in wurkbesite oan Fryslân en prate doe mei tal fan Fryske organisaasjes, lykas it EBLT.
De kommisje publisearre ek ferskate oare oanbefellings:
Oer media: – Foar radio en televyzje yn it Frysk moat yn de takomst likefolle jild en likefolle stjoertiid beskikber bliuwe as no it gefal is. It Nederlânske regear soe der dêrom goed oan dwaan om de advizen fan de kommisje Hoekstra oer radio en televyzje yn it Frysk op te folgjen. Ek fynt de Ried fan Europa dat de provinsje in rol hâlde moat as it giet om radio en televyzje yn it Frysk.
Oer plaknammen: – Der soene yn Fryslân folle mear twatalige opskriften komme kinne. It is de Ried fan Europa opfallen dat der yn Fryslân hast gjin twatalige ferkearsboerden binne. De Ried jout Nederlân en Fryslân it advys om hjir wurk fan te meitsjen. Twatalige rjochtingoanwizers binne op oare plakken yn Europa hiel gewoan en binne boppedat goed foar de sichtberens fan de taal.
It Nederlânske regear krige fierder it advys om de dialooch mei Fryske organisaasjes te ferbetterjen. It is de Ried fan Europa opfallen dat it rapport fan de Ryksoerheid oer itselde ferdrach makke is sûnder earst mei Fryske organisaasjes te oerlizzen. De Ried fynt it sels frjemd dat ek foar de hân lizzende gespreksparters as it Konsultatyf Orgaan – dat koartlyn opdoekt is – en it steatekomitee Frysk net troch it Ryk rieplachte binne. Dat soe yn de takomst eins oars moatte, fynt de Ried fan Europa.
De Ried fan Europa sjocht fierder wol foarútgong as it giet om de posysje fan it Frysk. De Ried fan Europa is goed te sprekken oer de nije wet gebrûk Fryske taal, dy’t op 1 jannewaris yngien is. As dy wet goed neilibbe wurdt, hat dy seker positive gefolgen foar de posysje fan it Frysk, is de Ried fan betinken. It folsleine rapport fan de Ried fan Europa en ek de reaksje fan de Nederlânske ryksoerheid binne nei te lêzen op de website fan it Ramtferdrach foar nasjonale minderheden. It rapport is boppedat oerset yn it Nederlânsk en it Frysk. Dy oersettings binne publisearre op de website fan de Twadde Keamer.
It wie de twadde kear dat de Ried fan Europa in rapport skreau oer it neilibjen fan it Ramtferdrach nasjonale minderheden troch Nederlân. Nederlân rint dêrmei net foarop yn fergeliking mei guon oare lidsteaten. Sa hat de Ried fan Europa yn it ferline gauris te lang wachtsje moatten op ynformaasje út Den Haach wei, mar it Nederlânske regear hat yntusken tasein dat soks net wer foarkomme sil. Oer it neilibjen fan it Ramtferdrach wurdt ien kear yn de fiif jier ferslach dien. Mar de Ried fan Europa sit net stil. Dit kalinderjier sil de Ried it neilibjen fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen op ‘e nij ûndersykje. It neilibjen fan it Hânfêst wurdt ien kear yn de trije jier hifke. Yn it Hânfêst is net allinnich it Frysk opnommen, mar ek it Nedersaksysk, it Limburchsk, it Jiddysk en it Sinti en Roma.