Steaten: koartsje Omrop minder

Foto: Omrop Fryslân
De 17 miljoen euro dy’t it Ryk mei yngong fan 2017 besunigje wol op alle regionale omroppen yn Nederlân, moat net ‘evenredig’ tapast wurde op Omrop Fryslân. Dat sei deputearre Jannewietske de Vries yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten woansdei. Omrop Fryslân is de iennichste regionale omrop dy’t yn it Frysk útstjoert en moat dêrtroch in bredere programmearring ha. Dêr heart ek Frysktalich ‘entertainment’ by en net allinne ynformaasje- en kultuerprogramma’s, sa’t steatssekretaris Sander Dekker wol. Continue reading “Steaten: koartsje Omrop minder”

Frysk better sichtber meitsje

Foto: Omrop Fryslân
De Fryske taal moat better sichtber wurde yn de provinsje. Dat sei deputearre Jannewietske de Vries tongersdei op it kongres fan de NLPD (Network for the Promotion of Linguistic Diversity). De leden fan dizze Europeeske koepelferiening, dy’t de belangen fan streek- en minderheidstalen yn Europa behertiget, binne trije dagen lang yn Fryslân.

Neffens De Vries is it Frysk no benammen in sprutsen taal, mar se wol dat it Frysk ek better op strjitte te sjen is. Projektdirekteur Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018 ûnderskriuwt dy winsk.

It bestjoer fan de Fryske organisaasje EBLT (Europeesk Buro foar Lytse Talen) hat de deputearre dêrom tongersdei in boerd oanbean dêr’t sawol it Nederlânsk as it Frysk op brûkt wurde.

Boarne: Omrop Fryslân

EBLT freget omtinken foar de sichtberens fan it Frysk

EBLT-foarstel foar ferkearsboerden yn Fryslân (ôfbylding Dirk Jan Haarsma)

Op de jiergearkomste fan de Europeeske organisaasje Network for the Promotion of Linguistic Diversity NPLD hat it EBLT deputearre fan kultuer Jannewietske de Vries frege om de kommende jierren omtinken te jaan oan de sichtberens fan it Frysk yn Fryslân. It EBLT die dat troch frou De Vries, dy’t ek foarsitter fan it NPLD is, in foarbyld oan te bieden fan in twatalich ANWB-ferkearsboerd.

It EBLT hat okkerdeis besletten om fan de sichtberens fan it Frysk ien fan de prioriteiten foar de kommende jierren te meitsjen en is dwaande om hjir neiere plannen en foarstellen foar te ûntwikkeljen. Utgongspunt fan dy foarstellen is twataligens: brûk njonken it Nederlânsk ek it Frysk op bygelyks de ANWB-ferkearsboerden en op alle treinstasjons. De twataligens en it Frysk binne dan beide sichtber. Nederlânsktaligen en minsken fan bûten Fryslân, dy’t faak krekt aardichheid oan de twataligens hawwe, wurde dan net útsletten en beide talen komme sa better as no ta syn rjocht.

Yn it ferline is der yn Fryslân gauris striid fierd omdat der in kar makke wurde moast tusken of Nederlânsk of Frysk, wêrtroch der altiten in groep is dy’t him achtersteld fielt. It EBLT wol dizze patstelling graach trochbrekke troch te pleitsjen foar in twatalige benadering.
Continue reading “EBLT freget omtinken foar de sichtberens fan it Frysk”

Jannewietske de Vries president NPLD

 

Jannewietske de Vries

Deputearre Jannewietske de Vries is keazen ta president fan it NPLD. Dizze letters steane foar Network to Promote
Linguistic Diversity. De Vries is op it eilân Korsika keazen. It is foar it earst dat in polityk bestjoerder foarsitter wurdt fan it NPLD.

It Network to Promote Linguistic Diversity is in Europeeske organisaasje . Dy bestiet út 11 regionale oerheden en oerheidsorganisaasjes, dy’t yn de eigen regio ferantwurdlik binne foar it befoarderjen fan meartaligheid, útgeande fan in minderheidstaal. Dêrneist binne 16 net-goevernmentele organisaasjes (ngo’s) oansletten by it NPLD as associate lid.
Continue reading “Jannewietske de Vries president NPLD”

Fûle striid om foarsitterskip

 

Op de jiergearkomste fan minderhedenetwork NPLD yn Corti op Korsika is in spannende striid oan de gong om it foarsitterskip. Jannewietske de Vries en de Korsikaanske minister fan kultuer Pierre Ghionga binne beide kandidaat.

Om har kandidatuer te understreekjen is De Vries ôfreizge nei Korsika mei struibrieven yn it Ingelsk en Spaansk, dêr’t se harsels yn foarstelt. Beide kandidaten krije in kertier om harsels te presintearjen. De Vries die dat yn fjouwer talen: Ingelsk, Fransk, Italiaansk en Spaansk.

It is dreech te foarsizzen hoe’t de stemming utpakke sil. Fan NPLD binne tsientallen regio’s en organisaasjes foar minderheidstalen lid. It NPLD wurdt finansjeel stipe troch de Europeeske kommisje.

Boarne: Omrop Fryslân