It is dit jier 100 jier lyn dat de Richthofenkolleksje yn besit kaam fan Provinsje Fryslân en ûnderbrocht waard by Tresoar. Op freedtemiddei 16 desimber fiere we de mylpeal fan dizze bysûndere kolleksje by Tresoar, dy’t op 1 novimber ek it predikaat UNESCO Memory of the World krigen hat.
Wat is eins de Richthofenkolleksje? En wêrom is dy kolleksje sa belangryk foar Fryslân? Mei lêzingen fan û.o. Vincent Robijn (direkteur Collectie Overijssel), prof. dr. Andreas Deutsch (direkteur Deutsches Rechtswörterbuch) en de ûndersyksgroep Pastei, wurdt it in nijsgjirrige middei. Fansels helje we foar dizze spesjale gelegenheid de Richthofenkolleksje út it depot, sadatst it mei eigen eagen besjen kinst!
Programma
13:30 | Ynrin mei kofje en tee |
14:00 | Wolkom en ynlieding – Arjen Dijkstra, direkteur Tresoar |
Untdekkingen – Herre de Vries en Riemer Janssen, ûndersyksgroep Pastei | |
‘No Richthofen, No Fryslân’ – Bert Looper, Tresoar | |
‘Richthofenkolleksje en de talen van Nederland’ – Vincent Robijn, direkteur Collectie Overijssel | |
‘Die internationale Bedeutung der Friesischen Rechtsquellen’ – Andreas Deutsch, direkteur Deutsches Rechtswörterbuch | |
skoft | |
‘Crowdfunding yn 1922 om de Richthofenkolleksje nei Fryslân te krijen’ – Sietske Poepjes, deputearre Provinsje Fryslân | |
‘Unesco Memory of the World’ – Nederlandse Unesco Commissie | |
Tankwurd – Arjen Dijkstra, direkteur Tresoar | |
16:30 | Ofsluting mei in borrel |
Oer de Richthofenkolleksje
De Richthofenkolleksje bestiet út tsien midsiuwske rjochtshânskriften en jildt as in topkolleksje. De hânskriften binne sammele troch de Prusyske rjochtsgelearde Karl von Richthofen (1811-1888), dy’t him spesjalisearre yn midsiuwsk Frysk rjocht. Op 1 novimber 2022 is de Richthofenkolleksje ynskreaun yn it Unesco Memory of the World Register.
It belang fan de Richthofenkolleksje sit him benammen yn it feit dat seis fan de tsien hânskriften yn de Aldfryske taal skreaun binne; dêrmei befettet de kolleksje in grut part fan wat der oan Aldfrysk oerlevere is. Want yn totaal binne der mar sechtsjin Aldfryske hânskriften bekend, neist it earste yn it Frysk drukte boek. Fan dat boek – it ‘Freeska Landriucht’ (1484-86) – hat Tresoar ek trije eksimplaren in de kolleksje.
Yn 2020 gie in ûndersyksgroep fan Pastei fan start mei in ûndersyk nei de Richthofenkolleksje. Mear ynformaasje oer de Richthofenkolleksje: Richthofen.nl
Oanmelde
Komst ek nei it sympoasium op freedtemiddei 16 desimber? Meld dy hjir oan