Nij ferskynd by de Afûk: it ‘Simmerboek’

Nei it sukses fan it ‘Winterboek’, dat útkaam yn de hjerst fan 2022, is no it ‘Simmerboek’ ferskynd! Ek it Simmerboek sit wer fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en nifelwurkjes, foar bern fan 2 o/m 6 jier. Alle ferhaaltsjes en gedichtsjes binne spesjaal skreaun foar dit Simmerboek.

Oer it boek

De skriuwers dy’t dêroan meiwurke ha, binne: Riemkje Pitstra, Geartsje Douma, Berber Spliethoff en Reina&Greetje. De yllustraasjes yn it Simmerboek binne makke troch: Anna Sikkes, Luuk Klazenga, Aart Cornelissen, Berber van den Brink en Marije Koelewijn. Omdat yn it boek in soad spultsjes en nifelwurkjes te finen binne, is it in moai ‘dochboek’, bygelyks foar yn ’e simmerfakânsje. It boek is foar € 9,99 te keap fia websjop.afuk.frl en fansels ek yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.

Foarlêsmoarn

Op freed 14 juny fan 10.30-11.30 oere wurdt yn de Afûk-winkel de ‘Simmermoarn mei Tomke’ organisearre foar bern fan 2 o/m 6 jier. Der wurdt dan foarlêzen út it Simmerboek en de bern kinne in moai nifelwurkje meitsje. Miskien wurdt it wol wat leuks foar heitedei! Fansels is Tomke der ek by en kinne de bern mei him op ’e foto.

Oanmelde foar de foarlêsmoarn kin troch in mailtsje te stjoeren nei ynfo@tomke.frl, mei dêryn de namme(n) en leeftiid fan it/de bern.

Boekgegevens

  • Titel: Simmerboek
  • Auteurs: Riemkje Pitstra, Geartsje Douma, Berber Spliethoff en Reina & Greetje
  • Yllustratoaren: Anna Sikkes, Luuk Klazenga, Aart Cornelissen, Berber van den Brink en Marije Koelewijn
  • Utfiering: Softcover, 96 siden
  • Leeftiid: 2 o/m 6 jier
  • ISBN: 9789493318359
  • Ferkeappriis: € 9,99
  • www.websjop.afuk.frl

Riemkje Pitstra 80 jier!

It wie 6 maaie in feestlike dei foar Riemkje Pitstra, skriuwster fan de Tomke-ferhaaltsjes. Sy fierde har 80e jierdei. Riemkje waard ferrast troch in prachtich berne-oargel mei echt bewegende poppen, dat spesjaal foar it Tomke-projekt makke is troch Tomke-tekener Luuk Klazenga en syn broer. Klazenga hie spesjaal foar Riemkje ek in prachtige poster yllustrearre, mei de jubilaris yn it middelpunt.

Yllustraasje fan Luuk foar Riemkje haar 80e jierdei. Foto: Afûk

Riemkje Pitstra skriuwt al sûnt it begjin fan it Tomke-projekt yn 1996 de ferhaaltsjes oer it Fryske jonkje Tomke en syn hûntsje Romke, Kornelia de Kangeroe en it buorfamke Yana Yu. Yntusken skriuwe ek Geartsje Douma, Reina&Greetje en Berber Spliethoff mei oan de Tomke-ferhaaltsjes. De ferhalen fan Tomke steane ticht by it deistich libben fan jonge bern en wurde foarlêzen op pjutte-opfanglokaasjes en bernesintra om de Fryske taal te stimulearjen.

It Tomke-projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.

Wurdsto pake of beppe? Of word jij opa of oma?

Kampanje foar pakes en beppes: Praat mar Frysk, ek mei dyn bernsbern

pakes en beppes & meartalige ûntwikkeling

Fan 9 o/m 23 jannewaris is der ekstra omtinken foar de pakes en beppes yn Fryslân.
Mei de pake & beppe-kampanje wol de Afûk (oansteande) pakes en beppes bewust meitsje fan de bysûndere rol dy’t sy spylje kinne yn de taalûntwikkeling fan harren bernsbern. As mei-opfieder kinne pakes en beppes de twa- of meartalige ûntwikkeling ekstra stimulearje, hielendal as sy geregeld oppasse. Boppedat kinne sy de Fryske taal dochs oan harren bernsbern meijaan, as dy benammen yn it Nederlânsk grutbrocht wurde.

Yn de kampanjeperioade hingje rûnom yn de provinsje posters mei de fraach ‘Wurdsto pake of word jij opa?’ en ‘Wurdsto beppe of word jij oma?’. Op www.pakebeppe.frl is mear ynformaasje te finen en wurde tips jûn foar it stimulearjen fan de twatalige ûntwikkeling.

Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek

De start fan de pake&beppe-kampanje is op sneon 13 jannewaris om 11 oere by Van der Velde Boeken yn Snits. Jan Arendz sil dan foarlêze út It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek fan Mirjam van Houten. Dat prachtige nije foarlêsboek bestiet út mear as tweintich foarlêsferhaaltsjes, spesjaal geskikt om foarlêzen te wurden troch pakes en beppes oan bern fan 2 oant en mei 6 jier. Mei in QR-koade yn it boek kinst de ferhaaltsjes ek noch belústerje. De ferhalen binne ynsprutsen troch Hilly Harms, Leny Dykstra, Jan Arendz en Joop Wittermans.

Dy foarlêzers lêze live foar:

  • Op freed 19 jannewaris om 11.00 oere lêst Leny Dykstra foar yn de Afûkwinkel yn Ljouwert
  • Op sneon 20 jannewaris om 11.00 oere lêst Joop Wittermans foar by Van der Velde Boeken yn Drachten
  • Op sneon 27 jannewaris om 11.00 oere lêst Hilly Harms foar by Boekhandel Burgum.

oppastas

Spesjaal foar de pakes en beppes dy’t oppasse (sille) is in prachtige ‘oppastas’ te keap, mei dêryn It Grutte Pake & Beppe Foarlêsboek, in kuierbingo, in boekje mei oppastips en oare aardichheidsjes. In moai kadootsje foar oansteande pakes en beppes of as in tankjewol foar al it oppassen! De tas is te keap yn de Afûk Fryske Boek- en kadowinkel en fia websjop.afuk.frl.