Spektakulêre fynst by Tresoar set Eise Eisinga yn oar ljocht

Oer Eise Eisinga (1744-1828) is faak skreaun dat er in autodidakt wie. De bouwer fan it Planetarium yn Frjentsjer soe ‘in iensum sjeny wêze dat himsels wiskunde en astronomy learde’. In spektakulêre fynst yn de kolleksje fan Tresoar rekkenet foargoed ôf mei dit byld.

Yn de argiven ûntduts Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, in hânskrift mei de summiere omskriuwing ‘Meetkonst van W.W. 4to’. Dêryn seach er wiskundige opjeften stean dy’t identyk binne oan opjeften yn Eisinga syn hânskriften.

De W.W. op de omskriuwing ferwiist nei Willem Wytzes, in wolkjimmersfeint. Hy wenne en wurke yn Frjentsjer en folge dêr wiskundelessen oan de universiteit. Wiskunde wie it iennige fak dat iepen stie foar studinten dy’t gjin Latyn koenen, it wienen spesjale kolleezjes dêr’t ek in wolkjimmersfeint oan meidwaan koe.

Fanwegen de oerienkomst tusken de opjeften fan Willem Wytzes en Eisinga, liket it logysk om oan te nimmen dat Willem Wytzes syn lessen oan Eisinga joech, op grûn fan wat er sels oan de universiteit fan Frjentsjer learde.

Opjeften út it hânskrift fan Eise Eisinga (swart-wyt-byld) en út it hânskrift fan W.W. (Foto Tresoar, Haye Bijlstra)

Yn syn biografy fan Eisinga skreau Dijkstra al dat in grut diel fan de opjeften dy’t Eisinga makke út oare boeken kamen en dat er les krige. Utsein dat yn it hânskrift fan Wytzes in pear Latynske termen ferfongen binne troch Nederlânske, is hast alles eksakt werom te finen yn Eisinga syn útwurkingen. Dêrmei wurdt dus dúdlik dat Eise Eisinga net yn isolaasje fan de universiteit wurke, mar der krekt fan profitearre. En dat is fansels in folle moaier en begrypliker byld fan it ferline, dan dat fan ien dy’t hielendal allinne him de wiskunde en astronomy eigen makke.

Arjen Dijkstra nije direkteur fan Tresoar

Tresoar is der bliid mei om mei te dielen dat it Algemien Bestjoer Arjen Dijkstra (1979) as nije direkteur beneamd hat! Dijkstra begjint op 1 oktober 2022 by Tresoar. Hy folget Bert Looper op, dy’t ferline jier july syn direkteurstaken dellei. It ôfrûne jier is er ferfongen troch Rien Vrijenhoek (a.i.). 

Arjen Dijkstra is no noch direkteur fan it Universiteitsmuseum fan de Rijksuniversiteit Groningen (RUG). Yn dy funksje begelate er de werynrjochting fan it museum. Hy sette him boppedat yn om it publyk by de wittenskip te belûken. Ek advisearre er it kolleezje fan bestjoer fan de Grinzer universiteit op dat mêd.  

Gina Kamsma, foarsitter fan it Algemien Bestjoer fan Tresoar, is entûsjast oer de beneaming fan Dijkstra: ‘Arjen bringt in soad ûnderfining mei en we ferwachtsje in soad fan him. Mei frisse eagen en each foar de kânsen dy’t der lizze foar it duorsum tagonklik meitsjen fan de Kolleksje Fryslân, de fierdere ûntwikkeling fan de ynterne organisaasje en Obe by Tresoar, poadium foar Fryske kultuer. Arjen kin fierder bouwe op de suksessen fan syn foargonger Bert Looper. We sjogge út nei de takomst mei Arjen as ynspirator en ferbiner oan it roer.’

Arjen Dijkstra nije direkteur fan Tresoar. Foto: Gerhard Taatgen 

Dijkstra studearre skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen. Hy spesjalisearre him yn kultuerskiednis en de skiednis fan de wittenskip. Yn 2012 promovearre er oan de Universiteit van Twente. Fan 2011 ôf wie Dijkstra dosint oan de RUG en koördinearre er de Scholierenacademie fan dy universiteit. Dêrneist die er histoarysk ûndersyk by de ôfdieling Frysk, ûnder oare nei de skiednis fan it Frjentsjerter Planetarium. Dat resultearre yn 2021 yn in biografy, dy’t in soad besprutsen waard, fan de Fryske astronoom Eise Eisinga (1744-1828). Sûnt 2018 jout er lieding oan it Universiteitsmuseum. 

“It laket my ta om oan de slach te gean by Tresoar!”


Dijkstra oer syn beneaming: ‘It laket my ta om oan de slach te gean by Tresoar. Ik sjoch der nei út om gear te wurkjen mei it sterke en motivearre team. Al fan de oprjochting ôf, no eksakt 20 jier lyn, kom ik by Tresoar en ik ha bewûndering foar alles wat yn dy jierren berikt is. As lid fan de Fryske mienskip wol ik graach it ferhaal fan Fryslân fierder útbouwe en Tresoar fersterkje as sintrum foar kultueroerdracht, stúdzje en moeting. It is de kulturele skatkeamer fan it Noarden!’