Fiifde Dei fan de Alvestêdetocht yn Fries Scheepvaart Museum yn Snits

Hoe jouwe we it kulturele en histoaryske belang fan de Alvestêdetocht troch oan jongere generaasjes? Dy fraach stiet sintraal op de fiifde Dei fan de Alvestêdetocht, op moandei 15 jannewaris 2024 yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits.  

Op dizze dei sil sjoernalist en âld-reedrider Sippy Tigchelaar yn petear mei sporthistoarikus Ron Couwenhoven, dy’t de reedrydneilittenskip fan Coen de Koning byinoar brocht en oerdroech oan it Eerste Friese Schaatsmuseum yn Hylpen. De Koning wûn twa kear de Alvestêdetocht (yn 1912 en 1917) en wie wrâldkampioen reedriden. Gauke Bootsma fan it Schaatsmuseum fertelt hokker objekt hy noch hiel graach fine en tentoanstelle wolle soe. En it Fries Film & Audio Archief komt mei unike bylden fan en oer de ‘Tocht der tochten’ yn Snits. Noortje van Baal ûndersocht manieren om de Alvestêdekultuer te behâlden en troch te jaan oan jongere generaasjes en Hester Postma fertelt oer de plannen om de iissporten in plak te jaan yn de fernijde kolleksjepresintaasje fan it Fries Scheepvaart Museum. p ‘t lêst is der noch ien ynterview mei de reedrydfamylje Kooiman (Jan, Ineke Kooiman-van Homoet en Erik Jan).

Oer de Dei fan de Alvestêdetocht

Op 15 jannewaris 1909 waard de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden oprjochte. Dat is dan ek de reden dat 15 jannewaris yn 2019 útroppen waard ta de ‘Dei fan de Alvestêdetocht’. Dy stiet hielendal yn it ramt fan de Alvestêdekultuer, sa’t dy beheard wurdt troch argiven en musea. It giet dus net om de fraach oft we de tocht ea noch krije sille, mar oer de ferantwurdlikheid foar erfgoedynstellings om de reedrydskiednis fêst te lizzen. De Alvestêdetocht heart ta sawol it Fryske as it nasjonale sporterfgoed.  

De Dei fan de Alvestêdetocht wurdt organisearre troch sporthistoarisy Marnix Koolhaas en Jurryt van de Vooren yn gearwurking mei it Fries Film & Audio Archief, it Fries Scheepvaart Museum, Gemeenteargy Súdwest-Fryslân en Tresoar. De presintaasje is yn hannen fan Sippy Tigchelaar.  

Winner Coen de Koning (midden mei de mûtse en snor) nei de finish fan ‘e Alvestêdetocht fan 1917.
Foto: Kolleksje HCL
  • Datum: moandei 15 jannewaris 2024, 13.30 – 16.00 oere
  • Lokaasje: Fries Scheepvaart Museum, Kleinzand 16, 8601 BH Snits
  • Kaarten: € 7,50 p.p. (ynkl. museumentree en 1 konsumpsje)
  • Bestelle fia: www.friesscheepvaartmuseum.nl/elfstedentocht 

Hollânsk boppe, Frysk derûnder

De gemeente Súdwest-Fryslân wol noch dit jier de plaknammen op de kombuorden yn dy gemeente gelyk lûke. By alle doarpen en stêden komt tenei de Nederlânske plaknamme boppe te stean en de Fryske plaknamme dêrûnder. No is it noch sa dat yn de eardere gemeenten Nijefurd en Wymbritseradiel de Fryske namme boppe stiet.

it beslút is nommen út praktyske oerwagings en moat los sjoen wurde fan it Fryske taalbelied fan de gemeente, sa seit wethâlder Sinnema. It plaknammebelied leit gefoelich yn Súdwest-Fryslân.

Neffens de topografyske wurkgroep fan de Jongfryske Mienskip soe it beslút yn striid wêze mei it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Neffens dat Hânfêst mei in minderheidstaal der by gemeentlike weryndieling net op achterút gean, en as it Frysk ferhuzet fan it boppeste nei it ûnderste plak op in boerd giet de taal der wol op achterút. Wurdfierder Cor Jousma fan de topografyske wurkgroep hâldt dêrom rekken mei juridyske prosedueres tsjin it plaknammebeslút fan Súdwest-Fryslân.

Boarne: Omrop Fryslân