Weromsjen: presintaasje fan Kneppelfreed 2021

Mei in soad publyk, sawol yn de steateseal as online, wie op freed 12 novimber de feestlike presintaasje fan Kneppelfreed 2021 mei Peter Boomsma, Piter Wilkens, Pier21 en de gastskriuwers, Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok, advokaat Tjalling van der Goot en âld-boargemaster Johanneke Liemburg. Gastskriuwer en âld-lektor Alex Riemersma koe net oanwêzich wêze. De gearkomste is ek online werom te sjen fia it provinsjehûs.

f.l.n.r: Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok, âld-boargemaster Johanneke Liemburg, advokaat Tjalling van der Goot, skriuwer Peter Boomsma, útjouwer Eddy van der Noord. foto: Arie Bruinsma

Yn 2021 is it 70 jier lyn dat kneppelfreed plakhie. Dêrom hawwe it EBLT, Uitgeverij Louise en Provinsje Fryslân de middei organisearre om stil te stean by it ferline en de takomst fan it Frysk, mei de feestlike presintaasje fan it boek Kneppelfreed 2021 fan skriuwer Peter Boomsma.

Gasthear Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok iepene de gearkomste. Hy is optimistysk oer de takomst fan it Frysk, “mar it is wol wier dat de Friezen noch net útemansipearre binne….” De Kommissaris fan de Kening sjocht dêr ek in rol foar de Friezen sels: “Wy moatte útgean fan eigen krêft! Sels stappen setten bliuwe wat it Frysk oangiet. Sels it goede foarbyld jaan.”

Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok. foto: Arie Bruinsma

Ik bin optimistysk oer de takomst fan it Frysk, it is wol wier dat de Friezen noch net útemansipearre binne….

Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok

Hoe sjogge de skriuwer en gastskriuwers kneppelfreed, 70 jier letter? En wat betsjut it Frysk foar harren? Amarins Geveke gie yn petear mei skriuwer Peter Boomsma en de gastskriuwers advokaat Tjalling van der Goot, âld-lektor Alex Riemersma en âld-boargemaster Johanneke Liemburg en Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok.

Piter Wilkens skreau spesjaal foar de middei in liet oer kneppelfreed. Even siet elkenien yn de rjochtbank yn it jier 1951, mei’t Ali Zijlstra fan Pier21 it publyk meinaam yn twa sênes fan Kneppelfreed.

Nimmen sil my myn taal ûntnimme,
gjin macht, gjin mearderheid, gjin wet,
sûnder pinne en papier of sûnder stimme
myn taal sit yn myn tinzen en myn hert

Piter Wilkens

It earste eksimplaar fan it twatalige boek Kneppelfreed 2021: ferline en takomst fan de Fryske taal/ verleden en toekomst fan de Friese taal gie nei Piety en Sjouke Kramer, dy’t as jongelju op it Saailân der by west hiene yn 1951.

It earste eksimplaar. Foto: Arie Bruinsma

Ta eintsjebeslút kamen útjouwer Eddy van der Noord en EBLT-bestjoerslid Jelle Bangma oan it wurd. Bangma sluet ôf troch njonken it Frysk ek nei oare lytse talen te sjen. It is wichtich om dy talen it iis te brekken en paden te sljochtsjen. “Dat bliuwt nedich yn alle domeinen dêr’t aspekten fan ‘e lytse taal yn ‘e knipe sit, de kop net boppe it meanfjild útstekke mei of op in oare wize der ûnder strûpt.”

De middei is organisearre troch Provinsje Fryslân, Uitgeverij Louise en it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT).
De gearkomste is online werom te sjen fia it provinsjehûs.







Fedde Schurerlêzing

De Fedde Schurerlêzing stiet dit jier fansels yn it teken fan Kneppelfreed. Op sneon 27 novimber is elk fan 14.30 oere ôf wolkom yn de Koperen Tún yn Ljouwert. De tagong is fergees, mar besikers moatte al tagongskaarten oanfreegje by VanPlan. By de yngong sil op de QR-koade kontrolearre wurde. Kaarten kinne hjir oanfrege wurde.

De Fedde Schurerlêzing is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt jierliks organisearre op in saterdeimiddei yn novimber. De lêzing is yn gearwurking mei Tresoar, It HCL en de Leeuwarder Courant. Fan takommend jier ôf ek yn gearwurking mei de Fryske Akademy.

12 novimber boekpresintaasje Kneppelfreed: Ferline en takomst fan de Fryske taal

Yn 2021 is it 70 jier lyn dat kneppelfreed plakhie. Dat is in goed momint om stil te stean by it ferline en takomst fan de Fryske taal. Op freed 12 novimber is dêrom de feestlike presintaasje fan Kneppelfreed 2021 mei Peter Boomsma, Piter Wilkens, Pier21 en de gastskriuwers, Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok, advokaat Tjalling van der Goot, âld-lektor Alex Riemersma en âld-boargemaster Johanneke Liemburg.

Gasthear kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok hjit elkenien wolkom en iepenet de gearkomste. Amarins Geveke, bestjoerslid fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen
(EBLT), laat in fraachpetear mei skriuwer Peter Boomsma en de fjouwer gastskriuwers Arno Brok, advokaat Tjalling van der Goot, âld-lektor Alex Riemersma en âld-boargemaster
Johanneke Liemburg. Boppedat is der in skets út de foarstelling Kneppelfreed fan Pier21 en sjongt Piter Wilkens in spesjaal troch him komponearre liet oer Kneppelfreed.

Utjouwer Eddy van der Noord ljochtet de eftergrûn fan it boek ta en it earste eksimplaar wurdt útrikt. De middei wurdt formeel ôfsletten troch Jelle Bangma, bestjoerslid
fan it EBLT. Nei ôfrin is der in smûke neisit mei in hapke en in drankje.

De middei wurdt organisearre troch it EBLT, Uitgeverij Louise en Provinsje Fryslân op freed 12 novimber 2021 fan 15.00 oant 17.00 oere yn de steateseal fan it provinsjehûs te Ljouwert. Ynrin mei kofje, tee en wat lekkers fan 14.30 oere ôf.

De gearkomste is ek online te sjen fia de live stream fan it provinsjehûs

Tagong allinnich nei oanmelding fia in mail nei it EBLT. Yn it provinsjehûs moatte jo jo koroanatagongsbewiis/QR-koade sjen litte en in mûlkapke drage oant jo by jo sitplak binne.


Taalkundedei 2021 Fryske Akademy

It Taalkundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy organisearret dit jier de 11e Dei fan de Fryske Taalkunde, as ûnderdiel fan de ‘Myn Taal’-fiering om Kneppelfreed hinne.

De 11e Dei fan de Fryske Taalkunde is fan belang foar elkenien dy’t niget hat oan de stúdzje fan it Frysk yn brede sin. Resultaten fan histoarysk, sosjologysk en taalkundich ûndersyk binne wolkom, mar ek presintaasjes fan ûndersyksplannen, spekulaasjes en taalkorpora. Lêzingen meie jûn wurde yn alle Westgermaanske talen.

Fanwege de ‘Myn taal’- moanne is ‘Taalstriid’ it opsjonele kongrestema (konkurrinsje tusken talen, wurden of struktueren). Bydragen fan studinten binne, lykas altyd, fan herte wolkom. Ofhinklik fan it tal ynstjoeringen sil der ek in postersesje wêze.

Wannear: freed 19 novimber 2021, 10.00-1700 oere
Plak: Fryske Akademy (seal Sânwâlden of as it nedich fanwegen de koroanasitewaasje online)
Organisaasje: Taalkundich Wurkferbân
Opjefte: fia Eric Hoekstra

Oprop foar lêzingen

Foar elke lêzing stiet in healoere (20 minuten foar de lêzing, 10 minuten foar fragen).

De Fryske Akademy ropt elk hjirby op om him/har oan te melden foar in lêzing. Stjoer – leafst sa gau mooglik, mar op syn lêst op woansdei 1 septimber – in gearfetting fan in heale A4, mei namme en adres, nei Eric Hoekstra (skriuwer fan it Wurkferbân):