Fedde Schurerlêzing 2024: De Friezen en harren ferhalen

Op sneon 16 novimber is by Tresoar de fyftjinde Fedde Schurerlêzing. Flip van Doorn en Sietske Poepjes jouwe beide in lêzing oer it tema De Friezen en harren ferhalen: de ivige paradoks. Piter Wilkens fersoarget it muzikaal yntermezzo.

Flip van Doorn
Yn syn libben en syn wurk mijde Fedde Schurer de paradoks net. Sterker noch: dizze dichtsjende politikus, aktivistyske pasifist en yntellektueel fan beskieden komôf ferienige frijwat utersten yn him. Dat lêste hat er mien mei Fryslân, de provinsje dêr’t er berne waard en dêr’t er foar op de barrikaden gie. Dat makket nijsgjirrich nei de wize wêrop’t Fedde Schurer sjoen hawwe soe nei de Friezen fan hjoed en de opjeften dêr’t dy foar steane.

Flip van Doorn (Zeist, 1967) is skriuwer en sjoernalist. Stof foar syn ferhalen fynt er op it snijflak fan reizgjen, kultuer en skiednis. Yn syn suksesfolle boek De Friezen leit er de ferbining tusken de hjoeddeiske provinsje Fryslân, dêr’t er wennet, de ferhalen fan syn Fryske pake en de skiednis fan syn heitelân.

Sietske Poepjes
Flip van Doorn stelt dat Fedde Schurer in man fan utersten wie. Hy ferienige yn himsels tsjinstellingen. Hy wie èn èn. Us tiid freget it tsjinoerstelde fan ús. Stânpunten en identiteiten binne swart-wyt. Men is folslein fóár of krekt der poer op tsjin. Foaral yn debatten oangeande konflikten yn it Midden-Easten, genderidentiteit of it miljeu liket gjin middenwei mooglik. Hoe ferhâlde dy stokramten fan gedachten har ta de Fryske identiteit? Lit de Fries him meislepe yn ritich snowflake gedrach of nimme de Friezen in oare ôfslach?

Sietske Poepjes (Harns, 1979), juriste en CDA-politikus, is sûnt febrewaris 2024 boargemaster fan it Oeriselske Olst-Wijhe. Fan 2011 oant en mei 2023 wie se deputearre yn Fryslân, mei ûnder mear ynfrastruktuer, kultuer en Fryske taal yn har portefúlje. Se is auteur fan it non-fiksje boek Eigenheid – Het belang van regionale culturen.

ôfbylding fia Storyset, Freepik

Piter Wilkens
Piter Wilkens (Ljouwert, 1959) is ien fan de pioniers fan de Frysktalige muzyk. Hy is skriuwer en sjonger fan humoristyske en filosofysk kleure ferskes yn tige útienrinnende stilen. Piter dielde ûnder oaren it poadium mei De Kast, Anneke Douma, Gé Reinders en it Noord Nederlands Orkest. Hy wurke ek mei oan teäterproduksjes lykas It geheim fan ’e Kânselier fan Tryater en teäterspektakel Salomon, het Kollumer Oproer.

Plak en tiid

De lêzing wurdt holden op sneon 16 novimber, by Tresoar, Bûterhoeke 1 te Ljouwert.. It programma begjint om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere) en duorret oant 15.30 oere. Neisit oant 16.45 oere.

Tagong fergees, mar oanmelde is nedich.

Oer de Fedde Schurerlêzing
Fedde Schurer (1898-1968) wie in Frysk dichter en sjoernalist. Dêrneist siet er yn de Twadde Keamer foar de PvdA. Jierrenlang wie Schurer haadredakteur fan de Friese Koerier; syn stilistysk briljante en skerpe artikels wiene bekend yn en bûten Fryslân. Sûnt 2010 organisearret de Ried fan de Fryske Beweging jierliks yn gearwurking mei Tresoar, Fryske Akademy en Ljouwerter Krante in grut opsette lêzing ta neitins oan Fedde Schurer.

Fedde Schurerlêzing 2023: Frede mei alle geweld?

Sûnt 2010 wurdt yn it lêst fan novimber yn Ljouwert de Fedde Schurerlêzing holden, organisearre troch de Ried fan de Fryske Beweging, yn ‘e mande mei Tresoar, de Fryske Akademy en de Leeuwarder Courant. Oan ‘e râne fan Europa is it oarloch, al hast twa jier yn Oekraïne en sûnt koart ek yn Israel/Palestina. Dêrom stiet de lêzing dit jier yn it teken fan de fraach oft pasifisme noch in opsje wêze kin om de frede yn ‘e wrâld te bewarjen of te krijen. Is it driigjen en byneed brûken fan militêr geweld needsaaklik of kin it ek sûnder?

Fedde Schurer (1898-1968), dichter/sjoernalist/politikus, wie pasifist. As sadanich hat er lid west fan ‘Kerk en Vrede’, dat nammers noch altyd bestiet.

Der binne dizze kear twa sprekkers útnûge, ien út de pasifistyske hoeke en ien dy’t as militêr nei de problematyk sjocht:

  • Harry Pals, teolooch en lid fan ‘Kerk en Vrede’ en
  • Hans van den Brink, luitenant-kolonel b.d. eartiids haad fan de ‘Nationale Operaties van de Luchtmobiele Brigade’.
  • Nanne Kalma en Ankie van der Meer sjonge lieten fan Fedde Schurer.

De Fedde Schurerlêzing wurdt holden by Tresoar, Bûterhoeke 1 te Ljouwert op sneon 25 novimber 2023. De lêzing begjint om 14.30 oere, de ynrin is fan 14.00 oere ôf.

De tagong is fergees, oanmelding fia feddeschurerlezing@gmail.com is needsaaklik.

Fedde Schurerlêzing 2022

De Fedde Schurerlêzing “Wurkje, Wenje, Wyn: wat moat wêr yn Fryslân?” hat plak op sneontemiddei 19 novimber, yn Tresoar te Ljouwert, fan 15:00-17:00 oere (ynrin fan 14:30 ôf).

Sprekkers binne Francesco Veenstra, Ryksboumaster; Avine Fokkens-Kelder, deputearre fan de provinsje Fryslân; Sijbe Knol, fraksjefoarsitter FNP, Provinsjale Steaten. De diskusje wurdt laat troch Sander Warmerdam, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. Sjoernaliste Jantien de Boer (Ljouwerter Krante) sprekt in kollum út en der is muzyk fan Sytse Haima en Menzo Rohn.

De Fedde Schurerlêzing wurdt organisearre troch de Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar, de Fryske Akademy en de Ljouwerter Krante.

Kaarten binne fergees, mar moatte wol oanfrege wurde by VanPlan.

‘Fear yn ’e Broek’ foar Fedde Dijkstra

De Ried fan de Fryske Beweging hat besletten de saneamde Fear yn ´e Broek dit jier út te rikken oan rjochtbanktolk Fedde Dijkstra út Wurdum. De Ried kent de Fear sûnt 1994 geregeldwei ta oan persoanen of ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik meitsje op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. De priis sil útrikt wurde op sneon 27 novimber yn it skoft fan de Fedde Schurerlêzing. Dy lêzing is fan 15.00 – 17.00 oere yn de Koperen Tún yn Ljouwert.

De Ried is fan betinken dat Fedde Dijkstra him as rjochtbanktolk Frysk al jierren tige fertsjinstlik makket om Friezen dy’t yn Fryslân foar de rjochter ferskine, yn de gelegenheid te stellen Frysk te praten. Dat er dat net allinnich as wurk beskôget, mar it ek as in ferantwurdlikheid sjocht om foar dat rjocht fan de Friezen te striden. Hy is der benammen yn 2021, eksakt 70 jier nei Kneppelfreed, mei aksjes yn slagge om it rjocht fan Friezen om har memmetaal te brûken foar de rjochter, yn it omtinken te bringen fan de lanlike media en de Haachske politisy.

Fedde Dijkstra. Foto: Arie Bruinsma

Mei it each op it boppesteande is de Ried fan de Fryske Beweging fan betinken dat de Fear yn ’e Broek dit jier Fedde Dijkstra takomt. De priis bestiet út in hânmjittich ynkleure, orizjinele linofyk fan byldzjend keunstner Fedde Hoekstra en in oarkonde.

Fedde Schurerlêzing

De Fedde Schurerlêzing stiet dit jier fansels yn it teken fan Kneppelfreed. Op sneon 27 novimber is elk fan 14.30 oere ôf wolkom yn de Koperen Tún yn Ljouwert. De tagong is fergees, mar besikers moatte al tagongskaarten oanfreegje by VanPlan. By de yngong sil op de QR-koade kontrolearre wurde. Kaarten kinne hjir oanfrege wurde.

De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt jierliks organisearre op in saterdeimiddei yn novimber. De lêzing is yn gearwurking mei Tresoar, It HCL en de Leeuwarder Courant. Fan takommend jier ôf ek yn gearwurking mei de Fryske Akademy.

Fryske Beweging wer libbensliif warber

No’t it derop liket dat de koroanaweach wat belunet, is it foar it Deistich Bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging lang om let mooglik om wer in tal aktiviteiten op priemmen te setten dy’t – as it heal kin – libbensliif plakhawwe. Dat docht bliken út syn lêste nijsbrief. Foar in breed publyk ornearre is op 27 novimber de Fedde Schurerlêzing, mei diskear trije sprekkers oer ‘Kneppelfreed 70 jier’: Sigrid Hemels, heechlearaar oan de Erasmus Universiteit, Bert Looper, âld-direkteur fan Tresoar en skriuwer-sjoernalist Abe de Vries.

Al earder, yn oktober, wurdt nei twa jier fannijs in (fysike) gearkomste foar it folsleine bestjoer, mei alle oansletten organisaasjes, organisearre. Wichtige te bepraten ûnderwerpen sille nei alle gedachten wêze it Deltaplan foar It Noarden – mei in nije spoarferbining nei de Rânestêd en grutskalige wenningbou – en de mooglikheden foar juridyske aksje om it Frysk op skoalle syn gerak krije te litten.

Allyksa yn oktober sil de foarsitter ôfreizgje nei in ynternasjonaal kongres oer taalbelied yn Switserlân. Yn septimber wie de Ried ek al oanwêzich by in kongres yn Triëst (Italië) fan de Federal Union of European Nationalities. Hâld foar mear ynformaasje oer al dy aktiviteiten It Nijs yn ’e gaten.