Dit jier krijt Keningsdei in histoarysk Frysk lûd. Omrop Fryslân en RTV NOF bringe de lanlike útstjoering út Dokkum foar it earst mei Frysk kommentaar. In primeur: noch nea earder wie de nasjonale fiering op dizze wize yn it Frysk te folgjen. Dêrmei krijt de útstjoering net allinne in Frysk lûd, mar ek in dúdlik Frysk perspektyf.
Dokkum stiet dit jier sintraal yn de lanlike fiering, mei de besite fan de keninklike famyljeoan de stêd. Wêr’t gewoanwei miljoenen sjoggers ôfstimme op de nasjonale útstjoering, krijt it publyk no de kâns om alles yn it Frysk te folgjen. Fan de oankomst oant de rûte troch de stêd.
Frysk kommentaar by lanlike bylden
Op moandei 27 april, tusken 11.00 en 13.00 oere, wurdt oerskeakele nei de lanlike útstjoering fan de NOS. De bylden wurde fan kommentaar foarsjoen troch Harm Weistra en Bearn Bilker. Weistra is haadredakteur by RTV NOF en presintator by Omrop Fryslân. Bilker stiet bekend as kenner fan it Keninklik Hûs. “Unyk dat wy yn gearwurking mei de NOS dit dwaan meie, echt in stikje omropskiednis dat wy skriuwe yn ús twadde rykstaal,” seit Weistra. Ek de NOS sjocht út nei de gearwurking: “De NOS vindt regionale identiteit van groot belang en met het Fries als officiële Nederlandse taal is het logisch dat bij Omrop Fryslân de kijkers Koningsdag in hun eigen taal kunnen volgen. ” Bilker is optein oer de besite fan it keningshûs: “Dat Dokkum it plak fan de keninklike besite wurden is, dat is fantastysk. Ik bin alle dagen mei it Keninklik Hûs dwaande, dat dit no sa byinoar komt is prachtich. Ik ha der o sa’n nocht oan.”
Harm Weistra en Bearn Bilker jouwe live kommentaar – Bron: Omrop Fryslân
Mei-inoar makke, út it hert fan Dokkum
Omrop Fryslân en RTV NOF dogge de ferslachjouwing fan Keningsdei mei -inoar. Fan 20 april ôf folgje se de tariedingen fia in pop-up redaksje. It deistige programma Kroan op Dokkum bringt ferhalen fan organisaasjes en ynwenners en is alle dagen fan 17.15 oere ôf alle oeren te sjen op tv en online.
Op freedtejûn stjoert RTV NOF op syn kanalen live de iepening fan it Keningswykein út, mei it spesjale Keningsliet dat makke is. Op snein is de tsjerketsjinst yn de binnenstêd fan 10.00 oere ôf streekrjocht te folgjen by beide omroppen.
Live, tichtby en yn it Frysk
Op Keningsdei bringe beide omroppen fan 8.00 oere ôf in liveprogramma út Dokkum. Nei de lanlike útstjoering giet de ferslachjouwing oant 18.00 oere sûnder ûnderbrekking fierder mei eigen reportaazjes en ferhalen út de stêd. Jûns is in kompilaasje fan de hichtepunten fan de dei te sjen.
Transpoesie is in ynternasjonaal evenemint yn Brussel, dêr’t ferskate dichters fan ferskate (minderheids)taalgebieten by inoar komme. It is in prachtich plak om dy as dichter te ûntwikkeljen, troch mei te dwaan oan skriuwsesjes, fan inoar te learen, te netwurkjen en mei inoar in fantastyske foardracht del te setten. En fansels it Frysk mear op de kaart te setten. Dyn gedicht sil te sjen wêze op de webside fan Transpoesie en sil dêr ek útstald wurde.
It tema dit jier is topofony fan in ûnoersetber Europa. We freegje dy dus in gedicht te skriuwen mei dit tema. Ek freegje we ofst sels in Ingelske oersetting meitsje kinst, dêr’t de betsjutting fan dyn oarsponklike tekst bestean bliuwt. Fierder ûntfange we in motivaasje fan dy oer watst as dichter noch ûntwikkelje wolst en in biografy, dy’t ek yn it Ingelsk oerset is.
It Skriuwersbûn hat in fêst bedrach om dizze nije Fryske Tanspoesie Dichter yn ’e mjitte te kommen by de kosten fan it ferfier en ferbliuw. Dyn inskriuwing wurdt foar dy betelle. Mis dizze kâns dus net!
Oanmelde graach foar 30 maart mei in gedicht (fansels kinst ek mear ynformaasje opfreegje): ynfo@skriuwersbun.frl
It nasjonale Boekewikegeskink wurdt dit jier skreaun troch de bestsellerauteur fan de populêre deiboeken fan Hendrik Groen. Groen bleau mear as tsien jier anonym foar it grutte publyk. Skriuwer Peter de Smet stapt spesjaal foar de nasjonale Boekewike foar ien kear út de anonimiteit. ‘Piaggio’ fan Peter de Smet ferskynt as nasjonaal Boekewikegeskink ek yn it Frysk. De Fryske oersetting is makke troch Ytsje Steen-Buwalda.
Foarkant Piaggio – Hendrik Groen. Boekewinkgeskink 2026.
Peter de Smet oer it ferskinen fan it Boekewikegeskink yn it Frysk: “Piaggio in het Fries! Hindrik Grien is sa grutsk as in pau!” Yn 2018 waard foar it earst in Fryske oersetting fan it nasjonale Boekewikegeskink makke, en fanwege de suksesfolle ûntfangst waard dat in jierlikse tradysje. De oersetting fan ‘Piaggio’ fan Hendrik Groen is sadwaande alwer de njoggende Fryske oersetting fan it Boekewikegeskink.
Oer ‘Piaggio’: It libben laket Anton (61) alderminst ta: frou fuort, baan kwyt en in bemuoisuchtige heit dy’t him op ’e hûd sit. Ek Marieke (58) kin wol wat gelok brûke, want it is sukkeljen mei de leafde en in lestige dochter. As se elkoar foar it earst tsjinkomme op in feestje, helpe it tafal en in pear drankjes harren in ein op wei. Letterlik en yn it libben.
De nasjonale Boekewike wurdt dit jier holden fan 11 o/m 22 maart. By oanskaf fan € 17,50 oan boeken by jo boekhannel krije jo yn de Nasjonale Boekewike it Boekewikegeskink – yn it Nederlânsk óf yn it Frysk − der fergees by.
Boeken fan Fryslân is dé organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek. Boeken fan Fryslân set him yn foar de lês- en ferkeapbefoardering fan it Fryske boek. Sjoch op de webside fan Boeken fan Fryslân foar mear ynformaasje oer projekten en aktiviteiten fan Boeken fan Fryslân: www.boekenfanfryslan.frl.
Fan de dichtbondel Ien tel de ierde stil fan Arjan Hut is in twadde printinge ferskynd. De bondel, dy’t foar it earst útkaam yn 2023, waard skreaun yn de perioade dat Hut Wâlddichter wie fan de gemeente Achtkarspelen — in tiid fan coronalockdowns, mûlkapkes en jûnsklokken. By him thús oan de Delistrjitte, by Tresoar, yn ’e trein fan Ljouwert nei Bûtenpost, ûnderweis yn ’e bus nei Surhústerfean, op it Skriuwersarkje fan Rink van der Velde en op ’e camping yn De Pomp.
As in knipperjende tried rint it tema tiid troch Ien tel de ierde stil. Der is in winsk om de tiid te manipulearjen. “Wie it mar wer as froeger”, bromt in man op it terras. Op De Feanhoop rint in klok fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te sizzen oer in nije oarloch. Mar stoppet de tiid dan echt? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en dy liket op in bijekoer. Yn it poldertsjuster lekt de Molkwei oer de terpen.
Ien tel de ierde stil is de sechsde dichtbondel fan Arjan Hut. Lêzers priizgje de krêftige byldspraak, de emosjonele djipgong en de ferrassende tagonklikheid.
De parse oer de bondel: ‘Yn in skitterende styl, dêr’t perspektyf en tiid oan ien tried wei ferspringe, observearret de dichter skerp’. (Albertina Soepboer, LC 06-09-2023)
Sûnt 2023 is Arjan Hut Dichter fan Fryslân. Yn dy rol set er him yn foar poëzij, ûnderwiis en literêre projekten yn ’e provinsje.
Sawol it Noardfrysk as it Liwwadders klinke op 21 febrewaris – de Ynternasjonale Memmetaaldei – yn Slieker Film, Ljouwert. Dy deis is de fertoaning fan de Noardfryske film Amrum mei in yntroduksje fan frisist Henk Wolfenoanslutend klinkt it startskot foar in taal- en keunstprojekt foar de promoasje fan it Liwwadders mei de presintaasje fan trije Liwwadder spesjaalbierkes fan Brouwerij Grutte Pier, dy’t ynspirearre binne op it boek Ik rúk al aardech naar de skep fan Ezra Efdé.
Mei Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris stean taaldiversiteit, memmetalen en meartaligens jierliks yn it sintsje. It is de tolfde kear dat it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film – dit jier fersterke mei it Noordelijk Film Festival – op dy bysûndere dei films oer en mei taalminderheden presintearje.
Amrum
Op it ôfhandige Dútske waadeilân Amrum is yn de lêste wiken fan de oarloch yn april 1945 oan alles gebrek. De tolfjierrige Nanning moat as ‘man fan it hûs’ alles op alles sette om syn mem dy’t hast befalle sil, broerke, suske en syn muoike fan iten te foarsjen. Nettsjinsteande it lijen fielt it libben op it prachtige, winige eilân hast as in paradys. Mar as de frede lang om let oanbrekt, wrakselet Nanning mei de nazi-oertsjûgingen fan syn âlden, en de tsjinstanners op it eilân.
Amrum (reg. Fatih Akin) is in coming-of-age ferhaal dat bot yndruk makket. Aktrise Diane Kruger spilet yn de film dy’t ynspirearre is op de autobiografyske roman Amrum fan Hark Bohm.
It Noardfrysk is ien fan de Fryske talen en wurdt praat yn it noarden fan Dútslân, sawol op it fêstelân as op waadeilannen lykas Amrum. De film wurdt yntrodusearre troch Henk Wolf, taalkundige, frisist en hjoed-de-dei warber as wittenskiplik meiwurker foar it Sealterfrysk by de Oldenburgische Landschaft.
Liwwadder spesjaalbier en startpunt taal- en keunstprojekt
De lansearing fan dry ferskillende Liwwadder spesjaalbieren, brouwd in samenwerking met bierbrouwerij Grutte Pier, is ut startpunt fan un taal- en keunstprojekt foar de promoasy fan ut Liwwadders. Cambuur-trainer Henk de Jong, wethouwer Hein Kuiken en direkteur fan ut Historisch Centrum Leeuwarden (HCL) Meindert Seffinga, sille de earste eksemplaren in ontfangst nimme fan inisiatyfnimmer Ezra Efdé. De Liwwadder band Trio Ossekop, met Johan Juckers fan ut fòrmaleche Irish Stew, fersòrgt de múzyk, met Liwwadder klassikers (o.a. “Oudste stapper fan ’e stad”).
De namen fan ‘e spesjaalbieren binne baseard op spreekwoarden út ut yllustrearde spreekwoardeboek Ik rúk al aardech naar de skep (2024), fan un skrifke út 1998 waar oma Aartje Feikje (Attie) Efdé-van der Wal Liwwadder spreekwoarden en gesegden fastlêgde. Remco Efdé, yllustrator fan disse útgave, het nou oek de etiketten fan ‘e bieren ontworpen. Disse etiketten hewwe un QR-koade, dy’t by scannen een grôte gele knop opent waar mênsen hun eigen spreekwoarden in kenne senden op de website Liwwadder-spreekwoorden.nl. Disse website is in samenwerking met ut HCL en Cinnamon Interactive tot stand kommen.
De insendingen wurde metnomen in un projekt met Graffiti Platform Leeuwarden, waarbij ferskillende keunstenaars útnoadegd wurde om un spreekwoard te kieze en un eigen interpretaasy derfan te ferbeelde in muurskilderingen in ’e stad. Met dit projekt toane we de kreatife pòtênsy fan lokale taal, fertaald in un eigentidse fòrm.
Oer de organisaasjes
EBLT
It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) is in koepelorganisaasje dy’t har sûnt 1984 ynset foar de promoasje en beskerming fan autochtoane minderheidstalen yn Nederlân. It EBLT hat mear as tweintich lidorganisaasjes, dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamintsk.
Ik rúk al aardech naar de skep
Ik rúk al aardech naar de skep het syn oarsprong in un handgeskreven skrifke út 1998, waar oma Aartje Feikje (Attie) Efdé-van der Wal Liwwadder spreekwoarden en gesegden fastlêgde. Na her overlijden het kleinseun Ezra Efdé, met hulp fan de provînsy Fryslân en andere lokale òrganisasys, der un boekje fan maakt, met as doël haar werk en het Liwwadders te beware en te dele. Op 25 november 2024 is disse bundel fan Liwwadder spreekwoarden públiseard en is sinsdyn beskikber by bekende boekhandels in Liwwarden.
Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen
It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en hat as missy it opdwaan, tapassen en it fersprieden kennis op it mêd fan meartaligens en taallearen op skoalle, thús en troch kultuerpartisipaasje. De fokus fan Mercator leit benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa.
Noordelijk Filmfestival
Het Noordelijk Film Festival is een vijfdaags filmfestival in Leeuwarden dat elk jaar plaatsvindt in november. Op het Noordelijk Filmfestival wordt in 2026 voor het vierde jaar op rij een selectie films gepresenteerd uit kleine taalgebieden van over de hele wereld, als onderdeel van de programmalijn Memmetaal.
Slieker Film
Slieker Film is hét filmhuis van Fryslân, gevestigd aan het Wilhelminaplein in het Fries Museum te Leeuwarden. We doen meer dan enkel films vertonen, we brengen met onze liefde voor film en cultuur ook mensen samen.
Wês wolkom
Op sneon 21 febrewaris begjint om 15:00 oere it filmprogramma yn Slieker Film, Wilhelminaplein 92, Ljouwert. Filmkaarten binne by Slieker te krijen. Oanslutend is der yn de foyer om 17:00 de iepenbier tagonklike presintaasje fan de Liwwadder spesjaalbierkes.
Op 27 jannewaris hat it projektteam fan Read with MEE (mei ûnder oaren partners Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen en NHL Stenden Hegeskoalle) harren hânboek ‘Handbook-INC: Inclusive Multiliteracy Development in Early Childhood Education and Care’ lansearre. Dat hânboek is in samling fan ynformaasje en praktyske tips foar eltsenien dy’t, as âlder of beropsmjittich, behelle is by jonge meartalige bern.
Read with MEE hânboek
Iere taalûntwikkeling
It hânboek fertelt mear oer de iere taalûntwikkeling by bern, en yn it bysûnder hoe’t it sit as bern meartalich grutbrocht wurde. Ynformaasje en tips oer lêsfeardigens, foarlêze en ferhalen fertelle krije hjirby in soad oandacht. It hânboek hat in sterke wittenskiplike basis, mar is skreaun yn gewoane taal sûnder fakjargon om de teory sa tagonklik mooglik te meitsjen.
By de online lansearring wiene mear as 60 minsken oanwêzich út hiel Europa wei. Sprekkers fan NHL Stenden Hegeskoalle en Trinity College Dublin (IE) fertelden mear oer de ynhâld en ûntwikkeling fan it hânboek. Neist de teory en praktyske tips jout it hânboek ek praktykfoarbylden út ferskate Europeeske lannen wei om oaren te ynspirearjen. Sa wurde bygelyks de Fryske Berneboeke-ambassadeur en de Lês-mar-foar wiken yn it sintsje set.
Goed om te witten: De kommende tiid komme der ek oersettings fan it hânboek yn meardere talen, lykas it Frysk, Nederlânsk, Iersk, Baskysk en Spaansk!
Oer Read with MEE
It Erasmus+ projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) sil ynnovative tools en materiaal ûntwikkelje om de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern (2-6 jier) te befoarderjen. It projekt spilet yn op in driuwende útdaging yn it ûnderwiis, omdat bern dy’t meartalich opgroeie faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Troch de ûntwikkeling fan thústalen fan bern te stypjen en te wurdearjen, rjochtet it Read with MEE projekt him op wichtige Europeeske prioriteiten, lykas ynklusy en diversiteit yn it ûnderwiis en it ferbetterjen fan de basisfeardichheden fan jonge bern.
‘Jou Frysk omdatst joust om it Frysk!’ Provinsje Fryslân wol (takomstige) learkrêften en dosinten entûsjast meitsje foar it beheljen fan it foech Frysk. Dêrom is moandei 12 jannewaris de kampanje Jou Frysk, omdatst joust om it Frysk útein set. Deputearre Eke Folkerts: “Mei dizze kampanje meitsje wy de rûte dúdliker, tagonkliker en oantrekliker.”
Op grûn fan Taalplan Frysk 2030 en de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) 2024-2028 krijt it leargebiet Fryske taal en kultuer de kommende jierren in hieltyd gruttere rol yn it ûnderwiis. De provinsje hat de ambysje dat de wetlike kearndoelen op alle skoallen yn Fryslân yn it primer ûnderwiis en ûnderbou fan fuortset underwiis yn wurking steld binne. Dêrneist stribbet de provinsje dernei dat it Frysk ek yn de ûnderwiissektoaren dêr omhinne in sterk plak krijt, sadat der in trochgeande learline ûntstiet. Om dat te realisearjen binne der mear learkrêften en dosinten nedich mei it foech om Frysk dosearje te kinnen en meien.
Trije doelgroepen
De kampanje rjochtet him yn earste ynstânsje op de neikommende trije doelgroepen: 1. hafû – en twû-learlingen dy’t in learare-oplieding oerwage 2. pabû-studinten en begjinnende learkrêften primêr ûnderwiis 3. dosinten fuortset ûnderwiis en mbû
Mei de kampanje wol de provinsje harren stimulearje om it foech Frysk te heljen. Dat kin troch foltiid- en dieltiidopliedingen te folgjen of, as pabû-studint, in semester Frysk te folgjen. De opliedingen wurde oanbean op NHL Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversiteit Grins.
Mear as de helte kiest Fryske Taal en Kultuer as eksamenfak
Dat der fan ‘e kant fan learlingen ynteresse yn Frysk as eksamenfak is, die al bliken op Piter Jelles Ynsicht. Dosint Debbie van Elden folge de oplieding Learaar Frysk, wêrnei’t de lokaasje de earste skoalle waard dy’t it Frysk eineksamen foar tmbû-basis en -kader oanbiede koe. Fan de 105 twaddejiers, keazen 62 learlingen Frysk as eksamenfak.
Wurkje mei de Fryske taal
Opdrachtjouwer foar de kampanje is de provinsje Fryslân. Neffens deputearre Eke Folkerts is de motivaasje om mei de Fryske taal te wurkjen grut: “Mar minsken witte somtiden net hokker mooglikheden der binne. Mei dizze kampanje meitsje wy de rûte dúdliker, tagonkliker en oantrekliker.”
It kampanjeboadskip is helder: Jou Frysk, omdatst joust om it Frysk. Kombinearje watst kenst mei watst kinst. Want de taal libbet, as ien him jout. De taal is der, no de leararen noch. Jousto de takomst taal? Jou Frysk! Mear ynformaasje: www.joufrysk.frl.
De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 72ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin foar 15 april 2026 in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery dy’t dit jier bestiet út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra, hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei € 1.000,-.
De ynstjoeringen moatte digitaal as taheakke yn Word maild wurde nei rely@stiftingflmd.frl. Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte apart yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim, ek foar de sjuery.
Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns oranisearret de priisfraach. Foar mear ynformaasje sjochst op de webside www.stiftingflmd.frl.
Bern dy’t meartalich grutbrocht wurde, hawwe faak ûngelikense ûnderwiiskânsen yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Dat is in útdaging yn it ûnderwiis dêr’t ús ynternasjonale projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) op ynspilet mei it skriuwen fan in hânboek mei handige ynformaasje. Dat hânboek wurdt op 27 jannewaris online presintearre.
Ynteraktyf foarlêzen
Op tiisdei 27 jannewaris 2026 is elkenien, online, fan herte wolkom om it Ingelsktalige webinar ta gelegenheid fan de lansearring fan it nije hânboek fan it Read with MEE-projekt by te wenjen. Dat hânboek jout tagong ta nije wurkwizen en resinte ûntwikkelings op it mêd fan taalûntwikkeling, taalkundich ferskaat en ûndersyk nei meartaligens. It hânboek wurdt fergees beskikber makke op de website fan Read with MEE.
Yn it webinar sille dosint-ûndersikers fan projektpartner NHL Stenden fertelle oer ynteraktyf foarlêzen en oare praktiken dy’t taalûntwikkeling yn meartalige klaslokalen yn de iere jierren befoarderje kinne.
It webinar wurdt iepene troch prof. Lorna Carson fan Trinity College Dublin en is op 27 jannewaris 2026 fan 16:15 oant 17:00 oere. Om de ZOOM-link te ûntfangen, kinst dyn e-mailadres hjir ynfolje.
Oer Read with MEE
It Erasmus+ projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) sil ynnovative tools en materiaal ûntwikkelje om de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern (2-6 jier) te befoarderjen. It projekt spilet yn op in driuwende útdaging yn it ûnderwiis, omdat bern dy’t meartalich opgroeie faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Troch de ûntwikkeling fan thústalen fan bern te stypjen en te wurdearjen, rjochtet it Read with MEE projekt him op wichtige Europeeske prioriteiten, lykas ynklusy en diversiteit yn it ûnderwiis en it ferbetterjen fan de basisfeardichheden fan jonge bern.
De Fryske Beweging hat in petysje lansearre om de Provinsje Fryslân derfan te oertsjûgjen dat it Frysk as earste taal op de nije twatalige ferkearsbuorden pleatst wurde moat. De organisaasje wol dêrmei tefoaren komme dat it Frysk – yn syn eigen provinsje – sichtber op it twadde plak bedarret.
Yn de hjoeddeiske plannen wol de provinsje it Nederlânsk boppe-oan sette. “In flinke flater,” seit bestjoerslid Pieter de Zwart. Al is dat neffens him net perfoarst it gefolch fan kweade wil. “It Frysk wurdt hjir net om ynhâldlike redenen op it twadde plak set, mar om’t de provinsje op basis fan in dizich advys fan in ferkearspsycholooch de ferkearde kant opstjoerd is.”
De Fryske Beweging wiist derop dat der gjin ferkearstechnysk argumint bestiet om it Nederlânsk foarrang te jaan. Yn oare twatalige regio’s yn Europa – lykas Wales, Skotlân en it Baskelân – stiet de minderheidstaal boppe-oan, sûnder dat der ek mar ien probleem foar de feiligens ûntstiet. De Zwart: “It is hielendal net in saak fan ferkearsfeiligens, mar fan status. Taalpsychologysk besjoen makket it nammentlik wol in grut ferskil: wat boppe-oan stiet, wurdt gefoelsmjittich as de wichtichste taal sjoen.”
Dêrom is it neffens De Fryske Beweging wichtich dat it Frysk yn Fryslân dúdlik te sjen is as de taal dy’t hjir echt thúsheart. “It Nederlânsk hat oeral yn Nederlân al it earste wurd. Lit ús yn Fryslân asjebleaft soargje dat ús eigen taal it plak krijt dat it fertsjinnet.”