Game fan Mercator/ Fryske Akademy wint Belgyske designpriis

De meartalige augmented reality game ‘BabelAR’, ûntwurpen troch in kollektyf fan kennisynstituten út Fryslân, België, Baskenlân en Ierlân, hat de earste priis wûn yn de kategory Digital Product fan de prestizjeuze Belgyske designpriis Henry van de Velde Awards. It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy yn Ljouwert, wie de koördinator fan VirtuLapp, it projektkollektyf dat de game ‘BabelAR’ betocht en ûntwikkele hat. NHL Stenden Hegeskoalle wie teffens nau belutsen by it projekt as associate partner.

Henry van de Velde Awards

De Henry van de Velde Awards binne de meast prestizjeuze designprizen yn België. De Awards, ferneamd nei de belangrike ûntwerper, foarmjouwer en arsjitekt Henry van de Velde, toane en lauwerje sawol nasjonaal as ynternasjonaal Flaamske ûntwerpers, bedriuwen, produkten, projekten, tsjinsten en systemen dy ‘t in positive ympakt hawwe op de maatskippij, it miljeu en de ekonomy.

De útrikking wie tiisdei 8 febrewaris yn it Paleis voor de Schone Kunsten/ Bozar yn Brussel. De Flaamske game-ûntwikkeler fan it VirtuLApp-projekt hat de priis yn ûntfangst nommen. De organisaasje wie yn hannen fan Flanders District of Creativity (Flanders DC) en it Vlaams Agentschap Innoveren & Ondernemen (VLAIO).

De priis is in trofee en de bysûndere mooglikheid om it winners-logo fan de Henry van de Velde Awards te brûken yn alle kommunikaasje-uteringen. Oant 10 april 2022 is BabelAR ek noch te sjen op in spesjale design-eksposysje yn it Paleis voor de Schone Kunsten/ Bozar yn Brussel.

BabelAR

De game ‘BabelAR’ is makke foar bern tusken de 7 en 12 jier âld. Yn dizze augmented reality (AR) game wurkje learlingen mei-inoar gear. It doel fan BabelAR is om learlingen de wearde fan harren (thús)talen sjen te litten en om harren taalkennis te aktivearjen. De game is makke yn 14 talen, wêrûnder it Frysk en it Nederlânsk, en fergees del te laden op iOS en Android.

It spultsje is ûntwikkele binnen VirtuLApp, in trijejierrich projekt yn it troch de Europeeske Uny betelle Erasmus+ programma. De projektkoördinaasje wie yn hannen fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens. De projektpartners binne, neist Mercator, ATiT (Audiovisual Technologies, Informatics and Telecommunications) út België, Luca School of Arts út België, Trinity College Dublin út Ierlân en de Universiteit fan it Baskenlân/ Euskal Herriko Unibertsitatea út Spanje. Prof. Joana Duarte, lektor Meartaligens en Skriftlike Taalfeardigens op de NHL Stenden Hegeskoalle wie nau belutsen by it projekt en de game.

Oer it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen  

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen makket diel út fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje. As ûndersyksynstitút makket Mercator tankber gebrûk fan de mooglikheden dy’t de Fryske sitewaasje biede kin as in laboratoarium fan meartalichheid. Tagelyk makket Mercator foaroprinnend ûndersyk en nijsgjirrige ûntjouwings út minderheidstaleregio’s tagonklik foar beliedsmakkers en oare belanghawwenden yn Fryslân.  

Webinar: Welcome back to the Multilingual Classroom!

Op 15 septimber is der in ynteraktive webinar fan it projekt VirtuLApp. De webinar is der foar elk dy’t nijsgjirrich is nei lesjaan en de meartalige klasse.

  • Learkrêften sille harren ûnderfining mei de meartalige klasse diele,;
  • middels om learkrêften te stypjen sil taljochten wurde;
  • de meartalige game BabelAR sil demonstrearre en taljochten wurde

De webinar hat online plak op woansdei 15 septimber, fan 15:00 oant 17:00 oere. De fiertaal is Ingelsk en opjefte is fergees.

VirtuLApp is in projekt om dosinten de kennis en middels te jaan om meartaligens wolkom te hjitten op de basisskoalle. It wurdt koördinearre troch Mercator Europeesk Kennissintrum, dat ûnderbrocht is by de Fryske Akademy.

Sjoch op de webside fan VirtuLApp foar mear ynformaasje oer it projekt en om dy op te jaan foar de webinar.

BabelAR: in meartalige game foar elke klasse

De game BabelAR wurdt hjoed lansearre troch it Erasmus+ projekt VirtuLApp, dat Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen koördinearret. It doel fan BabelAR is om learlingen de wearde fan harren (thús)talen sjen te litten en om harren taalkennis te aktivearjen. Fierder makket it learkrêften bewuster fan meartaligens yn de klasse en fan de wearde fan meartalich ûnderwiis. Yn de kommende wiken nûget VirtuLApp skoallen en learkrêften út om de game del te laden en te spyljen yn de #BabelARchallenge. 

Mear ynformaasje oer BabelAR en de #BabelARchallenge is te finen www.virtulapp.eu

Game

De game BabelAR is it nijste ynstrumint ûntwikkele troch VirtuLApp (Virtual Language App). BabeLAR is makke foar bern tusken de 7 en 12 jier âld, en is fergees te ferkrijen op tastellen mei iOS of Android. Yn de Augmented Reality (AR) game sille learlingen mei-inoar wurkje. Se hawwe harren taal/talen en taalkennis nedich om it wêzentsje Babel te helpen, dat spitigernôch al syn taalkennis kwyt rekke is. Standert-, minderheids- migrante- en kurrikulumtalen binne ferwurke yn de game, dy’t spile wurde kin mei fjirtjin talen, ek it Nederlânsk en it Frysk. Babel nimt net allinne de learlingen mei op in tale-aventoer, mar ek nei trije wrâlden yn Augmented Reality. Yn ien sa’n wrâld rint in swarm bisten oer de flier fan it klasselokaal. Learlingen dy’t de game al spile hawwe wiene tige entûsjast.

#BabelARchallenge

Der is mear om entûsjast oer te wêzen, want VirtuLApp nûget skoallen en learkrêften út om mei te dwaan oan de #BabelARchallenge. De earste 25 dielnimmers ûntfange in presintsje en de winner fan de #BabelARchallenge kriget in kadobon fan €150. Om diel te nimmen sille learkrêften in orizjinele en kreative fideo meitsje fan harren sels en harren learlingen dy’t de game BabelAR spylje. De #BabelARchallenge hat plak oant en mei 5 maaie. 

VirtuLApp

VirtuLApp in trijejierrich projekt yn it troch de Europeeske Uny betelle Erasmus+ programma en wurdt koördinearre troch Mercator Europeesk Kennissintrum, dat ûnderbrocht is by de Fryske Akademy. Projektpartners binne ATiT (België), LUCA School of Arts (België), Trinity College Dublin (Ierlân) en Universidad del País Vasco/Euskal Herriko Unibertsitatea (Spanje).