Oer Eise Eisinga (1744-1828) is faak skreaun dat er in autodidakt wie. De bouwer fan it Planetarium yn Frjentsjer soe ‘in iensum sjeny wêze dat himsels wiskunde en astronomy learde’. In spektakulêre fynst yn de kolleksje fan Tresoar rekkenet foargoed ôf mei dit byld.
Yn de argiven ûntduts Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, in hânskrift mei de summiere omskriuwing ‘Meetkonst van W.W. 4to’. Dêryn seach er wiskundige opjeften stean dy’t identyk binne oan opjeften yn Eisinga syn hânskriften.
De W.W. op de omskriuwing ferwiist nei Willem Wytzes, in wolkjimmersfeint. Hy wenne en wurke yn Frjentsjer en folge dêr wiskundelessen oan de universiteit. Wiskunde wie it iennige fak dat iepen stie foar studinten dy’t gjin Latyn koenen, it wienen spesjale kolleezjes dêr’t ek in wolkjimmersfeint oan meidwaan koe.
Fanwegen de oerienkomst tusken de opjeften fan Willem Wytzes en Eisinga, liket it logysk om oan te nimmen dat Willem Wytzes syn lessen oan Eisinga joech, op grûn fan wat er sels oan de universiteit fan Frjentsjer learde.
Opjeften út it hânskrift fan Eise Eisinga (swart-wyt-byld) en út it hânskrift fan W.W. (Foto Tresoar, Haye Bijlstra)
Yn syn biografy fan Eisinga skreau Dijkstra al dat in grut diel fan de opjeften dy’t Eisinga makke út oare boeken kamen en dat er les krige. Utsein dat yn it hânskrift fan Wytzes in pear Latynske termen ferfongen binne troch Nederlânske, is hast alles eksakt werom te finen yn Eisinga syn útwurkingen. Dêrmei wurdt dus dúdlik dat Eise Eisinga net yn isolaasje fan de universiteit wurke, mar der krekt fan profitearre. En dat is fansels in folle moaier en begrypliker byld fan it ferline, dan dat fan ien dy’t hielendal allinne him de wiskunde en astronomy eigen makke.