Dokter, mei it ek yn it Frysk? #FryskeFreed

Pasjinten krije yn de Fryske sikehuzen op in oantal ôfdielingen de pasjinteynformaasje sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk oanbean. It Ljouwerter bedriuw Indiveo ûntwikkelet foar ûnder oaren de Fryske sikehuzen pasjinteynformaasje yn de foarm fan animaasjefideo’s, saneamde divi’s. Yn gearwurking mei de Afûk is in earste searje fan 60 fan dy divi’s no ek mei in Fryske voice-over beskikber makke.

“In emotionele situaties valt men graag terug op de moedertaal,” ljochtet Ralph Koppers, ien fan de inisjatyfnimmers fan Indiveo en longarts yn it MCL ta, “het was dus een logische stap om een Friese versie te ontwikkelen. Mensen begrijpen de informatie in de eigen taal beter, en het is op de een of andere manier minder bedreigend.”

Mei it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’ stimulearret de Afûk it gebrûk fan de eigen taal yn soarchsituaasjes. In gearwurking tusken Indiveo en Afûk lei dêrom foar de hân. Mei stipe fan de provinsje Fryslân koe it ferfryskjen fan de divi’s útfierd wurde. Foar no is derfoar keazen om in seleksje divi’s fan in Fryske stim te foarsjen, nammentlik foar de spesjalismen ortopedy, (boarst)kanker, sjirurgy en bern. De kommende jierren hoopje Indiveo en Afûk it tal Frysktalige divi’s foar hieltyd mear spesjalismen út te wreidzjen.

Soarchferlieners fan it Oncologisch Centrum Leeuwarden (OCL) meitsje ek gebrûk fan Indiveo. Foto: Jacob van Essen, Hoge Noorden

Fryske Freed

It nijs oer it beskikber kommen fan de Frysktalige pasjinteynformaasje is net tafallich op freed 9 desimber. “It is hjoed Fryske Freed en wy fûnen dat, mei de fjouwer Fryske sikehuzen Nij Smellinghe, Antonius, Tjongerschans en MCL, in moaie gelegenheid om hjir omtinken oan te jaan”, sa ferklearret Sjoukje Jager, projektmeiwurker by de Afûk. “Wy hoopje sa meielkoar in soad minsken te berikken en sjen te litten: sjoch, dat kin ek yn it Frysk. Elk besteget dêr hjoed op syn eigen wize omtinken oan. Dat is ek wat Fryske Freed is. Moai toch?”

Omtinken foar taal yn ’e soarch

Neist it beskikber kommen fan de Frysktalige pasjinteynformaasje, dy’t rjochte is op soarchfregers, sil der yn de kommende moannen ek ekstra omtinken wêze foar taal yn ’e soarch rjochte op soarchferlieners. Dat bart yn de foarm fan in searje artikels wêryn’t ferskate soarchmeiwurkers út de Fryske sikehuzen oan it wurd komme.

Mirjam Vellinga, projektlieder Taalpromoasje by de Afûk, ljochtet ta: “Minsken kinne harren faak better útdrukke yn de eigen taal en jouwe dêrtroch dan faak ek mear en bettere ynformaasje. Dêrnjonken stelt it brûken fan de eigen taal minsken op harren gemak. Elk dy’t Frysk praat sil dat gefoel fan ‘o, wy kinne wol gewoan Fryske prate’ herkenne. Dat skept in bân, jout fertrouwen. It brûken fan de eigen taal yn soarchsituaasjes is belangryk en dat belang ûnderkenne begjint mei it kreëarjen fan bewustwêzen, it deroer ha.”

Wat dochsto yn it Frysk op Fryske Freed?

11 novimber is de dei… de earste Fryske Freed!

Op freed 11 novimber lansearret Praat mar Frysk de Fryske Freed. De earste Fryske Freed om presys te wêzen, want fan dy freed ôf is elke twadde freed fan de moanne Fryske Freed.

It doel? It Frysk sichtberder en hearberder meitsje rûnom yn de Provinsje en dêrbûten en minsken oanmoedigje it Frysk faker te brûken.

Doch ek mei op #FryskeFreed

Dêrom roppe wy partikulieren, bedriuwen en organisaasjes – jim dus! – op om op Fryske Freed wat ekstra’s yn it Frysk te dwaan en dat ek sjen te litten en te dielen mei oaren. Tink dêrby oan Fryske berjochten op social media, in byienkomst of aktiviteit dy’t hielendal yn it Frysk plakfynt by in bedriuw, of in groep kollega’s dy’t op Fryske Freed allinnich mar Frysk mei-inoar praat of inoar Fryske wurden leart. Mar kinst ek tinke oan in begroeting yn it Frysk, it jaan fan koarting of in fergees drankje as in klant wat yn it Frysk by dy bestelt óf lear dyn bern in Frysk Sint Marten-ferske dat se op 11 novimber sjonge kinne. Alles kin! Wês kreatyf en diel it mei ús fia #FryskeFreed.

#FryskeFreed

Wy fan Praat mar Frysk litte op Fryske Freed (en op alle oare dagen) ek op allerhanne manieren fia ús social media-kanalen sjen wat der al sichtber is yn it Frysk: moaie Fryske teksten op auto’s of buskes, bedriuwen dy’t yn it Frysk advertearje of oare sichtbere Fryske teksten lykas nammen op gevels, wurden op ‘e muorre, buordsjes yn de tún en gean sa mar troch. Dêrneist sette wy alle moannen op Fryske Freed in bedriuw of organisaasje yn de skynljochten dy’t wat spesjaals docht mei it Frysk en diele wy de aktiviteiten, ideeën en berjochten fan elkenien dy’t wat docht op #FryskeFreed.

Diel ideeën en foto’s

Hasto of hawwe jim ideeën of wolle jim al wat mei ús diele? Bygelyks Frysk dat no al sichtber is by jim yn de buert. Stjoer ús in berjocht fia praatmarfrysk@gmail.com of lit it ús witte fia ús social media-kanalen:

Fryske Freed-aginda

11 novimber 2022, 9 desimber 2022, 13 jannewaris 2023, 10 febrewaris 2023, 10 mrt 2023, 14 april 2023