Slagge ekskurzje nei it Sealterlân

Op freed 29 novimber gie in bus mei fertsjintwurdigers fan de EBLT-lidorganisaasjes nei gemeente Saterland yn Dútslân, om mear te learen oer it Sealterfrysk, it Seelterfräisk. De ekskurzje wie organisearre troch it EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum. It doel fan de ekskurzje wie om mear te learen oer de taal, de erkenning en de taalbefoardering.

Groepsfoto foar it Sealterfryske kultuerhûs, yn Skäddel. Foto: EBLT


Moeting mei Sealterfryske fertsjintwurdigers

Moarns yn it Riedhûs yn Ramsloh/ Roomelse stie de kofje klear en waard de groep wolkom hjitten troch boargemaster Thomas Otto. Dosinte Edith Sassen fertelde oer de lesmetoade foar de basisskoalle, Seeltersk Lopt, en sette de groep drekst oan it wurk om op boartlike wize it Sealterfrysk te learen. Ynstek is om de lessen op in positive wize te jaan: “Saterfriesisch macht Spaß!” Henk Wolf, wissenschaftlicher Beauftragter für Saterfriesisch, fertelde oer de taalsituaasje en it wurk fan it Seeltersk Kontoor foar it befoarderjen fan de taal en it taalûnderwiis.

Nei it middeisiten, koe it it typyske Dútske iten fertrêde wurde yn ‘e frisse lucht by it Seelterlounde Leerpaad, yn Sedelsberg/Seedelsbierich. Yn it park stiene rûnom twatalige ynformaasjebuorden (Dútsk en Sealterfrysk) om net allinne te learen oer de natoer yn Sealterlân, mar ek oer de taal.

De dei waard ôfsletten mei kaffee und kuchen by it Seelter Buund yn it Seelterfraïske Kulturhuus, yn Scharrel/ Skäddel. Foarsitter Stephan Dannebaum fertelde oer it Seelter Buund, dat mear as 300 leden hat. Karl-Peter Schramm en Johanna Evers fertelden oer EBLUL (European Bureau for Lesser Used Languages), de Dútske ôfdieling fan it EBLT, dat dizze desimber opheft wurde sil, mei’t der oare organisaasjes en ynstituten binne dy’t de taalminderheden yn Dútslân fertsjintwurdigje, bygelyks de Minderheitenrat en Minderheitensekretariat, dy’t sûnt 2005 jier bestean. By de ôfsluter kaam de Sealterfryske les fan de moarns goed te pas, mei’t der doe mei-inoar it Sealterfryske folsliet songen waard, it Seelter Läid.

foto’s: EBLT

It Seeltersk Kontoor hat ek oer de besite skreaun yn Sprachminderheiten aus den Niederlanden besuchen das Saterland

Ynterfrysk Kongres op Sylt ‘Goede freon kom deryn’

It Ynterfrysk Kongres wurdt ien kear yn ‘e trije jier holden, ôfwikseljend yn elk fan de Fryslannen. Yn 2024, fan 31 maaie – 2 juny hat it Ynterfrysk Kongres plak op Sylt.

Dat kongres biedt alle Friezen de gelegenheid om trije dagen mei-inoar te laitsjen, te diskusjearjen en gewoan dingen te dwaan dy’t it bêste beskriuwe dat wy byinoar hearre yn de prachtige natuer op it Noardsee-eilân Sylt. Elkenien is wolkom!
Op Söl’ring, dat yn it Sylter Frysk betsjut: ,goede freon kom deryn’.
»Gur Frinj kum iin!«

Fryske Rie

Ynterfryske gearwurkingsferbân

De Ynterfryske Rie is in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, oftewol de trije seksjes yn West, East en Noard. De leden besteane út de leden fan de Fryske Rieden en it foarsitterskip wikselet om de trije jier. Seksje Noard is oant oant begjin juny foarsitter, dêrnei nimt seksje East it roer oer.

Dêrmei wurdt trije jier ôfsletten mei in rige ynter-Fryske gearkomsten lykas it frouljustreffen, de Hilgelân (Helgoland)-reis, in bestjoersgearkomste, algemiene gearkomsten en in soad ideeën. Nettsjinsteande tsjinwurkjende omstannichheden sa as de koroanakrisis wolle wy sjen nei wat wy berikt hawwe en wêr ‘t wy hinne wolle.

Taheakke it programma en ynformaasje oer opjaan en de kosten.

Dai fon do Seelter/ Dei fan it Sealtersk

Op sneon 24 juny organisearret de Fryske Akademy en it Seeltersk-Kontoor in sympoasium oer it Sealterfrysk, de ‘Tag der Saterfriesen/ Dai fon do Seelter’. It hat plak yn Roomelse (Dútsk: Ramsloh) yn Sealterlân en is ornearre foar in breed publyk. It kongres is fergees tagonklik.

Oer it Sealterfrysk

It Sealterfrysk is it iennichste Frysk dat noch oer is fan it East-Frysk, dat eartiids praat waard tusken de Lauwers en de Wezer. It Sealterfrysk wurdt sprutsen yn Sealterlân, in streek dy’t tusken Oldenburch en Papenburch te finen is. It Sealterfrysk is in taal dy’t swier bedrige is. Der binne noch in foech 1000 – 1500 sprekkers.

Programma

It programma wikselet publykslêzingen ôf mei aktiviteiten fan de Seelter Buund, lykas in kwis, in sketch, folksdûnsjen en sjongerij fan skoalbern. Út Mercator wei sil Katharina Thomas in lêzing jaan, en Bouke Slofstra (Lingua Slofstra) en Eric Hoekstra (Fryske Akademy) steane lyksa op it program. De dei, dy’t fergees tagonklik is, wurdt ôfsletten mei in lêzing yn de Johanniterkapel. It programma kinne jo hjir besjen (pdf).

Sealterfryske grammatika

Op dit stuit is de Fryske Akademy dwaande mei de produksje fan in Ingelske grammatika fan it Sealterfrysk. It projekt wurdt foar in part betelle troch it Niedersächsisches Ministerium für Wissenschaft und Kultur, de Bundesbeauftragte für Kultur und Medien en de gemeente Saterland (Sealterlân). It giet hjir om in jiersubsydzje, dêr’t de Fryske Akademy yn 2021 en 2022 ek al de hân op lei, yn gearwurking mei Henk Wolf (Oldenburgische Landschaft). It projekt wurdt útfierd troch Bouke Slofstra fan taalburo Lingua Slofstra en Eric Hoekstra út ‘e Fryske Akademy wei. Earder al wurken hja oan de Dútsktalige grammatika fan it Sealtersk, de Sprachlehre des Saterfriesischen 2022

Oanmelde

Oanmelde foar it fergese publykskongres op 24 juny 2023 yn Ramsloh (DE) kin fia frou T. Kalsbeek, kalsbeek@saterland.de. Mear ynformaasje kinne jo fine op de website fan it Seeltersk-Kontoor fan de Oldenburgische Landschaft.