By de Afûk is de nije Fryske skriller ‘De klûs – De dûbele moard op ien professor’ fan Tsjeardsje Lamberts ferskynd. It boek is it twadde aventoer fan ynspekteur Kynke Swichum, de ‘opfallend ûnopfallende’ plysjefrou dy’t ek al de haadrol spile yn ‘Depot 5’.
It ferhaal
De Wittenskiplike Bibleteek, it pronkje fan in sliepperige provinsjehaadstêd yn it noarden fan it lân, wurdt opskrille troch in makabere ûntdekking. Yn de klûs fan it wichtige ynstitút fine meiwurkers it lichem fan in deade man. Hy is fermoarde én mummifisearre. In saak dy’t ynspekteur Kynke Swichum daliks foar in grutte útdaging stelt.
Sintraal yn it ferhaal stiet in deugdsume histoarikus dy’t in bysûndere ûntdekking dien hat. Wylst Swichum besiket om de grouwélige moard sa gau mooglik op te lossen, wurdt se konfrontearre mei gefaren út ûnferwachte hoeken. Har gefoelens foar de sjarmante boargemaster Gysbert Braeksma meitsje har wurk ek net makliker. Kin Swichum alle gefaren dy’t op har ôfkomme ûntwike en tagelyk soargje dat rjocht dien wurdt? En slagget it har om har romantyske gefoelens in plak te jaan?
Oer de auteur Tsjeardsje Lamberts wurke mear as fjirtich jier by ferskate argyfynstellingen. Se set har graach yn foar de oplieding fan takomstige professionals op it mêd fan kultuer en skiednis. Yn har frije tiid lêst se graach, reizget se de wrâld oer en genietet se fan har knyntsjedagen. Fan social media moat se neat hawwe. Fan Lamberts ferskynde earder de skriller ‘Depot 5 – De moard op de haadargivaris’.
Fan hjoed ôf is it nije album fan de dielnimmende skoallen fan SjONG junior te belústerjen. Op it ûndertusken tredde album fan SjONG junior steane nije Fryske ferskes makke foar én troch basisskoallebern. De oerienkomst? De ferskes gean stik foar stik oer bysûndere plakken yn de omjouwing fan de bern.
De skoallen IKC It Anker út Dronryp, PCBS Ds. Hasperskoalle út Akkrum, IKC Sint Radbodus út Dronryp, Daltonschool Sint Jozef fan De Lemmer, OBS De Brêge út Skarsterbrêge, Dr J. Botkeskoalle út Damwâld, CBS Fûgelsang út Berltsum en IKC Máxima út Ljouwert hawwe allegearre in plakje op dit nije album.
Foto fan SJONG Junior
Wat út dyn omjouwing fertsjinnet in ferske?
Yn de ferskes sjonge de bern oer wat harren omjouwing sa unyk makket. Fan de sfear en it fakânsjegefoel yn it doarp oant in bekende brêge en grutte eveneminten yn harren eigen omjouwing. Mei presintator en muzikant Raynaud Ritsma skreaune de klassen in eigen sjongtekst mei as tema ‘Wat út dyn omjouwing fertsjinnet in ferske’? Belústerje it nije album fan no ôf op it Spotify en YouTube-kanaal fan Tsjil.
De grutte finale
Op freedtejûn 12 juny 2026 om 19.30 oere fynt de grutte finale fan SjONG junior plak. Op dy spannende jûn yn Skouboarch De Lawei yn Drachten wurde de optredens beoardiele troch in faksjuery besteande út Mayte Veenstra, Janneke Brakels en Paul Horjus. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Raynaud Ritsma.
SjONG junior is in wedstriid wêryn’t basisskoallen nije Fryske ferskes meitsje én de striid mei-inoar oangean yn de finale. SjONG junior is in projekt fan Taalplan Frysk, Omrop Fryslân, Cedin, Afûk en Keunstwurk. Dit jier makket it programma ûnderdiel út fan de muzykspesjal fan Tsjil Tsjekt
By de Afûk is in unyk nij Frysk berneboek ferskynd: ‘Myn Gouden Boekje oer it Waad’, geskikt foar bern fan fjouwer oant acht jier. It boekje is skreaun troch Jet Bakels en de kleurrike yllustraasjes binne fan Yoko Heiligers.
It ferhaal begjint al op ’e fearboat: ûnderweis nei de eilannen stapst yn in oare wrâld. In wrâld fol natuer, kleuren, geuren, lûden en skiednis. Fan de seefûgel dy’t in krintepofke út dyn hân pikt, oant it wier dat op ’e weagen dobberet; alles is mei-inoar ferbûn.
Myn Gouden Boekje oer it Waad nimt dy mei op ûntdekkingstocht troch dit bysûndere stikje Nederlân en leart dy fan alles oer de ferskillende bisten – en minsken! – dy’t dizze eilannen mei-inoar diele.
‘Myn Gouden Boekje oer it Waad’ is ta stân kommen troch in unike gearwurking tusken útjouwerij Rubinstein, Stichting Werelderfgoed Nederland en útjouwerij Afûk. It Gouden Boekje oer UNESCO Wrâlderfgoed de Waadsee is skreaun troch Jet Bakels en yllustrearre troch Yoko Heiligers.
By de Afûk is in prachtich nij berneboek ferskynd: Ate en de seeheks. It is it debút fan Elbrich Vreeling, dy’t ek de yllustraasjes foar it boek makke.
It ferhaal
Lâns de Gaasterlânske kliffen wenje de klifminskjes. De kâns datst ien tsjinkomst, is net sa grut: se binne mar hiel lyts en as se minsken sjogge, krûpe se gau fuort. Klifmantsje Ate wennet oan it Marderklif. Op in dei kriget er in brief fan syn omke, dy’t slim siik is. Hy freget oft Ate foar him nei de seeheks yn Laaksum gean wol. Har drankjes hawwe al hiel wat klifminskjes better makke. Mar Ate hat ek heard dat de seeheks it net stean hat op klifmannen. Sa giet der in ferhaal om dat se ea in klifmantsje feroare hat yn in wjirm. Ate grizelet as er dêroan tinkt. Hy doart net nei dy heks! Mar kin er syn omke wol yn ’e steek litte?
Oer de auteur
Elbrich Vreeling makket mei Ate en de seeheks har debút as skriuwer en yllustrator. Mei har ferbyldingskrêft en sfearfolle yllustraasjes bringt se in bysûndere wrâld ta libben. Earder hat Vreeling bydragen levere foar It Grutte Foarlêsboek, diel 1 en 2. Ek sit se by de ‘Keimpe-skriuwgroep’, in groep skriuwers dy’t meiwurket oan de ferhalen fan Keimpe de Krokodil, foar bern fan 4 oant 8 jier.
Mei it boek ‘Lês mar sels! 20 bjusterbaarlike ferhalen’ kinne begjinnende lêzers harren Frysk lêzen oefenje en allegear aventoeren belibje. De yllustraasjes fan Keimpe-tekener Aart Cornelissen meitsje it boek ekstra moai om te lêzen. Juf Sija Vellema fan CBS De Ikker yn Blije by de boekpresintaasje: “Moai om te sjen hoe’t de bern lêze, mar ek al skriuwe yn it Frysk! Sels groep 3. Sy hawwe dat noch net oefene, mar it giet no al fansels.
Fan de dichtbondel Ien tel de ierde stil fan Arjan Hut is in twadde printinge ferskynd. De bondel, dy’t foar it earst útkaam yn 2023, waard skreaun yn de perioade dat Hut Wâlddichter wie fan de gemeente Achtkarspelen — in tiid fan coronalockdowns, mûlkapkes en jûnsklokken. By him thús oan de Delistrjitte, by Tresoar, yn ’e trein fan Ljouwert nei Bûtenpost, ûnderweis yn ’e bus nei Surhústerfean, op it Skriuwersarkje fan Rink van der Velde en op ’e camping yn De Pomp.
As in knipperjende tried rint it tema tiid troch Ien tel de ierde stil. Der is in winsk om de tiid te manipulearjen. “Wie it mar wer as froeger”, bromt in man op it terras. Op De Feanhoop rint in klok fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te sizzen oer in nije oarloch. Mar stoppet de tiid dan echt? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en dy liket op in bijekoer. Yn it poldertsjuster lekt de Molkwei oer de terpen.
Ien tel de ierde stil is de sechsde dichtbondel fan Arjan Hut. Lêzers priizgje de krêftige byldspraak, de emosjonele djipgong en de ferrassende tagonklikheid.
De parse oer de bondel: ‘Yn in skitterende styl, dêr’t perspektyf en tiid oan ien tried wei ferspringe, observearret de dichter skerp’. (Albertina Soepboer, LC 06-09-2023)
Sûnt 2023 is Arjan Hut Dichter fan Fryslân. Yn dy rol set er him yn foar poëzij, ûnderwiis en literêre projekten yn ’e provinsje.
By de Afûk is ferskynd: de dichtbondel ‘Spegelrinner’ fan dichter en berneboekeskriuwer Paul van Dijk. It is de twadde dichtbondel fan de Warkumer skriuwer. Foar syn earste bondel ‘Famke fan snie’ krige Van Dijk yn 2022 de Douwe Tammingapriis, de priis foar it bêste literêre debút. De dichtbondel ‘Spegelrinner’ giet oer de simmer en de see, oer it no, de takomst en it ferline. Yn de gedichten – dy’t ryk oan bylden binne, licht fan toan en hjir en dêr wat surrealistysk – siket de haadpersoan yn ’e spegel nei himsels.
De foarmjouwing fan de bondel is fersoarge troch Monique Vogelsang. Op it omslach binne twa skuon te sjen wêrfan’t de eigener ferdwûn is, wylst syn skaad noch even hingjen bliuwt. In byld dat goed past by de nijsgjirrige gedichten yn dizze bondel.
Paul van Dijk is dichter, skriuwer en yllustrator. Syn wurk lit in grut ferskaat sjen: hy makket ferhalen, yllustraasjes en teäter foar bern en skriuwt gedichten en muzyk foar folwoeksenen.
De muzikale presintaasje fan ‘Spegelrinner’ fynt plak by ‘Kultuer yn ’e Keamer’ yn maart 2026 (datum noch net bekend), in evenemint organisearre troch De Paupers wêrby’t yn Warkumer húskeamers muzyk, poëzy en teäter te sjen en te hearren wêze sil.
De dichtbondel is te keap by de Afûk, mar ek by oare boekhannels rûnom yn Fryslân, û.o. by de Bruna yn Balk, Boekhuis Stumpel yn Warkum en Boekhandel Muizelaar yn Koudum.
Wa ken ’m net? Dat mantsje altyd blier mei syn krol yn it hier? Enoarme oantallen pjutten kamen yn ’e rin fan ’e jierren yn ’e kunde mei Tomke, mar nei 30 jier komt der in ein oan it Tomke-projekt. Sa waard hjoed yn in parsekonferinsje troch Tomke sels bekend makke. It hommels ferstjerren fan Tomke syn geastlik heit en tekener Luuk Klazenga oardel jier lyn foarme de oanlieding om it fuortbestean fan it projekt yn de hjoeddeistige foarm op ’e nij te besjen. Yn oparbeidzjen mei belutsenen en ferskate pedagogysk professionals is ûnder lieding fan de Afûk in nij konsept foar foarskoalske edukaasje ûntwikkele: Tys & Teske. Krekt as by Tomke sille in hiel soad ferhalen, aktiviteiten en oare produkten fan Tys & Teske net allinne foar de profesjonele pjutte-opfang makke wurde, mar likegoed geskikt wêze yn de thússituaasje.
It Tomke-projekt ûntstie yn de jierren ’90 út in ferlet fan Frysktalich materiaal foar pjutten. ‘By in twatalige ûntwikkeling sa’t wy dat hjir yn Fryslân hawwe, is it lizzen fan in sterke taalbasis belangryk’, sa seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk by de Afûk. ‘Dy twatalige basis wurdt lein yn de earste fjouwer jier fan in bern. Krekt yn de earste jierren is it dêrom nedich om de taalûntwikkeling te stimulearjen, yn de thússituaasje mar ek by de opfang. Dêrby is ekstra omtinken foar in minderheidstaal sa as it Frysk nochris ekstra belangryk.’
It Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân inisjearre it Tomke-projekt. Der waard in Tomke-wurkgroep gearstald wêryn’t Afûk (algemiene koördinaasje), FERS (út namme fan de biblioteken fan Fryslân), Omrop Fryslân, Cedin en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) gearwurken en meielkoar soargen foar promoasje en fersterking. Yllustrator Luuk Klazenga waard frege om in jonkje te tekenjen en sa ferskynde yn 1996 it alderearste Tomke-boekje.
It giele tydskriftke soe dêrnei jierliks yn de Fryske Foarlêswike útdield wurde oan alle pjutten yn Fryslân. Yn ’e rin fan ’e jierren waarden geandewei mear produkten fan en oer Tomke ûntwikkele: telefyzje-aventoeren, ferhalen en boeken yn alle tema’s, edukative materialen, in website, in app, hânpoppen en gean sa mar troch.
Al dy jierren joech Luuk Klazenga foarm oan Tomke, hûntsje Romke, Kornelia en Yana Yu. ‘It hommels ferstjerren fan Luuk yn 2024 rôp de fraach op hoe no fierder mei Tomke’, fertelt Rienstra. ‘Ferskate opsjes passearren de revu, mar nei in soarchfâldich proses, wêryn’t wy de belutsenen om it Tomke-projekt hinne mar ek foaral de doelgroep fan pedagogysk professionals befrege hawwe, hawwe wy besluten om gjin nij Tomke-materiaal mear te ûntwikkeljen en yn te stekken op de ûntwikkeling fan in nije line.’
Tys & Teske: in nije line mei suksesfolle aspekten fan Tomke
By it ûntwikkeljen fan Tys & Teske is gebrûk makke fan kennis, ferlet en winsken fan in groep pedagogysk professionals dy’t ek as testgroep funksjonearre. De fierder noch te ûntwikkeljen ferhalen, aktiviteiten en materialen sille oansette ta foarlêzen en (Frysk) praten, ta boartsjen en dreamen. ‘Wy wolle de suksesfolle aspekten fan Tomke graach behâlde, mar mei nije karakters en in nije, frisse útstrieling dy’t oanslút by it ferlet fan de pedagogysk professionals en minsken thús, en dy’t fansels foaral soarget foar in soad taalwille by jonge bern!’
Op de fraach wêrom’t der keazen is foar twa karakters seit Rienstra: ‘De twa karakters, in jonkje en in famke, hawwe elk in eigen persoanlikheid. Teske is wat dryster en Tys wat mear skruten, hy sjocht de kat earst út ’e beam. Elke pjut sil him of har mei ien fan de twa identifisearje kinne.’ De nije karakters sprekke jonge bern oan om’t se werkenber binne, feilich en fertroud as in freontsje, se hawwe deselde emoasjes en gefoelens as it jonge bern en sa wurde bern nijsgjirrich nei wat de karakters allegear belibje.
Willemke Brouwer fan De Jouwer joech letterlik foarm oan Tys & Teske. De kar foar Willemke wie al gau makke: ‘Willemke kin prachtich tekenje, har yllustraasjes hawwe persoanlikheid en fertelle in eigen ferhaal.’
Organisaasje
Tys & Teske is in gearwurkingsprojekt mei likernôch deselde partijen as dy’t by Tomke belutsen wiene. De Afûk is de karrelûker fan it projekt en ûntwikkelet de materialen by Tys & Teske yn gearwurking mei it SFBO, dat in soad op twatalige berne-opfanglokaasjes te finen is en dy lokaasjes helpt om it Frysk in folweardich plak te jaan. FERS tinkt mei út namme fan de biblioteken fan Fryslân en Omrop Fryslân is by it projekt belutsen mei as doel om te sjen oft Tys & Teske ek ta libben brocht wurde kinne op it skerm. Al dy partijen wurkje mei-inoar gear yn it Lês-mar-foar-projekt, dat mei de jierlikse Lês-mar-foar-wiken yn septimber omtinken freget foar it belang fan foarlêzen oan jonge bern. Yn de materialen dy’t alle jierren yn dy Lês-mar-foar-wiken útdield wurde, sille Tys & Teske fan no ôf ek fertsjintwurdige wêze.
Deputearre Eke Folkerts kriget fan Tomke it earste Tys&Teske boekje útrikt. Foto: Jacob van Essen, Fotobureau Hoge Noorden
Einlik de wrâld yn Nei in lang en deeglik ûntwikkelingsproses wie it op ’e earste dei fan de Nationale Voorleesdagen tiid foar Tys & Teske om einlik de wrâld yn. It alderearste boekje fan Tys & Teske, mei in ferhaaltsje skreaun troch Paul van Dijk, waard yn de biblioteek fan Dronryp oerhandige oan deputearre Eke Folkerts, dy’t it dêrnei oan de oanwêzige pjutten foarlies. It boekje is fan hjoed ôf fergees te krijen by alle biblioteken yn Fryslân en ek alle berne-opfanglokaasjes hawwe in eksimplaar tastjoerd krigen, sadat alle pjutten yn ’e kunde komme kinne mei Tys & Teske. Letter yn it jier ferskine in knibbelboek mei ferhalen, (opsis)ferskes en tips en aktiviteiten by tema’s dy’t oanslute by besteande Nederlânske VVE-metoaden lykas Uk & Puk en Piramide. Ek in foarlêsboek, poppen, in website mei mear ynformaasje, tips en oanfoljende materialen per tema en spultsjes foar bern steane op ’e rol.
Op ’e hichte bliuwe fan nijs oer Tys & Teske? Gean nei www.tysenteske.frl en meld dy oan foar de nijsbrief, want dat kin no al.
In dichtbondel dy’t Gratama (1932 – 2017) acht jier lyn sels skreau en gearstalde
‘Hagelslach’, de lêste dichtbondel fan Rients Gratama, mei tekeningen fan syn frou en keunstner Carla van der Heijde. De presintaasje wie yn hannen fan Geart de Vries, dy’t Carla ynterviewde oer it ta stân kommen fan de bondel, en dy’t Freark Smink befrege oer syn relaasje en gearwurkjen mei Rients. Smink mocht ek it earste eksimplaar fan ‘Hagelslach’ yn ûntfangst nimme. “Rients joech libbenswille, en stof om oer nei te tinken”, sa sei Smink. Dat slút moai oan by de fersen; altyd mei wat humor, mar meast ek mei in filosofyske ynslach. De bondel is fan hjoed ôf rûnom te keap yn de boekhandels yn Fryslân.
Freark Smink bliid mei earste eksimplaar. Foto’s: Hermien van der Meer en Froukje van Houten.
Sechstich jier bespile kabaretier en teäterman Rients Gratama alle poadia yn Nederlân mei gemiddeld ien kear yn ’e fjouwer jier in Frysk programma. Hy skreau yn syn libben mear as 60 programma’s, wêrûnder in tal toanielstikken en musicals, mei likernôch 750 lietteksten. Ek hie er rollen yn toaniel- en musicalproduksjes. In libben fan skriuwen en spyljen en no dus in bondel mei gedichten, skreaun en gearstald troch Rients sels, yn de lêste oardel jier fan syn libben.
Yn dy lêste oardel jier waard troch syn ôfnimmende sûnens dúdlik dat Rients syn teksten net mear sels op it toaniel bringe soe. Mar ideeën wiene der mear as genôch en skriuwe koe er noch wol. It waarden gedichten, want wêr’t in liet skreaun wurdt mei gefoel foar in muzikaal ritme en om in komponist freget, jout in gedicht alle romte foar gedachten. Foarmjûn yn de poëzij fan it wurd sels: in foarm dy’t paste by hoe’t Rients syn eigen libben oerseach yn al syn grutte en lytse fasetten, fan begjin ta de ein en alles der tuskenyn.
Troch it skriuwen oer ‘begjin ta de ein en alles der tuskenyn’, ûntstie by Rients Gratama it idee fan in bondel. Dóchs noch in programma, mar dan yn in boekbân. Hy frege syn frou Carla van der Heijde om der tekeningen by te meitsjen. It soe harren lêste mienskiplike projekt wurde.
Eksposysje
Tekening by gedicht ‘mear net’ – Rients Gratama. Foto’s: Hermien van der Meer en Froukje van Houten.
De orizjinele houtskoaltekeningen út de bondel binne de hiele moanne desimber noch te sjen op alle sneonen en sneinen fan 12.00 – 17.00 oere yn Atelier Carlavanderheijde, Oostergrachtswal 25, 8921 AA Ljouwert.
Ferwachte: De Grouwe Gratama
Ein 2026/begjin 2027 ferskynt noch in boek fan Rients Gratama, ûnder de titel: De Grouwe Gratama. In tsjok boek fan 800 siden mei in bondeling fan (hast) al syn lietteksten.
De Fryske taal is unyk. Dochs wurde typysk Fryske wurden wolris fergetten of wurdt it Fryske taalgebrûk beynfloede troch it Nederlânsk of it Ingelsk. It nije boekje ‘Dat is moai Frysk!’ behannelet krekt dát typyske en moaie Frysk taaleigen. It boek is te keap fan 1 desimber ôf.
Dat is moai Frysk! lit sjen wat it Frysk eigen makket én hoe moai oft it Frysk wêze kin. Tink oan saken dy’t oars binne as yn it Nederlânsk, wurden mei in dûbelde betsjutting en fansels in hiel soad typysk Fryske siswizen en útdrukkingen. In ferdjipping foar de Fryske taal, foar elkenien dy’t it nijsgjirrich fynt of dy’t moaier Frysk leare wol! It boek bestiet út seis haadstikken, grôtfol ferhaaltsjes, útlis, puzels, sykplaten en in protte yllustraasjes. Alles komt mei in sûne poarsje humor foar it fuotljocht.
Lesprojekt foar it fuortset ûnderwiis
Dat is moai Frysk! is makke troch team Fuortset Underwiis fan de Afûk, yn gearwurking mei dosinten Frysk. De ynhâld is foar in part basearre op De Stipe en it nije boekje is dan ek in spirituele opfolger te neamen.
“Wer in stap foarút om ta better Frysk te kommen. Dat bylket mar skoan!”
Sytze T. Hiemstra, einredakteur De Stipe
Neist dat it boekje nijsgjirrich is foar elkenien, is it goed yn te setten yn de klasse. Nei de krystfakânsje sil der foar de skoallen dan ek lesmateriaal by it boekje te finen wêze yn de online metoade Searje 36. De sykplaten yn it boekje binne foar dosinten op posterformaat beskikber (te bestellen fia in mailtsje nei searje36@afuk.frl). In stikmannich dosinten hat de posters krigen op it kongres Fierder mei Frysk, dêr’t de reaksjes uterst posityf wienen.
Winaksje
Ta promoasje fan dit nije boekje komt de Afûk mei twa moaie winaksjes. Foar de earste 15 minsken dy’t it boek yn de Afûk-winkel keapje (fan tiisdei 2 desimber ôf), leit der in machtich Dat is moai Frysk!-kadopakket klear. Yn de wike fan 8 desimber kinne minsken in eksimplaar fan it boek winne fia it Facebook- en Instagram-akkount fan de Afûk. Dielnimmers kinne yn in reaksje op it berjocht litte witte hokker typysk Fryske siswize of útdrukking sy moai fine om te brûken, mei de hashtag #datismoaifrysk. Meidwaan kin de hiele wike: op 15 desimber wurde út alle reaksjes twa winners keazen.
Boekgegevens
Dat is moai Frysk!
Auteur: Welmoed Sjoerdstra
Konsept en kreaasje: Doutsen Jellema, Harm van Zuiden, Lisa Boersma, Stephan Berger, Tjeerd Kooistra, Welmoed Sjoerdstra