Nij Frysk ûndersyk nei taaloerdracht binnen jonge gesinnen

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, Afûk en it European Centre for Minority Issues (ECMI) yn it Dútske Flensburg sille in grutskalich ûndersyk yn Fryslân útfiere nei taaloerdracht binnen jonge gesinnen. De Provinsje Fryslân hat in subsydzje takend oan it projekt ‘The intergenerational transmission of West Frisian: promoting multilingual child-rearing and supporting (future) parents’, dat twa jierren yn beslach nimme sil.

taaloerdracht

Taaloerdracht is belangryk foar it fuortbestean fan in taal. De persoanlike hâlding dy’t minsken oannimme oangeande de (minderheids)taal spilet dêrby in wichtige rol. Ruth Kircher (ECMI), Jelske Dijkstra (Mercator/ Fryske Akademy), Mirjam Vellinga (Afûk) en Suzanne Dekker (Mercator/ Fryske Akademy) sille harren dêrom de kommende twa jierren dwaande hâlde mei ûndersyk nei de taalhâlding fan (takomstige) âlden oangeande it Frysk en it meartalich opgroeien. Dêrút folgjend sil in taalkampagne opstart wurde.

foto: pixabay

It ûndersyk rjochtet him op minsken mei in bernewinsk, takomstige âlden dy’t in poppe ferwachtsje en op âlden dy’t jonge bern ha. Mei it projekt wurdt mei fragelisten yn kaart brocht fan hokfoar ynformaasjeboarnen âlden ferlet hawwe as sy mear witte wolle oer it opbringen fan harren bern mei it Frysk en op hokfoar mominten sy dy ynformaasje ûntfange wolle. De data sille fierder ek ynsjoch jaan yn de motivaasje fan âlden om it Frysk wol of net oer te dragen oan harren bern en liede ta oanrekommandaasjes foar beliedsmakkers. Haadûndersiker Ruth Kircher hat ûnderfining mei ferlykber ûndersyk yn de Frânsk-Ingelske provinsje Quebec yn Kanada. Kircher sil it ûndersyk liede en tagelyk inselde ûndersyk útfiere yn Noard-Fryslân yn Dútslân. Sa kinne beide situaasjes mei-inoar ferlike wurde en der fan inoar leard wurde.

gearwurking

Kircher, Dijkstra, Dekker en Vellinga sille yn alle fazen fan it projekt nau mei inoar gearwurkje, mar it ECMI sil it ûndersyksûntwerp liede. It Mercator Kennissintrum en de Afûk binne ferantwurdlik foar de datasamling. Mercator hat de supervyzje oer de analyze en it rapport. De Afûk liedt dêrnei de bewustwurdingskampanje foar (takomstige) âlden, op basis fan de ûndersyksresultaten. Dêrneist wurde der materialen ûntwikkele foar profesjonals dy’t wurkje mei jonge bern en (takomstige) âlden, lykas ferloskundigen, logopedisten en bernedokters, om harren kennis en bewustwurding oer meartaligens en it Frysk te fergrutsjen.

Oer Mercator

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje oer regionale en minderheidstalen yn Europa. It Mercator Kennissintrum is ûnderdiel fan it wittenskiplik ûndersyksynstitút Fryske Akademy, dat dit jier 85-jier bestiet.

Oer Afûk

Afûk is de promoasje-organisaasje foar de Fryske taal en kultuer en hat sadwaande in ferskaat oan taken op it mêd fan ûnderwiis en taalpromoasje yn en oer it Frysk. Afûk fersoarget taalkursussen en Frysktalige learmiddels, mar jout ek boeken en tydskriften út, ûntwikkelet taal- en bewustwurdingskampanjes en is partner yn ynternasjonale minderheidstaalprojekten.

Oer European Centre for Minority Issues (ECMI)

It ECMI yn Flensburg is binnen Europa in renomearre ynstitút foar de beskerming en fersterking fan de posysje fan minderheden. It is in ûnôfhinklik en ynterdissiplinêr ûndersykssintrum, dat yn 1996 oprjochte waard troch de regearen fan Denemarken, Dútslân en Sleeswyk-Holstein.

Mercator publisearret hânsum oersjoch fan wetten, ôfspraken en ynstellings oangeande it Frysk

Fryslân is in meartalige provinsje: it Nederlânsk en it Frysk binne beide offisjele talen. Dat makket Fryslân, mar ek de rol fan Provinsjale Steaten, bysûnder. Gjin oare provinsje yn Nederlân hat sa’n wiidfiemjend taal- en kultuerbelied mei safolle eigen foech as Fryslân.

Dat betsjut ek dat Provinsjale Steaten in bysûndere ferantwurdlikheid ha om de provinsje te kontrolearjen op de útfiering fan dat belied en it ryk skerp te hâlden as it giet om it neikommen fan ferplichtings foar it Frysk oer dy’t Nederlân oangien is fia ôfspraken, wetten en Europeeske ferdraggen. Mar wat stiet der eins yn dy wetten en wat binne dy Europeeske ferplichtings no krekt, en hoe is it eins regele mei it Frysk yn it ûnderwiis?

Mei dit struibrief wol Mercator in hânsum oersjoch jaan fan de wetten, ôfspraken en ynstellings dy’t mei it Frysk te krijen ha, ornearre foar beliedsmakkers, bestjoerders, folksfertsjintwurdigers en oare belangstellenden.

Suksesfolle premjêre Mittagsstunde op Ynternasjonale Memmetaaldei

Juster wie de Nederlânske premjêre fan de suksesfolle Dútske film Mittagsstunde. De film waard tige goed besocht: de seal wie útferkocht!

De foto’s binne makke troch Geart Tigchelaar.

Mittagstunde is basearre op de bestseller mei deselde titel fan skriuwster Dörte Hansen. Der binne twa ferzjes fan de film makke: ien mei dialogen yn it Platdútsk, en ien mei dialogen yn it Heechdútsk. Op Memmetaaldei wie de Platdútske ferzje te sjen, mei ûndertitels yn it Frysk.

De premjêre waard yn it ramt fan de Ynternasjonale Memmetaaldei organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film.

Sneontemiddei, om 13:30 oere is de film noch in kear te sjen by Slieker Film.

EBLT hellet Dútske filmtopper ‘Mittagsstunde’ nei Ljouwert op Memmetaaldei

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de Nederlânske premjêre fan de suksesfolle Dútske film Mittagsstunde fan regisseur Lars Jessen.De film is basearre op de bestseller mei deselde titel fan skriuwster Dörte Hansen. Der binne twa ferzjes fan de film makke: ien mei dialogen yn it Platdútsk, en ien mei dialogen yn it Heechdútsk. It EBLT presintearret de Platdútske ferzje, mei ûndertitels yn it Frysk.

Mittagsstunde

Mittagsstunde (“middeisoere”) folget universitêr dosint Ingwer (47) út Kiel, dy’t in sabbatical nimt omdat syn âldelju Sönke en Ella op it Noard-Fryske plattelân harren sels net mear rêde kinne. Heit is kwetsber, mar besiket achter de rollator stân te hâlden as kroechbaas en mem is it paad hieltiid mear bjuster. Ingwer komt der al gau achter dat net allinnich syn aldelju feroare binne, mar ek it doarp Brinkebüll. De skoalle en de winkel binne ticht en de kastanjebeammen yn de buorren moatte wike foar de grutte frachtauto’s en lânboumasines. Fan de mienskip is net folle mear oer…

De wat mankelike film Mittagsstunde giet oer de bysûndere famyljeskiednis fan Ingwer en de – ek foar ús Fryslân – tige werkenbere feroarings op it plattelân en wat dy mei de minsken dogge. Wat bynt de plattelânsbewenners noch as alles ferdwynt?

Nederlânske premjêre

Boek én film hawwe yn heech tempo it Dútske taalgebiet ferovere. De film wie de bêst besochte filmhûsfilm fan Dútslân yn de winter fan 2022/2023. De Dútske media wiene loovjend en neamden de film ‘in Noarddútske pearel’ en de film waard priizge as humoristysk, weemoedich en gefoelich.

Mittagsstunde wie net earder te sjen yn in Nederlânske bioskoop of filmhûs. EBLT, Mercator en Slieker bringe dêr feroaring yn en presintearje de film ûnder de Fryske titel Middeisoere. De premjêre wurdt in meartalige fertoaning. Yn de film wurdt neist it Dútsk benammen in soad Platdútsk sprutsen, in taal dy’t besibbe is oan it Nedersaksysk. De film wurdt troch Geertrui Visser foarsjoen fan ûndertitels yn it Frysk.

Ynternasjonale Memmetaaldei

It is alwer de tsiende kear dat it EBLT mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film dokumintêres of films oer en mei taalminderheden presintearje op ’e Ynternasjonale Memmetaaldei.

EBLT

It EBLT is in koepelorgaan dat de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlân neistribbet. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.

Wês wolkom

De film is te te sjen op Ynternasjonale Memmetaaldei, woansdei 21 febrewaris, by Slieker Film, yn Ljouwert om 19:30 oere. De film wurdt nochris werhelle op sneon 24 febrewaris om 13:30 oere. Kaarten binne te ferkrijen foar 11,50,-

Nije Europeeske subsydzje foar Mercator Kennissintrum yn Ljouwert

It Mercator Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen yn Ljouwert, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, hat op ’e nij in Europeeske subsydzje takend krigen. Mei dizze stipe út it Erasmus+ programma foar ûnderwiis & training, jeugd en sport, sil Mercator it projekt Read with MEE koördinearje, dat as doel hat om lêsfeardigens by jonge meartalige bern te stimulearjen en lykweardige edukative kânsen te befoarderjen. It projekt wurdt útfierd yn oparbeidzjen mei partners út Fryslân (NHL Stenden Hegeskoalle en 8D Games), Ierlân, België en Spanje.

Read with Multilingual Early Education (Read with MEE)

Oan ’e ein fan desimber set it Europeeske projekt Read with Multilingual Early Education (Read with MEE) útein. Read with MEE wol de belangrike lêsfeardigens by jonge meartalige bern (tusken de 2 en 6 jier âld) stimulearje en lykweardige edukative kânsen kreëarje. De klam fan it projekt leit by bern dy’t in nasjonale, regionale, migrante- of flechtlingeminderheidstaal prate. Dêrby kin yn Fryslân bygelyks tocht wurde oan Fryske, Biltske, Turkske of Oekraynske bern.

It projekt hat as doel om a) kennis te fergrutsjen oer in ynklusive ûntwikkeling fan meartalige lêsfeardigens, b) ymplemintaasje en ynklúzje fan meartalige lêsfeardigens op foarskoalsk ûnderwiis en thús te stypjen, en c) in positive hâlding te ûntwikkeljen wat taalferskaat en thústalen oangiet.

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen sil dit nije Erasmus+ projekt koördinearje. Partners yn it projekt binne ATiT (België), NHL Stenden  Hegeskoalle (Ljouwert), 8D Games (Ljouwert), Trinity College Dublin (Ierlân) en Universidad del País Vasco (Spanje).

Read with MEE wurdt stipe troch de Europeeske Uny mei in bedrach fan €400.000,-.

foto: Pixabay

Oer Mercator en de Fryske Akademy

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa. It is in ûnôfhinklike en erkende besoarger fan kennis en ynformaasje oer regionale en minderheidstalen yn Europa. It Mercator Kennissintrum bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa.

De Fryske Akademy docht, dielt en fasilitearret wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op taal en meartaligens, skiednis en erfgoed, de minske en syn omjouwing en de ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren; it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf. Fan septimber 2023 oant septimber 2024 fiert de Fryske Akademy it 85-jierrich jubileum.

Noordelijk Film Festival biedt romte oan films yn ‘Memmetaal’ en organisearret panelpetear

Ien fan de nije linen fan it Noordelijk Film Festival, dit jier fan 8 oant en mei 12 novimber yn Ljouwert, is ‘Memmetaal ’. Dit is in programmaline mei films út saneamde lytse taalgebieten.  

It Frysk ferstiet it grutste part fan de besikers fan it Noordelijk Film Festival wol. Mar hoe sit dat mei it Baskysk, Samysk, Nauvhal, Kannada of Marathi? De memmetaal is in wichtige utering fan in kulturele identiteit. De line past dêrom goed yn it oerkoepeljende tema ‘Thús’, dat keazen is foar de 43e edysje fan it filmfestival.  

Y Sŵn mei ynlieding EBLT

Op freed, 10 novimber, om 19:30 oere presintearret it EBLT yn Slieker Film de filmfoarstelling fan Y Sŵn, mei in ynlieding fan Onno Falkena, riejouwer by it EBLT en sjoernalist. De film is troch it EBLT selektearre foar it Memmetaal-programma.

Oer de film

It is 1979, it Feriene Keninkryk wurdt oanstjoerd troch Margaret Thatcher. Mar net elkenien is like wiis mei har politike besluten – foaral de minsken út Wales net. Har tasizzing om nei de ferkiezingen in Welsk televyzjekanaal op te rjochtsjen, moat nammentlik noch wol neikommen wurde. Wannear ‘t Thatcher dizze belofte nei moannen weromdraait, wurdt der flink protestearre yn Wales. Pplitikus Gwynfor Evans giet dêrby yn hongerstaking oant Thatcher weromkomt op har belofte. Getten yn in frisse en humoristyske foarmjout Y Sŵn in krityske blik wer op dy striid.

trailer fan Y Sŵn

Films yn ’e minderheidstaal

Al hast tsien jier presintearret it EBLT op de Ynternasjonale Memmetaaldei in dokumintêre of film yn/oer in minderheidstaal yn de mande mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film. Boppedat freget it EBLT oandacht foar de stipe fan produksje fan films yn ’e minderheidstaal, eat dat hieltyd faker op ’e aginda komt yn ’e Noardlike provinsjes. Rûnom yn Europa wurde der hieltyd mear films yn minderheidstalen makke en it nivo wurdt hieltyd better. Benammen Samyske, Baskyske, Welske en Ierske films lûke de oandacht, wat ek in reden wie dat de Iersktalige Oscar-nominaasje ‘An Cailín Ciúin’ (The Quiet Girl)  te sjen wie mei de lêste Ynternasjonale Memmetaaldei.

Paneldiskusje

Njonken ferskate fertoaningen op it wite doek lykasY Sŵn, is der op tongersdeitemoarn yn Neushoorn yn Ljouwert in paneldiskusje mei filmmakkers, beliedsmakkers en oare ynteressearren. Sintrale fraach: wêr bliuwe de Fryske, Grinzer en Drintske films? En op hokker wize kinne dy bydrage oan de ekonomy yn de regio? Ynternasjonale sprekkers út ferskate lytse taalgebieten diele harren ûnderfinings.  

Ek wurde de resultaten dield út it ûndersyksrapport ‘Hollywood aan de Wadden’ dat yn opdracht fan de provinsje Fryslân útfierd is. Dit ûndersyk lit sjen wat films yn de ‘memmetaal’ opsmite en hoe ’t de Fryske en Noardlike oerheden de regionale film in stimulâns jaan kinne. Deputearre Sijbe knol is oanwêzich om it rapport yn ûntfangst te nimmen.  

Tagong ta it panelpetear is fergees, in kaartsje reservearje is wol needsaaklik. Dat kin fia de webside fan it Noordelijk Film Festival. Op de site stiet ek it folsleine programma, mei dêryn de films yn de line ‘ Memmetaal ’. 

Mercator Meartaligens Lêzing op 28 novimber

De Mercator Meartaligens Lêzing wurdt dit jier jûn troch Dr Sharon Unsworth (Centre for Language Studies, Radboud Universiteit Nijmegen). Op 28 novimber 2023 sil Unsworth in presintaasje hâlde mei de titel ‘What (not) to expect when raising or working with bilingual children’, oftewol: ‘Wat (net) te ferwachtsjen as je twatalige bern opfiede of dermei wurkje.’

De lêzing fynt online plak (fia Zoom), sadat elkenien op ‘e wrâld dielnimme kin.
Dielname is fergees, mar oanmelde is ferplichte.

Europeeske Dei fan de Talen mei rûnetafafelpetear oer “Taal & Rjocht”

Op tiisdeitemiddei 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen, mei it tema “Taal & Rjocht”. Dat wurdt dien mei in rûnetafelpetear, poëzy en muzyk. Nei ôfrin is der in hapke en drankje.

Taal & Rjocht

“Fries wil geen Nederlands praten in rechtbank.” Sa kopte it Dagblad van het Noorden op 18 augustus it krante-artikel oer de rjochter dy’t de Fryske eed fan Jan Benedictus net akseptearre. Mar, sa seit Benedictus: “Dat rjocht haw ik.” Taalferskaat en de rjochtbank, hoe sit dat eins?

Yn in rûnetafelpetear sil dêr oer praat wurde mei:

  • Attje Meekma

Kommisjelid yn Fryslân (CDA) en foarsitter fan it Steatekomitee Frysk

  • Jan Benedictus

Ald-wethâlder fan Skarsterlân en yn it nijs fanwegen de Fryske eed yn de rjochtbank

  • Fieke Gosselaar

strafrjochtjurist by de rjochtbank Noard-Nederlân en streektaalconsulent by it Centrum Groninger Taal & Cultuur

Poëzy

Njonken it rûnetafelpetear is der poëzy fan Grinzer dichteresse Fieke Gosselaar, de Drintske dichteresse Ria Westerhuis. Fieke Gosselaar is net allinne strafrjochtjurist en streektaalconsulent, marsyskriuwt ek, sawol yn it Grinzers as yn it Nederlânsk. Ria Westerhuis skriuwt yn de streektaal fan de Reest – de leechlânbeek en grins tuksen Oerisel en Drinte – en yn it Nederlânsk.

Europeeske Dei fan de Talen

De Europeeske Dei fan de Talen is in inisjatyf fan de Ried fan Europa en wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd. Yn Europa binne der mear as 200 talen. By de Rie fan Europa binne 81 regionale of minderheidstalen erkend fan mei-inoar 206 taalmienskippen. Dat binne talen lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.

EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum

De middei wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy). It EBLT is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy ‘t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, it Biltsk of it Papiamentu. Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa.

Plak & tiid

It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik en sil plakhawwe op tiisdei 26 septimber yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar, oan de Bûterhoeke 1, Ljouwert. Ynrin is om 15:30 oere. It programma begjint om 16:00 oere en einiget mei in hapke en in drankje om 17:30 oere.

Fakatuere Projektmanager Mercator Kennissintrum foar Meartaligens

It Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (Mercator) is yn 1987 oprjochte op inisjatyf fan de Europeeske Kommisje. De misje fan Mercator – ûnderdiel fan de Fryske Akademy – ûnderskriuwt en fersterket de oerkoepeljende misje fan de Fryske Akademy, troch spesifike fokus op it ûndersykjen, fersprieden en tapassen fan kennis op it mêd fan meartaligens en taallearen.

meartaligens en minderheidstalen yn Europa

Mercator rjochtet him benammen op it gebiet fan minderheidstalen yn Europa en makket gebrûk fan Fryslân as laboratoarium fan meartaligens. It wurk omfiemet net allinne autochtoane minderheidstalen, mar ek migrantetalen. Troch wittenskiplike resultaten nei de praktyk te bringen, ferfollet Mercator boppedat in brêgefunksje. It wurk wurdt mooglik makke troch subsydzje fan de Provinsje Fryslân en projektsubsydzjes út programma’s fan de Europeeske Unie. Mei oare wurden, Mercator bringt Europa nei Fryslân en Fryslân nei Europa!

fakatuere

Fanwege pensjonearring fan de sittende projektmanager yn desimber 2023 sykje wy foar it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen in projektmanager Mercator (FRL) / project manager Mercator (ENG) foar 38 oeren wyks /1 fte.

Reaksjes binne wolkom oant moandei 21 augustus 2023.

Mercatorlêzing 3 maaie

Professor Anne Pauwels (SOAS University of London) hâldt op woansdeitemiddei 3 maaie in lêzing oer ‘Exploring multilingual soundscapes in the city’ yn it gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert. Jo binne fan herte wolkom. De lêzing sil yn it Ingelsk wêze en is fergees tagonklik. It begjint om 15:30 oere, nei ôfrin binne jo útnûge foar in hapke en drankje. Graach oanmelde fia de e-mail!

Mear ynformaasje