Op tongersdei 4 maaie is Cultuurhistorisch Centrum De Tiid yn Boalsert it toaniel fan de healjierlikse Actie Niet Weggooien. De aksje is bedoeld om oandacht te freegjen foar erfguod út de Twadde Wrâldoarloch dat noch by minsken thús op ‘e souder leit. It giet dan benammen om foarwerpen, deiboeken, brieven, foto’s en/of oare dokuminten. Tresoar organisearret de dei mei it Fries Verzetsmuseum, Historisch Centrum Leeuwarden, Kazemattenmuseum Kornwerderzand, Stichting Missing Airmen Memorial Foundation (SMAMF), Cultuurhistorisch Centrum De Tiid en De Fryske Marren.
Yn petear mei saakkundigen
Saakkundigen fan dizze organisaasjes binne oanwêzich om mei it publyk yn petear te gean oer harren dokumint of foarwerp en se mear ynformaasje te jaan oer de histoaryske wearde dêrfan. Ek wolle sy graach safolle mooglik fan de eigner hearre oer it foarwerp/dokumint. Fan wa hat it west? Wat is it ferhaal der achter? Miskyn komt it foarwerp of dokumint yn oanmerking foar opname yn de kolleksje fan ien fan de ynstellingen. Dêroer sille de saakkundigen yn petear mei de eigner.
Net perfoarst ynleverje
It giet dus net allinnich om it skinken fan materiaal. Musea en argiven hantearje in sammelbelied en kinne allinnich foarwerpen en dokuminten bewarje dy’t dêr yn passe. De dei is dan ek benammen bedoeld om minsken bewust te meitsjen fan de histoaryske wearde fan materiaal út de Twadde Wrâldoarloch. As in foarwerp net opnommen wurdt yn de kolleksje fan ien fan de dielnimmende ynstellingen, kinne de saakkundigen meitinke oer in oare bestimming.
Brieven fan in fusilearre fersetsstrider
Eardere edysjes fan de Actie Niet Weggooien hawwe bysûnder materiaal opsmiten. Sa waard der by foarige edysjes de koffer mei brieven fan in fusilearre fersetsstrider oan syn leafste ynbrocht en in horloazje fan in piloat út Nij-Seelân.