Foar ûndersyk nei taaloerdracht yn ’e opfieding binne Afûk en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) op ’e syk nei oansteande âlders en âlders mei jonge bern yn Fryslân. Mei in fragelist wolle sy mear te witten komme oer hoe’t it is om in âlder yn Fryslân te wêzen, mar ek hokfoar stipe âlders graach krije wolle soene wat taal oanbelanget. Bysûnder oan it projekt is dat der sjoen wurdt nei sawol âlders dy’t besletten hawwe om it Frysk troch te jaan oan harren bern as âlders dy’t besletten hawwe om it Frysk net troch te jaan oan harren bern.
Fryske taaloerdracht
It Frysk is klassifisearre as in minderheidstaal mei in kwetsbere taalfitaliteit. Yn ’e lêste desennia is de taal sadwaande hieltyd mear beskerme en befoardere oan de hân fan provinsjaal taalbelied. Dat hat resultearre yn in gruttere ynstitúsjonele stipe foar it Frysk, in sichtberder plak yn ’e media en oare iepenbiere domeinen, en de ynklúzje fan ’e taal yn skoalkurrikula. Boppedat binne der inisjativen om thús de taaloerdracht tusken generaasjes te stimulearjen, om’t it tal âlders dat it Frysk trochjout oan harren bern stadichoan efterút giet.
It ûndersyksprojekt “De Fryske taaloerdracht tusken generaasjes: it befoarderjen fan ’e meartalige opfieding en it stypjen fan (takomstige) âlders” ûndersiket net allinne de âlderlike taalhâldingen, mar ek it brûken fan (of de winsk foar) materialen ûnder Fryskpratende âlders yn Fryslân. In haaddoel fan it projekt is om te witten te kommen hoe’t âlders it bêste stipe wurde kinne yn alle fazen fan in meartalige opfieding.
Ynternasjonale gearwurking
De fragelist is ûnderdiel fan in ûndersyksprojekt dat útfierd wurdt troch ûndersikers fan it European Centre for Minority Issues yn Dútslân, it Mercator Europeesk Kennissintrum (Fryske Akademy) en Afûk. It projekt hat in ûndersykssubsydzje fan de Provinsje Fryslân ûntfongen.
It Frysk sa’t it praat wurdt yn Fryslân is nau besibbe mei it Noard-Frysk dat yn Nordfriesland (Dútslân) praat wurdt. Parallel oan it projekt oer Fryske taaloerdracht tusken generaasjes yn Nederlân wurdt der troch Ruth Kircher (haadûndersiker) wurke oan in ûndersyk nei de Noard-Fryske taaloerdracht tusken generaasjes. Dat soarget derfoar dat in ferliking makke wurde kin tusken de twa Fryskpratende gebieten en it soarget foar oerkoepeljende resultaten dy’t relevant binne foar it taalbehâld en de taalrevitalisaasje oan beide kanten fan ’e grins fan Nederlân en Dútslân.
Fragelist
De fragelist ‘De talen fan ús bern’ stiet no iepen foar oansteande âlders en âlders mei jonge bern (jonger as fiif jier) yn Fryslân. It is ornearre foar sawol Fryskpratende âlders dy’t besletten hawwe om Frysk te praten tsjin de bern as foar Fryskpratende âlders dy’t besletten hawwe om gjin Frysk te praten tsjin de bern. De fragelist is beskikber yn it Frysk en it Nederlânsk.
Links
- Fragelist ‘De talen fan ús bern’: https://ecmi.qualtrics.com/jfe/form/SV_eaZBItSM4s5yNZI
- Afûk: https://afuk.frl
- Mercator Europeesk Kennissintrum: https://www.mercator-research.eu/
- European Centre for Minority Issues: https://www.ecmi.de/
Mear ynformaasje oer it projekt: https://www.mercator-research.eu/projekten/fryske-taaloerdracht-tusken-generaasjes/