Minderheidstalen krije op ‘e nij plak yn it Europeesk Parlemint

Der moat op ‘e nij in Europeesk diskusjeplatfoarm foar minderheidstalen komme, sa hat it Europeesk Parlemint hjoed besletten yn Straatsburch. Fia de saneamde ‘yntergroep’ krije fertsjintwurdigers fan etnyske minderheden en minderheidstalen de romte om harren belangen op in Europeesk nivo te behertigjen. Deputearre Eke Folkerts fan de provinsje Fryslân en de Fryske Europarlemintariër Raquel García Hermida-van der Walle (D66) binne entûsjast.

García Hermida-van der Walle wie ien fan de karlûkers om it platfoarm nij libben yn te blazen. “Er zijn altijd veel voorstellen voor dit soort platformen en Europese politieke families mogen er maar een paar steunen. Het was zeker geen uitgemaakte zaak dat deze erdoor zou komen,” leit se út. “Uiteindelijk hebben we voor elkaar gekregen dat ook onze liberale groep haar handtekening zette, zodat we minderheidstalen Europees op de kaart kunnen zetten.”

Mear stipe foar minderheidstalen

García Hermida-van der Walle wol it platfoarm ûnder oare brûke om de Fryske taal yn Brussel op de aginda te setten: “Tijdens mijn campagne heb ik beloofd me hier hard voor te maken, stap één is nu gezet. Vanuit hier kunnen we het Fries, de taal fan it hert, nog een flinke steun in de rug geven.” De Fryske Europarlemintatiër is dwaande mei it opsetten fan in ynternasjonale konferinsje foar in Europeesk inisjatyf wêrmei’t minderheidstalen Europeesk bettere beskerming genietsje soene.

As it inisjatyf útfierd wurdt, soe dat ek mank gean mei mear middels foar it befoarderjen fan Europeeske minderheidstalen. “Dat is niet alleen voor het Fries van belang, maar ook voor de andere minderheidstalen in Europa en de streektalen in Nederland die zich aan de positie van minderheidstalen op kunnen trekken. Kijk bijvoorbeeld naar Limburg, waar met lessen uit Fryslân nu aan de toekomst van het Limburgs wordt gewerkt,” sa seit de Fryske D66-Europarlemintariër.

Raquel García Hermida-van der Walle. Foto: Martijn Beekman

Fryske taaldeputearre entûsjast

Ek de Fryske taaldeputearre Eke Folkerts neamt de komst fan de yntergroep in boppeslach. Folkerts:: “As provinsje sette wy alles op alles foar de Fryske taal en de streektalen. De ôfrûne tiid is der in omslach west yn it tinken yn De Haach, wêrtroch’t it Frysk en de streektalen dêr no hieltyd mear omtinken krije. No is it saak om itselde foar mekoar te krijen yn Brussel.” Folkerts wol graach meikoarten delkomme yn Brussel om mei te praten oer de posysje fan minderheidstalen op Europeesk nivo. Folkerts: “Wy sjogge dat se yn bygelyks Baskelân tsjin deselde saken oanrinne as wy. Dan helpt it ús úteinlik allegear om mei-inoar op te lûken. Dat dit op ‘e nij opsetten wurdt is dus in boppeslach foar ús as Fryslân.”

Biltse taal presintearre yn Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint

Yntergroup_2016It Bilts, Frysk en it Nedersaksysk stiene op 10 maart 2016 op de wurklist fan de Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint yn Straatsburch. EBLT-foarsitter en ‘native speaker’ Froukje de Jong hie de eare om foar de alderearste kear it ferhaal fan it Bilts te fertellen oan in ynteressearre groep fan mear as tritich Europarlemintariërs, fraksjemeiwurkers en lobbyïsten. De Ingelsktalige presintaasje fan De Jong waard simultaan oerset yn it Spaansk, Poals en Hongaarsk. It Bilts is foar de Intergroup nijsgjirrich, omdat de gemeente It Bildt yn febrewaris by it Ryk it fersyk yntsjinne om it Bilts op te nimmen yn it Europeesk Hânfêst fan Regionale en Minderheidstalen. Ut namme fan de Intergroup wie Europarlemintariër Nils Torvalds, in Sweedsktalige Fin, dêrby oanwêzich.

It Bilts waard presintearre as ‘in minderheid yn in minderheid’, mar dêrby ek de aktuele oanlieding: Troch de gemeentlike weryndieling wurdt it Bilts yn 2018 in minderheidstaal yn eigen gemeente. Foar in lykwichtich taalbelied yn de nije trijetalige gemeente Waadhoeke is it fan belang dat ek it Bilts erkend wurdt, sa lei Froukje de Jong út. Yn it publyk sieten ek in pear Friezen: Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea komplimintearre de Fryske delegaasje mei harren presintaasje. Ek FUEN-lobbyïst Frank de Boer wie by de gearkomste oanwêzich.
Continue reading “Biltse taal presintearre yn Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint”

Papiaments in het Europees Parlement

“Bon dia, danki pa ta aki”. Zo begon Ruben Severina afgelopen donderdag 26 november zijn voordracht in het Europees Parlement in Straatsburg. Voor een publiek van Europarlementariërs van de Intergroup for Traditional Minorities, National Communities and Languages vertelde hij over het Papiaments, legde hij uit welke bedreigingen er op Bonaire zijn voor het Papiaments en onderstreepte hij wat hij verwachtte van de Intergroup. Severina sprak de Europarlementariërs toe als voorzitter van SPLIKA, maar ook namens de op Bonaire gevestigde Akademia Papiamentu. Deze twee organisaties vormen samen met Dushi Papiamentu van Bonaire, Fundacion Lanta Papiamento van Aruba en Instituto Alsa Papiamentu van Curaçao het Platform Papiamentse Unie. Continue reading “Papiaments in het Europees Parlement”