Fan 14-16 septimber hat de Twadde Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen plak yn Ljouwert. It tema fan dizze ynternasjonale konferinsje is mei it tema ‘Fearkrêft’
Fearkrêft
It Frysk en de Fryske skiednis kent op ferskate mêden in grutte fearkrêft. Sa wiene de Friezen yn de midsiuwen by steat om har eigen bestjoer en eigen rjochtssysteem oerein te hâlden. De ferneamde Fryske Frijheid jildt as in prachtich foarbyld fan fearkrêft. Mar men kin ek tinke oan de 19e iuw, doe’t de Romantyk en de Fryske Beweging opkamen yn de kontekst fan it nije Keninkryk der Nederlannen. Dy ûntwikkelings ha in soad betsjutten foar de komst fan in standert grammatika, de stúdzje nei de Fryske taal en foar de Fryske literatuer.
Fearkrêft fan it Frysk is ek hjoed-de-dei in wichtich tema. Hoe kin in lytse taal har steande hâlde yn in hieltyd globalisearjendere wrâld? Ek no sjogge wy ûntwikkelings, bygelyks binnen it ûnderwiis mei it ambisjeuze Taalplan 2030 en de opkomst fan technologyske tapassings lykas spraakwerkenning en –synteze foar lytse talen.
Men kin tinke oan de yntegraasje fan lytse of minderheidstalen yn it meartalich ûnderwiis, sawol binnen it foarskoalsk ûnderwiis as basis-, fuortset ûnderwiis en oant ûnderwiis oan folwoeksenen. De útdagings dêr’t lytse talen tsjinoan rinne as sy spraak- en/of taaltechnologyske tapassings ûntwikkelje wolle komme oan bod
Sprekkers
De haadsprekkers op de konferinsje fan trije dagen binne Barbara Gross (Free University of Bozen-Bolzano en Goethe-University Frankfurt), Jarich Hoekstra (Christian-Albrechts-Universität Kiel), Joep Leerssen (Universiteit van Amsterdam) en Odette Scharenborg (TU Delft). It folsleine programma is hjir te finen.
Publyksmiddeis en Akademydei
Op ‘e tongersdeitemiddei is der in publyksmiddei en op ‘e freedtemiddei is it de Akademydei en wurdt de 84ste Dies Natalis fan de Fryske Akademy fierd. Dy beide middeis binne fergees tagonklik (tagong foar de moarns ynklusyf drinken en middeisiten is €45,-).
Organisaasje
De organisaasje fan de Konferinsje yn hannen fan de Fryske Akademy, Mercator European Research Centre, NHL Stenden University of Applied Sciences, University Groningen en University Groningen / Campus Fryslân. Boppedat wurdt der gearwurke mei de Fryske Rie y.f.m. it Ynterfrysk Kongres mei in sympoasium op 17 septimber, yn Dokkum.
Lokaasje en opjefte
De konferinsje hat plak yn Ljouwert, yn it Westcord WTC Hotel yn Ljouwert. In passe-partout is €160,- of €100,- mei studintekoarting.
Op Conference on Frisian Humanities kinne jo jo (oant 1 septimber) opjaan foar de aktiviteiten en mear ynformaasje fine oer de konferinsje, sprekkers, programma, ensafh.