De folslein Bretonsktalige skoallen fan de koepel Diwan binne in sukses. De iene nei de oare skoalle wurdt iepene. Der binne al fjirtich fan sokke skoallen yn Bretagne en ien yn Parys. It tal learlingen oan dy skoallen is it ôfrûne jier mei 3,24% stiigd. De basisskoallen krigen der 2,64% learlingen by en op ‘e skoallen foar fuortset ûnderwiis wie de groei sels 4,65%. Ien skoalle foar fuortset ûnderwiis, it Diwan-lyseum yn Carhaix/Karaez, krige der sels 10,0% learlingen by. Mei 333 learlingen sit dy skoalle oan de top fan syn kapasiteit. De skoalle heart troch de hege eineksamenresultaten by de bêsten fan hiel Frankryk.
Yn Fryslân is it ûnderwiis yn grutte mearderheid Nederlânsktalich. In beheind tal skoallen brûkt ek it Frysk en soms it Ingelsk as fiertaal. Skoallen dy’t alle lessen yn it Frysk jouwe binne der net. Yn it bûtenlân binne der in soad skoallen dêr’t de regionale taal de fiertaal is. Yn Wales, by de Sorben en de Denen yn Dútslân en by de Sweden yn Finlân is dat tige gewoan. De skoalresultaten binne faak treflik en de kennis fan de lânstaal hat net te lijen ûnder it gebrûk fan de streektaal yn de lessen.
De Diwan-skoallen hawwe wol in finansjeel probleem. Hja wurde as priveeskoallen mar foar in lyts part troch de oerheid stipe. Dat wol sizze dat âlden en taalorganisaasjes foar de kosten opkomme. De Diwan-koepel besiket om mear oerheidsstipe los te krijen.
Boarne: It Nijs