Twa nije bysûndere skinkingen oan Tresoar

Tresoar hat dizze simmer twa bysûndere skinkingen krigen: dokuminten fan de eardere Frjentsjerter Universiteit en in unyk foto-album mei foto’s fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum. Dy autentike dokuminten heakje nije ynformaasje ta oan it ferhaal fan Fryslân en binne dêrom in prachtige oanfolling op de kolleksje fan Tresoar.

Dokuminten fan de Frjentsjerter Universiteit

It echtpear Ferenc Postma en Margriet Gosker hat Tresoar in tal dokuminten skonken dy’t mei de skiednis fan de Frjentsjerter universiteit ferbûn binne. Twa stikken slane op Elias Wigeri (1730 -1791). It earste is syn beneaming yn 1755 ta bûtengewoan heechlearaar yn it Romeinske rjocht oan dizze akademy. It twadde stik, ûndertekene troch steedhâlder prins Willem V fan Oranje, is de beneaming fan Wigeri ta professor honorarius. Dêrmei waard er frijsteld fan it jaan fan kolleezjes. De oarkonde is opbrocht mei in fraai oranje siden lint.

It echtpear skonk ek argivalia dy’t te krijen hawwe mei Paul Ernst Jablenski (1693 -1757). Dy professor út Frankfurt waard beneamd as heechlearaar yn de teology oan de Frjentsjerter universiteit, mar seach úteinlik ôf fan syn beneaming fanwegen bestjoerlike kwestjes.

Postma hat in ymposante kolleksje hânskriften en boeken sammele op it mêd fan teology en tsjerkeskiednis, yn it bysûnder printwurk fan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy hat in grut tal Frjentsjerter printingen, brieven fan Frjentsjerter professoaren en objekten dy’t te krijen hawwe mei Hongaarske studinten dy’t yn Frjentsjer studearren. Koartlyn skonk it echtpear Postma-Gosker noch in oarkonde út 1778 en twa seldsume sulveren tinkpinningen út 1785 oan Museum Martena.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

Tresoar hat in grutte kolleksje op it mêd fan de skiednis fan de universiteit fan Frjentsjer. Dy bestiet út de eardere akademybiblioteek, mei hûnderten bannen en it argyf fan de eardere ûnderwiisynstelling.

Fotoalbum fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum

Van Drukkerij Horstman yn Assen hat Tresoar in unyk foto-album krigen. It album befettet prachtige foto’s fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum, oprjochte yn 1904. Dat bedriuw anneks gruthannel fan de firma S. Bouma wie fêstige yn it pakhûs mei deselde namme oan it Grootdiep. Bouma liet yn 1933 in filla foar himsels bouwe njonken it fabryk, oan it Suderbolwurk. It album, dat net datearre is, is makke foar de bou fan de filla. De foto’s, makke troch fotograaf Breitschat fan Kollum, jouwe in hierskerp byld fan it bedriuwsproses yn it fabryk.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

Skinking oan Tresoar

Mocht ien in skinking dwaan wolle oan Tresoar, dan is it ferstannich om yn it foar kontakt op te nimmen mei de kolleksjefoarmers. Sy kinne beoardielje oft it materiaal oanslút by de besteande kolleksje, dy’t as kearntema Fryslân hat.

Kontaktgegevens: collectievorming@tresoar.nl

28e Ynterfrysk Kongres: De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne

Fan 15-17 septimber hat it 28e Ynterfrysk Kongres plak yn Ljouwert en Dokkum. It tema fan it kongres is: De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.

It Ynterfrysk Kongres wurdt organisearre troch de Fryske Rie en is dit jier yn gearwurking mei de ynternasjonale Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen, organisearre troch û.o. de Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversteit Grins. Dielnimmers fan it Friezenkongres kinne harren oanslute by de publyksmiddeis fan 15 en 16 septimber. Op 17 septimber organisearret de Fryske Rie it sympoasium mei de titel De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.

Sprekkers

De haadsprekkers op it sympoasium fan 17 septimber binne binne û.o. Nelleke Ijssennagger van der Pluijm en Han Nijdam (Fryske Akademy), Pieter van der Valk (Universiteit Wageningen) en Ynze Salverda, Martin Cnossen en Otto Knottnerus.

Nei it sympoasium is der in ekstra program mei in rûnlieding troch de Bonefatiuskapel en oekumenyske meartalige tsjerketsjinst en de jûns sil der ôfsluten wurde mei muzyk.

De útnûging en it folsleine programma (FRY, NL, DE) is hjir te finen.

Lokaasje en opjefte

It sympoasium op sneon 17 septimber hat plak yn Dokkum, yn De Ijsherberg oan de Harddraversdijk 1.

Kosten dielnimmers Deiprogram 25 euro, ynklusyf jûnsiten en jûnsprogram 52,50 euro, koarting studinten 7,50 euro. It opjefteformulier is te finen yn de flyer.

Noarderleech unyk poëtysk lânskip / uniek poëtisch landschap: nij fotoboek fan Evert Wilstra mei twatalige gedichten fan Jochum Rijpma

It Noarderleech is ien fan Europa’s grutste kwelders en wurdt sjoen as tige wichtige natuer foar Europa. Yn ’e rin fan ’e jierren hat fotograaf Evert Wilstra prachtige foto’s makke fan dat 4200 hektare grutte natuergebiet, dat ek ûnderdiel is fan UNESCO Wrâlderfgoed Waadsee. Jochum Rijpma lit ús fia de taal de leechte, it moaie ljocht en it nachtlik tsjuster fan it gebiet fiele.

fotograaf en dichter

Evert Wilstra (Beetstersweach, 1951) is fotograaf en âld-fierljepkampioen. Evert Wilstra lit mei syn foto’s in ympresje fan it lânskip sjen, mar ek de ferbining tusken it lânskip, de natuer en de keunst. Earder ferskynde wurk fan Wilstra yn Auke Rauwerda – afscheid van de binnenstad.

Jochum Rijpma (Bears, 1948) is eko-campingboer op de Swetteblom, taalleafhawwer en eartiids tsjoender fan tongestreakjende suvel. Unrjocht, himsels of in oar oandien, kin hy min oer. De pinne helpt him om dat wer rjocht te breidzjen. Tagelyk hat er nocht om ûnnocht om sa de fleur der yn te hâlden.

Presintaasje

De feestlike oanbieding soe plakhawwe op moandeitemiddei 11 july op it stedhûs fan Dokkum, mar wurdt op in letter momint dit jier presintearre – nei alle gedachten yn septimber. Boargemaster Johannes Kramer sil dan it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme.

Noarderleech, unyk poëtysk lânskip / uniek poëtisch landschap
Fotograaf: Evert Wilstra
Dichter: Jochum Rijpma
Oersetting: Syds Wiersma
Utfiering: paperback
ISBN: 978 949 315 9877
Tal siden: 96
Ferkeappriis: € 17,50
www.afuk.frl

Admiraliteitsdagen krije in ynternasjonaal tintsje

Foto: Marit Anker
Foto: Marit Anker

It reizgjende ynternasjonale Tosta-festival sil fan 1 o/m 4 septimber Dokkum oandwaan en diel útmeitsje fan de Admiraliteitsdagen. Tosta is in inisjatyf fan Kulturele Haadstêd 2016 Donostia/San Sebastian en wurdt organisearre troch 7 minderheidstaleregio’s: Baskelân, Galisië, Wales, Ierlân, Cornwall, Skotlân en Fryslân. Foar Fryslân is de Afûk de organisearjende partij. “Alle regio’s lizze oan de kust en hawwe in sterke maritime tradysje. It lei dus ek tige foar de hân om in ferbining te lizzen mei de Admiraliteitsdagen”, fertelt Mirjam Vellinga fan de Afûk.

Op it festival binne der optredens te sjen fan de Tosta-band, in band besteande út leden út de ferskate regio’s, en de Baskyske band Oreka TX. Der binne ek keunstwurken te bewûnderjen fan 7 keunstners út de ferskillende regio’s dy’t meidien hawwe oan in útwikselingsprojekt fan Tosta. Neist de ynternasjonale komponint is der binnen it Tosta-festival ek folop romte foar eigen aktiviteiten en regionaal talint. “In poadium biede foar regionaal talint stie al in skoft op ús winskelistke”, seit Jan Michiel van der Gang, foarsitter fan de Admiraliteitsdagen. “No kinne wy dêr mei-inoar in goede ynfolling oan jaan. It mes snijt dus oan twa kanten.” Vellinga heakket dêr oan ta dat it Tosta-festival foar de Afûk ek in moaie opmaat is nei Kulturele Haadstêd 2018 en de plannen dy’t se hawwe foar it grutte evenemint ‘Lân fan Taal’. Vellinga: “Moaier kin hast net!” Continue reading “Admiraliteitsdagen krije in ynternasjonaal tintsje”