Op tiisdei 7 oktober presintearre de Fryske Akademy op it Provinsjehûs yn Ljouwert de demo fan Taalweb Frysk, it nije webportaal ornearre foar elts dy’t Frysk skriuwt. It eigentiidsk skriuwark (de ‘tool’) helpt ek tige by it lesjaan yn it fak Frysk. Deputearre Jannewietske de Vries: “Hjir wie ferlet fan yn it fjild. In moai, dúdlik helpmiddel, sadat minsken it Frysk makliker brûke en der minder mei wrakselje.”
Taalweb Frysk is in online tapassing. It bestiet út fjouwer ûnderdielen. Yn de Wurdlist Frysk binne de foarkarsfoarmen foar de taal fêstlein, it hat in staveringshifker, in wurdboekportaal en it jout automatyske oersethelp. Sa kriget de taalbrûker eigentiidsk digitaal skriuwark, dêr’t men Fryske teksten yn de krekte stavering mei opstelle kin. Hjoed presintearre men de demo. Mei in bywurke foarmjouwing en de lêste oanpassings is de definitive ferzje letter dit jier beskikber.
Wurdlist en staveringshifker
De Wurdlist Frysk kin brûkt wurde as hâldfêst, it jout dúdlike foarkarsfoarmen oan. Taalweb Frysk foarsjocht hjirmei yn in dúdlik ferlet fan tekstprodusinten, oersetters, it ûnderwiisfjild en de oerheid. De provinsje Fryslân lei dêrom de opjefte by de Fryske Akademy del, om ta in lykfoarmige list te kommen. De Wurdlist slút fierhinne oan by it hjoeddeiske skreaune Frysk.
De nije staveringshifker is basearre op de Wurdlist. De brûker kriget suggestjes om foarmen dy’t wol geef binne mar net yn ‘e list steane, te ferfangen. It sinjalearret ek hollanismen. Ek jout it gewoane typflaters oan. De technyk hjirefter is ûntwikkele troch Gridline yn Amsterdam.
Wurdboekportaal en oersetter
It wurdboekportaal keppelet fjouwer Fryske wurdboeken en in tal wurd- en terminologylisten oaninoar. Mei ien sykfraach wurdt yn allegear tagelyk socht. Sa komt de brûker ek ekstra oersettings en bygelyks synonimen tsjin, wat de wurdskat ferheget.
Mei de oersetter kin men Fryske teksten automatysk nei it Nederlânsk oersette en oarsom. Dêrby wurdt technyk brûkt dy’t troch de Radboud Universiteit yn Nijmegen makke is.
Lytse oanpassings
De Wurdlist Frysk en de staveringshifker binne basearre op ‘e jildende regels fan de Fryske stavering, mei lytse oanpassings. Mei Taalweb Frysk is der in konsekwinter staveringssysteem foar it Frysk, drekst ta te passen troch alle taalbrûkers.
Sjoch en beharkje ek it ferslach fan Omrop Fryslân oer it Taalweb.