For the English version of the text, scroll down.
Yn 1952 kamen de ynwenners yn Bangladesh yn ferwar tsjin it ferbod de eigen memmetaal te brûken yn it ûnderwiis en it iepenbiere libben. Op 21 febrewaris fan dat jier wie der in grutte demonstraasje dy’t fjouwer studinten it libben koste hat. Sûnt 1999 hâldt de Unesco dy dei yn eare as “ynternasjonale dei fan de memmetaal”. Gjin niget, dat ek yn Fryslân krekt yn dizze wike in oantal taal-aktiviteiten plakfûn hat: Frysk heart no by de earste hûndert talen yn Google Translate. De Baskyske film ‘Amama’ is fertoand mei ûndertiteling yn it Frysk én it Ingelsk. De gemeente Het Bildt freget om offisjele, nasjonale en Europeeske erkenning fan it Biltsk as regionale taal yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling ta de nije gemeente Waadhoeke. It doel is net om it Biltsk of it Frysk op te sluten op eigen hiem, mar krekt om de bern en de grutte minsken fan de eigen feilige taalsitewaasje wei in kâns te bieden op evenwichtige meartaligens: thús mei de eigen talen en op de hiele wrâld mei Dútsk, Ingelsk, Frânsk, Spaansk, Arabysk en sa mear. Continue reading “21 Febrewaris: “Dei fan de memmetaal” – ek foar flechtlingen en asylsikers?”