Projekt ‘Poetic Potatoes’ wint Piter Jellespriis 2019

‘Like simpel as geniaal’
Poetic Potatoes is in literêr útwikselingsprojekt wêrby’t hast fyftich dichters fan Malta en út Fryslân in oade oan de jirpel skreaunen. De sjuery skriuwt yn it rapport: “Het idee was even simpel als geniaal. Een zak pootaardappelen uit Friesland, uit ’t Bildt om preciezer te zijn, ging vergezeld van een gedicht in vertaling en de aardappelen die terug kwamen brachten poëzie van Malta naar Friesland. Het idee heeft ook iets grappigs en een aardser onderwerp voor de poëzie is nauwelijks denkbaar en toch leverde dit uitgangspunt boeiende poëzie op.”

It projekt mingt talen, ierpelboeren, dichters en nasjonaliteiten trochinoar. Poetic Potatoes lit de wearde en de krêft fan it lokale en fan de eigen kultuer sjen, lit de sjuery witte.

Parallel oan dit programma dienen basisskoallen op Malta en yn Fryslân mei troch harren eigen útwikseling. Mei de jirpelgedichten waarden ek gedichten fan skoalbern meistjoerd. Dêrneist waard der in meartalich en literêr lespakket oanbean oan de basisskoallen.

Gearwurking
Yn gearwurking mei Stichting Bildtse Aardappelweken fersoarge ‘de Moanne’ de seleksje fan de gedichten, de oersettings en de dichters. Dat smiet in dichtbondel fan 80 gedichten en oersettingen op. De bondel is te krijen yn ferskate boekhannels en is foar €5,00 ek te bestellen fia: info@bildtseaardappelweken.nl.

Piter Jellespriis
De Piter Jellespriis giet om de fjouwer jier nei in literêr wurk dat troch de taal of troch de kar foar in bepaald ûnderwerp in relaasje mei Fryslân hat. De winner krijt in oarkonde en in bedrach fan 2.500 euro fan de gemeente Ljouwert.

Oernommen fan: De Moanne

It EBLT presintearret de films ‘Cigán’ en ‘Rein sûnder ein’

CIGAN_06-660x380Nei oan lieding fan de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT en Slieker Film dit jier op snein 25 febrewaris de priiswinnende Roma-film Cigán! út Slowakije. Foar de film Cigán! wurken regisseur Martin Sulik en produsint Rudolf Biermann moannenlang yntinsyf gear mei amateur-akteurs út in Roma-mienskip yn it easten fan Slowakije. De film is, en dat is útsûnderlik, foar in grut part sprutsen yn de Romataal. It resultaat is in tige libbene film, dy’t ynsjoch jout yn it hurde libben yn in earme Roma-mienskip op it plattelân.

Der binne twa saken dy’t fleur jouwe oan it libben fan de jonge haadpersoan Adam: de bokssport en syn freondinne Julka. Mar as Julka úthoulike wurdt oan in rike Tsjech en syn heit ûnder mysterieuze omstannichheden stjert krijt Adam it dreech. Syn mem trout mei syn kriminele omke Zigo. En wylst Adam sels graach nei skoalle wol en sporte hat syn omke hiele oare plannen mei him….. In konfrontaasje kin dan ek net útbliuwe. De film Cigán! makke rûnom yn Europa in soad yndruk en skopte it ek ta offisjele Slowaakse ynstjoering foar de Oscar-kategoary bêste film yn in frjemde taal.
Continue reading “It EBLT presintearret de films ‘Cigán’ en ‘Rein sûnder ein’”