Presintaasje meartalige game om te lêzen mei jonge bern

Elk is fan herte útnûge foar in webinar fan 16:15-17:00 oere ta gelegenheid fan de lansearring fan de nije game (fergees!) fan it Read with MEE-projekt!

Oer de serious game

De Read with MEE-game fertelt it ferhaal fan twa lytse freontsjes dy’t op aventoer gean. Kinne jo harren helpe om de tún te ferkennen en te ûntdekken wat der derachter leit? Dit spultsje jout in moaie gelegenheid om mei jonge bern (2-6 jier) te lêzen – mei âlden, fersoargers of âldere broers en susters – en om mei-inoar oer it ferhaal te praten.

De game wurdt beskikber makke yn it Baskysk, Nederlânsk, Ingelsk, Frysk, Iersk, Poalsk, Roemeensk, Spaansk en Oekraynsk.

Oer Read with MEE

It Erasmus+ projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) ûntwikkelet tools en materiaal om de lêsfeardigens fan jonge meartalige bern (2-6 jier) te befoarderjen.

It projekt spilet yn op in driuwende útdaging yn it ûnderwiis, omdat bern dy’t meartalich opgroeie faak ûngelikense ûnderwiiskânsen hawwe yn ferliking mei harren ientalige leeftydsgenoaten. Troch de ûntwikkeling fan thústalen fan bern te stypjen en te wurdearjen, rjochtet it Read with MEE projekt him op wichtige Europeeske prioriteiten, lykas ynklusy en diversiteit yn it ûnderwiis en it ferbetterjen fan de basisfeardichheden fan jonge bern.

De webinar

De webinar is it Ingelsk.
Mear ynformaasje en de mooglikheid om dy op te jaan is hjir te finen.

Nij fan Afûk: Lês mar sels! – 20 bjusterbaarlike ferhalen

Mei it boek ‘Lês mar sels! 20 bjusterbaarlike ferhalen’ kinne begjinnende lêzers harren Frysk lêzen oefenje en allegear aventoeren belibje. De yllustraasjes fan Keimpe-tekener Aart Cornelissen meitsje it boek ekstra moai om te lêzen. Juf Sija Vellema fan CBS De Ikker yn Blije by de boekpresintaasje: “Moai om te sjen hoe’t de bern lêze, mar ek al skriuwe yn it Frysk! Sels groep 3. Sy hawwe dat noch net oefene, mar it giet no al fansels.

boekgegevens

  • Lês mar sels! – 20 bjusterbaarlike ferhalen
  • Skriuwer: Ferskate skriuwers
  • Tal siden: 101
  • Taal: Frysk
  • Útjouwer: Afûk
  • Utfiering: ynbûn
  • Illustrator: Aart Cornelissen
  • €14,95
  • winkel of websjop fan ‘e Afûk

Lansearring ynteraktive Keimpe-sykplaat op CBS It Fûnemint

Tegearre mei IVN (Instituut Voor Natuureducatie) hat de Afûk in nije ynteraktive sykplaat ûntwikkele fan Keimpe de Krokodil, oer it tema ‘greide en boulân’. Yn dy sykplaat komme in soad fûgels foar, lykas de ljurk en de skries, mar ek wurden lykas aaisykje en neisoarch komme oan bod. Mei de ynteraktive sykplaat wolle IVN en de Afûk bern bewust meitsje fan al it libben yn de greiden en boulannen fan Fryslân. Boppedat leare bern sa op in boartlike wize de Fryske wurden.

“It is dochs te gek dat bern wol witte watfoar bisten der yn de jungle yn Afrika libje, mar net de fûgels yn harren eigen omjouwing kenne?”, seit Pyke Kroes fan IVN. “Mei de sykplaat wolle wy dêr op in boartlike wize feroaring yn bringe, tegearre mei Keimpe.” Keimpe de Krokodil belibbet syn aventoeren yn it Frysk. Hy is gek op lêzen, want troch te lêzen kinst de moaiste aventoeren belibje en alderhande dingen ûntdekke.

Lansearring mei Eke Folkerts

De lansearring fan de nijste ynteraktive sykplaat mei Keimpe de Krokodil is op tongersdei 13 juny 2024. Om 12.30 oere sil deputearre Eke Folkerts op CBS It Fûnemint yn Wommels de sykplaat by de skoalbern lansearje. Folkerts giet mei de bern fan groep 1a op ’e siik nei de ôfbyldingen op de plaat by 20 Fryske wurden dy’t passe by greide en boulân. De groep hat foarôfgeand oan dizze dei ek it ‘ontdekpad’ dien fan Pykje Fjouwer en opdrachten makke by it ferhaal, dus sy sitte al hielendal yn it tema natoer.

Keimpe de Krokodil

Bern fan 4 oant en mei 8 jier kenne Keimpe miskien al. Keimpe de Krokodil stiet foar lêspromoasje yn it Frysk, thús en op skoalle. Hy helpt by it Frysk lêzen en it fergrutsjen fan de Fryske wurdskat. Der binne al 35 ynteraktive sykplaten mei Keimpe makke oer alderhande tema’s. Op de sykplaten speure de bern nei ôfbyldingen by Fryske wurden en fansels hat Keimpe de Krokodil himsels ek ferstoppe yn de plaat. Alle sykplaten binne te finen yn de metoade Spoar 8 . Keimpe hat ek syn eigen sykboek: Wêr is Keimpe?.

De nijste ynteraktive Keimpe-sykplaat ‘Greide en boulân’ is foar de learkrêften fan basisskoallen te finen yn de metoade Spoar 8 en foar elkenien op: www.keimpe.frl.