Plan foar bettere beleanning en promoasje Fryske skriuw(st)ers

It bestjoer fan it Skriuwersboun hat op 7 april yn Tresoar it rapport fan harren Wurkgroep Honoraria presintearre, it plan foar bettere beleanning en promoasje Fryske skriuw(st)ers

Yn dat rapport stean in tal fan advizen om de Fryske skriuw(st)ers te stypjen:

  • minimum-tariven foar optredens en wurk yn opdracht
  • de oanbefelling om wer 50% fan de royalties as foarskot te freegjen yn it kontrakt mei de útjouwer
  • Boeken fan Fryslân te fersterken troch bettere en mear promoasje te meitsjen foar de Fryske literatuer troch jierliks in tal spearpuntboeken sa grut mooglik yn it publike domein te promoatsjen

It plan waard goed ûntfongen troch de oanwêzige minsken en organisaasjes yn de seal. It Skriuwersboun sil hjir ferfolch oan jaan troch, as earste, yn petear te gean mei de Provinsje Fryslân.

Bettere beleanning foar Fryske skriuwers! Effektivere promoasje fan boeken yn it Frysk

It Skriuwersboun hat ferline hjerst in kommisje ynsteld dy’t har dwaande hâlden hat mei de fraach: hoe komme wy ta in bettere beleanning fan Fryske skriuwers. Dy kommisje hat in einrapportaazje presintearre mei in tal útstellen, dy’t it Skriuwersbounbestjoer oernommen hat. It giet om In tal konkrete en praktyske maatregels, dy’t relatyf ienfâldich te realisearjen binne.

Presintaasje 7 april

De presintaasje hjirfan fynt plak op tongersdeitejûn, 7 april, om 19:30 oere, yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert.

Belanghawwerrs

Foar de realisaasje fan dizze plannen is meiwurking nedich fan

  • de leden fan it Skriuwersboun
  • de redaksjes fan (diels) Frysktalige tydskriften
  • de omrop
  • organisaasjes dy’t literêre eveneminten organisearje
  • de provinsjale en regionale kranten
  • útjouwers
  • biblioteken
  • Tresoar
  • ‘Boeken fan Fryslân’
  • de provinsje Fryslân
  • minsken dy’t graach Frysk lêze meie.

Alle boppesteande persoanen en organisaasjes binne op 7 april wolkom.
It plan wurdt dan presintearre en der leit in brosjuere klear dêr’t de útstellen yn beskreaun en taljochte wurde.



Sneon 16 april: literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer en Jetske Bilker

Boeken fan Fryslân organisearret op sneon 16 april 2022 in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2022 Ilja Leonard Pfeijffer yn de Westerkerk yn Ljouwert. Pfeijffer wûn yn 2014 mei syn roman La Superba de Libris Literatuerpriis. Foar dyselde priis waard hy yn 2019 nominearre mei syn roman Grand Hotel Europa.

Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân makke Jetske Bilker de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk.

Op dizze jûn wurde sawol de skriuwer en haadgast fan it Boekenweekgeschenk, Ilja Leonard Pfeijffer, as de oersetter, Jetske Bilker, ynterviewd troch Coen Peppelenbos. Nei ôfrin fan it programma is der romte foar sinjearjen en in drankje.

Bestel no alfêst dyn kaarten!

Kaarten foar dizze jûn bestelle.

Fryske útjouwers jouwe Oekraynsk printeboek út yn it Frysk – Opbringsten ‘Maia en har freonen’ foar UNICEF Oekraïne

Under oanfiering fan Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp slaan de Fryske útjouwers de hannen gear en jouwe it Oekraynske printeboek ‘Maya and her moms’ út yn it Frysk. De opbringsten fan de ferkeap komme te’n goede oan UNICEF-Oekraïne, foar help oan bern dêr yn de oarloch. Skriuwster Tialda Hoogeveen fersoarget de Fryske oersetting fan it boek. Sy makke Hille Faber attint op it inisjatyf, dat al troch mear lannen oppakt is. It boek ‘Maia en har freonen’ ferskynt yn april, mar kin no al besteld wurde by Boeken fan Fryslân foar € 10,-.

It berneboek ‘Maia en har freonen’ sil belangeleas útbrocht wurde yn ferskate lannen, lykas Ingelân, Dútslân, Poalen en Finlân – en no dus ek yn Fryslân. De auteur fan it boek, Larysa Denysenko, hat spesjaal foar dizze útjefte in nije ynlieding skreaun. Dat die se wylst sy mei har mem en har hûn skûlje moast foar in raketoanfal op Kiev. De yllustraasjes binne fan Masha Foya.

Maia en har freonen
It boek giet oer it famke Maia en har klasgenoaten en harren húshâldingen, dy’t allegearre ferskillend gearstald binne. De iene hat in heit en in mem, de oare twa memmen en wer in oar hat in styfmem of in donorheit. It sintrale tema is eins dat bern har oeral feilich fiele moatte. En dy feiligens is op ’t heden yn Oekraïne fier te sykjen, no’t famyljes flechtsje en útinoar falle.

it boekomslach Майя та її мами

Gearwurking
De provinsje Fryslân, drukkerij Van der Eems en ferskate fûnsen stypje it projekt fan de Fryske útjouwers. It boek ferskynt ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân en kin besteld wurde fia ynfo@boekenfanfryslan.frl. Boeken fan Fryslân is der foar alle útjouwers yn Fryslân en set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek.

Aktiviteiten rûnom de Gysbert Japicxpriis

De Gysbert Japicxpriis 2021 is takend oan dichter Eeltsje Hettinga foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’ 2017-2019. Neffens de advyskommisje kinne dy gedichten rekkene wurde ta it bêste dat de Fryske poëzy de ôfrûne jierren opsmiten hat. Op 6 novimber krijt er de priis yn Boalsert útrikt. Om dat te fieren wurdt de dagen foarôfgeand oan dy útrikking troch Tresoar en oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriis wike holden.

Moandei 1 novimber | literêre jûn

Op moandei 1 novimber is der yn Tresoar in literêr programma yn oparbeidzjen mei tydskrift De Moanne. Op dy jûn draacht Raymond Muller foar út it wurk fan Eeltsje Hettinga en fersoarget Arjan Hut in skôging oer it dichtwurk fan Hettinga. Wiebe Kaspers soarget foar muzyk en de presintaasje is yn hannen fan Amarins Geveke. In moaie jûn dus om foar it earst of better yn de kunde te kommen mei de nijste Gysbert Japicxpriiswinner.

Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere.  
Wolsto wis wêze fan in plakje? Ferjit dan net dy yn’t foar oan te melden

Freed 5 novimber | jûn mei literêr en muzikaal program

Op freed 5 novimber is der mei Explore the North en dichterskollektyf RIXT in literêr en muzikaal program yn de Westerkas as ûnderdiel fan de festivalperioade fan Explore the North yn de Westertsjerke te Ljouwert. De jûn set útein mei in pear oades oan Eeltsje Hettinga fan keunstners dy’t in soad mei him gearwurkje. De dichters fan RIXT fersoargje in optreden en spesjaal sille in oantal dichters yn gearwurking mei de ‘Verhalenavonde’ it ferhaal oer har gedichten fertelle. Op de jûn wurdt ek de twatalige blomlêzing Oar hûs / Et andet hus mei Deenske en Fryske gedichten presintearre. It program wurdt ôfsletten mei muzyk.

Ynrin 19.30 oere, begjin 20.00 oere.
Wolsto wis wêze fan in plakje? Ferjit dan net dy yn’t foar oan te melden.

Mear aktiviteiten

Yn oanrin nei en yn de Gysbert Japicxpriis wike krijst by bakker Posthuma út Boalsert en Wommels en bakker Salverda út Ljouwert in kaartsje by in taartsje. Hast wat te fieren? Op nei de bakker!

Tresoar fersoarget yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân foar skoalbern in edukatyf program oer dichtsjen.

Gasten foar de priisútrikking op 6 novimber 2021 yn De Tiid yn Boalsert hawwe in persoanlike útnûging krigen.

Ferdinand de Jong skriuwt Frysk Kadoboek 2022

Skriuwer Ferdinand de Jong (Oranjewâld, 1969) skriuwt it Frysk Kadoboek 2022. Yn 2010 ferskynde fan him syn earste roman ‘Guozzeflecht’. Twa jier letter krige hy de Rink van der Velde priis foar syn roman ‘It dak fan ’e wrâld’. Syn lêste roman ‘De tredde perioade’ (2018) is ek yn it Nederlânsk ferskynd.

Ferdinand de Jong: “It is fansels prachtich as je frege wurde om it Kadoboek te skriuwen. It foardiel fan in Kadoboek is dat lêzers ek ris wurk fan in skriuwer ûnder eagen krije dêr’t se oars net daliks in boek fan keapje as lêze soenen. De útdaging is dan fansels om in boek te skriuwen dat krekt dy lêzers ferliedt om mear fan jo wurk te lêzen.”

Ferdinand de Jong, foto: Jacob van Essen

Fryske Boekewike yn oktober 2022

It Kadoboek wurdt presintearre op freed 28 oktober 2022 mei it Frysk Boekefeest, dat spesjaal op fersyk fan de Kadoboek-skriuwer diskear yn Oranjewâld plakfine sil.
De Fryske Boekewike set takom jier útein mei it Boekefeest yn Oranjewâld op freedtejûn 28 oktober. It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike fan 29 oktober o/m 6 novimber fergees te krijen by oankeap fan in boek. It Kadoboek fan 2022 wurdt útjûn in gearwurking mei útjouwerij Bornmeer.

Ilja Leonard Pfeijffer yn it Frysk

It nasjonale Boekenweekgeschenk wurdt yn 2022 skreaun troch Ilja Leonard Pfeijffer. De Fryske oersetting wurdt makke toch Jetske Bilker. Yn de nasjonale Boekenweek, 5 o/m 13 maart takom jier, is de Fryske oersetting fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek.
It Kadoboek en de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk binne beide in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op de fernijde webside: www.boekenfanfryslân.frl.

Lida Dykstra in jier langer Berneboeke-ambassadeur

Berneboekeskriuwer Lida Dykstra sil ek yn 2022 Berneboeke-ambassadeur wêze. Omreden fan it útfallen fan skoalbesites en oare aktiviteiten yn it ôfrûne koroanajier is yn oerlis mei Boeken fan Fryslân besletten dat Lida Dykstra har wurk as Berneboeke-ambassadeur in jier langer fuortsette kin.

Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra sels dêroer: “Ik fyn it prachtich dat ik noch in jier langer de kâns krij om as Berneboeke-ambassadeur lêswille te fersprieden. It is sok moai wurk: foarlêze, prate mei de bern, skriuw- en lêstips jaan, mei de hiele groep in ferhaal ymprovisearje. As in bern nei ôfrin freget: ‘Tinkt Lida dat ik dit boek ek yn de biblioteek liene kin?’, of ‘Juf, meie wy fan ’e middei ferhalen skriuwe?’, dan wit ik daalk wêr’t ik it foar doch.”

Marytsje Flapper, direkteur fan IKC Sint Ludgerus yn Warkum seit: “Lida ferstiet de keunst om bern mei te nimmen yn it ferhaal. De bern wolle graach fierder yn ’e boeken dêr’t se oer ferteld hat yn ’e klasse. Se hat sawol de jongsten as de âldere bern fan ús skoalle op ’e nij entûsjast krigen foar Frysktalige boeken.”

foto: Afûk

Om ’e twa jier wurdt der in nije Berneboeke-ambassadeur beneamd, dy’t him of har ynset om lês- en boekewille te fersprieden. De Berneboeke-ambasssadeur bringt dêrfoar berneboeken en Frysk lêzen en praten ûnder de oandacht fan it publyk en jout de promoasje fan it berneboek in werkenber gesicht.

De Berneboeke-ambassadeur is in projekt fan Boeken fan Fryslân. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje oer it projekt, of om de Berneboeke-ambassadeur út te nûgjen.

De Sutelaksjes binne wer los: it Fryske boek hûs oan hûs!

Keatsferiening De Helfrichs yn Kimswert en streekharmony Concordia yn Balk hienen de primeur. Dêr gienen de earste twa fan in rige fan sân Sutelaksjes yn septimber en oktober fan start. Fiifentweintich kroaden mei Fryske boeken gienen hûs oan hûs by de doarren lâns om it Fryske boek út te suteljen. De opbringst yn beide doarpen lei yn totaal op mear as €3.700,-.

Sutelaksje-koördinator Ferdinand de Jong is optein: “Wy binne hiel bliid dat der nei in ferlern jier wer sutele wurde kin. Foar it skreaune Frysk en foar de dielnimmende ferieningen is it in effektive wize fan gearwurkjen. Fryske boeken wurde by jo oan ‘e doar brocht en de ferieningen hâlde dêr in moaie bûssint oan oer.”

Foarsitter Rennie Niezink fan keatsferiening De Helfrichs yn Kimswert wie bliid mei de opbringst: “Wy hawwe takom jier ús 125-jierrich jubileum, dat dan is dit in hiele moaie ynstruier foar de feestpot.”

Foar Annieke Voogd, bestjoerslid streekharmony Concordia yn Balk, wie it alwer de tredde kear dat sy in Sutelaksje organisearren: “De Sutekaksje libbet yn it doarp. It is echt in sosjaal barren sa mei de hiele klup. En it is in moai ekstraatsje foar de feriening!”
De earstfolgjende Sutelaksjes steane pland op 25 septimber yn Terwispel, 7 oktober yn Jorwert, 8 oktober yn De Rottefalle, 16 oktober yn Wergea en 20 oktober yn Easterwierrum.

Frijwilligers Rennie Niezink, Zwaan Schiphof en Harmke Bylsma (flnr) yn Kimswert op paad foar de keatsferiening. Foto: Jacob van Essen

Doch mei!

De Sutelaksje fan Boeken fan Fryslân bringt it Fryske boek hûs oan hûs rûnom yn Fryslân. Ferieningen dy’t in Sutelaksje organisearje, krije 25% fan de omset yn harren klupkas stoart. Oanmelde kin fia www.boekenfanfryslan.frl.

Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek troch de promoasje en organisaasje fan ferskate projekten en aktiviteiten.

Natoer-Lêskoffers foar alle basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân

Op basisskoalle ‘De Bining’ yn Westergeast waard moandei de earste fan 47 natoer-Lêskoffers oan de skoalle oerlange troch Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra en Jan Tiede Bouma fan natoeredukaasjesintrum De Klyster. Dizze wike krije mar leafst 47 basisskoallen yn de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân de spesjale natoer-Lêskoffer oanbean. Dêrneist bringt de Berneboeke-ambassadeur de kommende moannen in besite oan alle skoallen yn dy beide gemeenten.

Lida Dykstra is optein: ‘Dit is in prachtige gearwurking mei De Klyster. Dêrtroch krije yn ien klap alle 47 basisskoallen yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel de Lêskoffer fan harren gemeenten kado en is boppedat regele dat ik by alle skoallen op besite kin om de bern foar te lêzen en oer de boeken te fertellen. It is moai dat beide gemeenten dat op dizze wize mooglik meitsje.’

Projekt-meiwurker Jan Tiede Bouma fan De Klyster: ‘Wy ha as doel om bern yn ’e kunde komme te litten mei de natoer om harren hinne. En boeken biede in prachtige ynfalshoeke om bern entûsjast te krijen foar de natoer. Wy sykje hieltyd wer nei oare paden om bern te berikken en dêrom binne wy ek wiis mei dizze gearwurking.’

By de skoalbesites yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân leit de klam foar de Berneboeke-ambassadeur op Fryske berneboeken dêr’t de natoer ticht by hûs in grutte rol yn spilet. De Lêskoffers foar de basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân binne oanbean troch natoeredukaasjesintrum De Klyster.

Oanbieding Natoer-lêskoffers, Foto : Afûk

Oare skoallen en ynstellingen yn Fryslân kinne harren ek noch altyd opjaan foar in besite fan de Berneboeke-ambassadeur en eventueel de Lêskoffer bestelle. De lesbrieven oer de Fryske berneboeken út de Lêskoffer binne foar elkenien fergees te downloaden fia de website. Sjoch foar mear ynformaasje op: www.berneboekeambassadeur.frl.

Gean ‘los’ mei de BoekfeestBoek-ferhalewedstriid

Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it BoekfeestBoek dat op freed 10 septimber yn Paviljoen MeM yn Bûtenpost holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan 750-1000 wurden te skriuwen yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen. It tema foar it feest en dus ek it ferhaal is ‘LOS’ yn de breedste sin fan it wurd. Wy kinne wer los, kinst los komme út detinsje, kinst dy los meitsje of fiele, neam mar op!

De winner wurdt bekend makke op it BoekfeestBoek op 10 septimber yn Paviljoen MeM yn Bûtenpost. De winner mei dan syn of har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut dus fuort in live-optreden mei oare Fryske skriuwers lykas Hylke Speerstra, Hein Jaap Hilarides, Greet Andringa, Aant Jelle Soepboer, Elmar Kuiper dy’t dêr jûns al stean om in koart ferhaal hearre te litten. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre.

Ynstjoeringen moatte op syn lêst sneon 28 augustus binnen wêze op it e-mailadres ynfo@boekenfanfryslan.frl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.

Boekwinterboekfeest 2020 Foto: Roelof van der Schaaf